It hartochdom Loataringen, ynearsten bekend as it hartochdom Boppe-Loataringen, wie in hartochdom fan it Hillige Roomske Ryk, dat bestie fan de 10e iuw oant 1766, doe't it anneksearre waard troch it keninkryk Frankryk. It joech syn namme oan 'e hjoeddeistige regio Loataringen yn it noardeasten fan Frankryk. De haadstêd wie Nancy.
It hartochdom waard stifte yn 959-965, nei it opsjalten fan it âlde stamhartochdom Loataringen yn twa ôfsûnderlike hartochdommen: Boppe- en Nederloataringen, de meast westlike parten fan it Hillige Rommske Ryk. It hartochdom Nederloataringen waard yn de 12e iuw ûntbûn, wylst Boppe-Loataringen nei ferrin fan tiid bekend kaam te stean as it hartochdom Loataringen. It hartochdom (Boppe-)Loataringen waard foar in koart skoft beset trch de hartoggen fan Boargonje en de keningen fan Frankryk, mar waard nei 1473 regearre troch it Hûs Loataringen.
Yn 1737 waar it hartochdom takend oan Stanisław Leszczyński, de eardere foarst fan it Poalsk-Litouske Mienebest, dy't syn troan ferlern hie nei de Poalske Suksesjekriich, mei de ôfspraak dat it by syn ferstjerren oan de Frânske kroan tafalle soe. Doe't Stanisław yn 1766 ferstoar, waard Loataringen troch Frankryk anneksearre en omfoarme ta de provinsje Loataringen en Barrois.
Namme Yn it Latyn waard de term Ducatus Lotharingiae algemien brûkt, itjinge oanlieding joech ta de Dútske term Herzogtum Lothringen, wylst yn it Frânsk it Duché de Lorraine. Yn it Alemannysk, dat ea yn 'e regio sprutsen waard, tsjutte it efterheaksel -ingen op "eigendom"/"hearrend ta", lykas yn oare Germaanske dialekten, en betsjut de Dútske term "Lothringen" dus "lân dy't ta Lotharius ta heart", of ienfâldiger "Ryk fan Lotarius".
Skiednis
De foarrinners fan loataringen wiene hartochdommen en keninkriken út it Karolingysk en it tiidrek dêrnei. It oarspronklike hartochdom oan 'e Mûzel (Latyn: Ducatum Mosselicorum) bestie yn 'e earste helte fan de 9e iuw. Nei it Fedrach fan Ferdun yn 84 waard it Frankyske Ryk ferparte yn trije parten. It gebiet fan it lettere Loataringen foel ûnder it Midfrankyske Ryk. Nei it Ferdrach fan Prüm yn 855 waard it Midfrankyske Ryk ferparte en doe ûntstie it keninkryk Loataringen, dat regearre waard troch de keningen Lotarius II (855-869) en Swintibold (895-900). Dat ryk waard omfoarme ta it stamhartochdom Loataringen, dat yn 'e earste helte fan 'e 10e iuw bestie. Yn 953 droech de Dútske kening Otto I it bestjoer fan Loataringen oer oan syn broer Bruno de Grutte, de aartsbiskop fan Keulen, dy't de hartoch fan loataringen waard. Yn 959 ferparte Bruno it hartochdom yn twa ôfsûnderlike rjochtsgebieten; ien foar de súdlike helte (Boppe-Loataringen) en ien foar de noardlike helte (Nederloataringen). Dy ferdieling waard definityf nei syn dea yn 965. It is net wis wêrom't it gebiet yn twa ôfsûnderlike hartochdommen ferparte waard.
Hartochdom Boppe-Loataringen Mei't de súdlike helte fierder "de stream op" yn it rivierstelsel lei, waard dy oantsjut as it "boppeste" hartochdom. Nei ferrin fan tiid ûntstiene der tusken twa hartochlike sintrums skelen oer it rjochtmjittige gebrûk fan Loataringske nammen yn hartochlike titels, dêr't alletwa partijen oanspraak by op makken. Om't it oan 'e rivier de Mûzel lei, stie it súdlike hartochdom ynearsten ek bekend as it Hartochdom fan de Mûzellanen (ducatus Mosellanorum), en benammen yn de 11e en 12e iuw, en dêrnei ek noch wol. De regio waard yn oarkonden ek Mosellania neamd.
