Brønderslev is in Deenske gemeente yn Noard-Jutlân (Deensk: Nordjylland).

De gemeente ûntstie mei de gemeentlike weryndieling fan Denemark yn 2007 troch de gearfoeging fan de eardere gemeenten Brønderslev en Dronninglund. Op de earste riedsgearkomste fan de nije gemeente op 18 jannewaris 2007 waard it beslút nommen om de nije gemeentenamme Brønderslev-Dronninglund fuort mar te feroarjen yn gemeente Brønderslev.

It gemeenteried komt yn Brønderslev by inoar.

Plakken De tsien grutste plakken fan de gemeenteDanmarks Statistikbank Nr Plaknamme Ynwenners (2015) 1 Brønderslev 12.171 2 Hjallerup 3.812 3 Dronninglund 3.348 4 Asaa 1.154 5 Øster Brønderslev 985 6 Klokkerholm 925 7 Jerslev 827 8 Flauenskjold 721 9 Agersted 571 10 Serritslev 500

Kategory:Gemeente yn Noard-Jutlân Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 2007