Arjen Tuiten (De Jouwer, 23 septimber 1980), is in Nederlânske grimeur dy’t oan ferskate Nederlânske en Amerikaanske films meiwurke hat.IMDb Foar syn grime foar de film Wonder út 2017 waard hy yn jannewaris 2018 nominearre foar in Oscar yn de kategory 'Best Hair/Make-up'.Variety.com, 23 jannewaris 2018
Karriêre Nei syn oplieding yn de Feriene Steaten gie Tuiten oan de slach by ferskate Nederlânske films, wêrûnder Zwartboek. Dêrnei fersoarge hy it grimearjen yn de Spaanske film Pan's Labyrinth, dy ’t him bekendheid joech yn de Amerikaanske filmyndustry. Ferskate Hollywoodfilms folgen, wêrûnder LBJ, Maleficent (mei Angelina Jolie), Thor, Iron Man 2 en World War Z. Hy hat in eigen studio yn Los Angeles.
Wonder Wonder, de film dêr’t Tuiten yn 2018 syn Oscar-nominaasje foar krige, giet oer in jonkje mei in mishypt antlit. Ynstee fan avansearre kompjûteranimaasjes waard keazen foar útwreide make-up, dat alle dagen inkele oeren koste om it oan te bringen by de jonge akteur Jacob Tremblay. "Mei visual effects kinst efterôf fan alles realisearje, (mar) mei schmink kinst sels de minsken op de set reitsje. It soarget faak foar bysûndere mominten, al is it mar in pear tellen emoasje," sei Tuiten yn novimber 2017 yn NRC HandelsbladNRC Handelsblad, 28 novimber 2017
Kategory:Frysk fisazjist Kategory:Nederlânsk fisazjist Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne op De Jouwer Kategory:Persoan berne yn 1980