Johannes "Hans" Belksma (Tsjom, 19 oktober 1884 - Tana Toraja, 3 maart 1942)Genealogy Hensen - Johannes (Hans) Belksma wie in Nederlânsk sindeling fan Frysk komôf.Chris G. F. de Jong. 1996. Ilalang Arenna. Jakarta: BPK Gunung Mulia. p. 686. Hy waard nei Nederlânsk-Ynje útsjoerd troch it Grifformeard Sindingsbûn (Gereformeerde Zendingsbond, GZB) yn Utert.Th. van den End. 1994. Sumber-sumber zending tentang Gereja Toraja. Jakarta: BPK Gunung Mulia. s. 98

Belksma kaam yn maaie 1916 oan yn it regintskip Tana Toraja, Súd-Sulawesi yn Ynje. It Grifformeard Sindingsbûn stelde út om dêr in kweekskoalle te bouwen. Belksma sette dêrnei út ein mei in normaalkursus yn Tana Toraja.J. A. Sarira. 1975. Benih yang Tumbuh 6 - Gereja Toraja. Jakarta: LPS DGI dan BPS Gereja Toraja. S. 25-52 Oant 1942 late er hûnderten ûnderwizers en evangelisten op. Belksma sette ek lieten, psalmen en gesangen oer yn de Torajataal.Opvallend veel Friezen waren betrokken bij de zending op de Molukken, Frysk Deiblêd, 21 oktober 2019.

Syn soan Abraham Belksma wie fan 1928 oant 1945 ûnderwizer en sindeling foar de GZB.

Kategory:Frysk sindeling Kategory:Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau Kategory:Persoan berne yn Tsjom Kategory:Persoan berne yn 1884 Kategory:Persoan stoarn yn 1942