Solrød is ien fan de santjin gemeenten op it Deenske eilân Sjælland.
De gemeente Solrød leit likernôch 30 kilometer súdlik fan Kopenhagen en hat in 6 kilometer lange kuststripe mei de baai fan Køge (Deensk: Køge Bugt). By de lanlike gemeentlike weryndieling bleau de gemeente selsstannich en mei in oerflak fan 40 km² en de likernôch 22.000 ynwenners is it ien fan de lytste gemeenten fan Denemark.
Yn de gemeente lizze twa grutte plakken, Havdrup and Solrød Strand, en nochris seis lytsere plakken: Karlstrup, Kirke Skensved, Havdrup, Jersie, Naurbjerg en Solrød Landsby.
In grutste diel fan de gemeente wurdt brûkt troch de lânbou. De grûn fan de gemeente heart ta it meast fruchtbere grûn fan Denemark.
Plakken Grutste plakken yn de gemeenteDanmarks Statistikbank Nr Plaknamme Ynwenners (2014) 1 Solrød Strand 15.159 2 Havdrup 3.992 3 Jersie 530 4 Solrød Landsby 476 5 Lille Skensved 60 It grutste diel fan Lille Skensved leit yn de gemeente Køge
Kategory:Gemeente yn Seelân (Deenske regio) Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1970