Nederloataringen foel útinoar yn ferskate lytsere steatsjes en allinnich de titel fan "hartoch fan Lotier" bleau bestean, yn hannen fan it hartochdom Brabân. Tsjin de tiid dat Boppe-Loataringen yn it besit fan it Hûs Anjou kaam, wiene der al ferskate gebieten ôfspjalte, lykas it greefskip Lúksemboarch, it karfoarstedom Trier, it greefskip Bar en de Trije Bisdommen fan Ferdun, Metz en Toul.
De grins tusken it Hillige Roomske Ryk en it keninkryk Frankryk bleau yn gâns de midsiuwen reedlik stabyl. Yn 1301 moast greve Hindrik III fan Bar it westlike part fan syn lân (Barrois mouvant) as lien krije fan kening Filips IV fan Frankryk. Yn 1475 fierde de Boergondyske hartoch Karel de Stoute in fjildtocht foar it hartochdom Loataringen, mar waard lang om let ferslein en sneuvele yn de Slach by Nancy yn 1477. Yn it Ferdrach fan Chambord fan 1552 stiene in tal opstannige protestantske keizerlike prinsen om Maurits, karfoarst yn Saksen, de Trije Bisdommen ôf oan Hindrik II fan Frankryk yn ruil foar syn stipe.
Troch it ferswakjen fan it keizerlik gesach by de Tritichjierrige Kriich (1618-1648) koe Frankryk it hartochdom yn 1634 besette en hold it oant 1661, doe't Karel IV wer op 'e troan set waard. Yn 1670 foelen de Frânsen fannijs yn, dêr't Karel troch twongen waard en gean yn ballingskip. Syn neef en erfgenamt Karel V (1643-1690) brocht syn libben troch yn tsjinst fan it keizerlik Hûs Habsburch. Frankryk joech it hartochdom werom by de Frede fan Ryswyk fan 1697, dêr't de Njoggenjierrige Kriich troch beëinige waard, en Karel syn soan Leopold (1679-1729) hartoch waard en bekend stie as "Leopold de Grutte". Yn de Spaanske Suksesjekriich fan 1701-1714 waarden parten fan Loataringen, wêrûnder Nancy, fannijs troch Frankryk beset, dochs Leopold bleau regearjen út it kastiel fan Lunéville wei. thumb|right|Portret fan de lêste hartoch fan Loataringen, Frâns Stefan, op in sulveren munt fan 10 paoli, doe't er it Gruthartochdom Toskane erve Yn 1737, nei de Poalske Suksesjekriich, waard it hartochdom tusken Frankryk en de Habsburgers en it Loataringske hûs Vaudémont tawiisd oan Stanisław Leszczyński, de eardere kening fan Poalen. Hy wie tagelyk de skoanheit fan kening Loadewyk XV fan Frankryk en hie justjes earder yn 'e Poalske Suksesjekriich it belies jûn tsjin in gadingmakker dy't troch Ruslân en Eastenryk stipe waard. De hartoch fan Loataringen, Frâns Stefan, ferloofd mei de dochter fan de keizer, aartshartoginne Maria Teresa, waard kompensearre mei it gruthartochdom Toskane, dêr't de lêste Medici-hearsker kreklyn berneleas stoarn wie. Frankryk sei ta ek Maria Teresa te stypjen as erfgenamt fan it Habsburchske besit ûnder de Pragmatyske Sanksje fan 1713. Leszczyński krige Loataringen as betingst dat it by syn ferstjerren oan de Frânske troan tafalle soe. Hy krige de titel "hartoch fan Loataringen, mar it bleau ek yn besit fan Frâns Stefan, en dy titel nimt in promoninte plak yn, yn de titel fan syn opfolgers, as in famyljenamme sûnder oanspraak op 'e troan: it Hûs Habsburch-Loataringen. Doe't Stanisław op 23 febrewaris 1766 ferstoar, waard Loataringen troch Frankryk anneksearre en troch it Frânsk regear reorganisearre ta in provinsje fan Frankryk.
Territoriale evolúsje fan Boppe-Loataringen </center>
Sjoche ek Loataringen (Frankryk), de hjoeddeistige regio Loataringen, it histoaryske keninkryk Nederloataringen Elzas-Loataringen
Keppelings om utens Ynformaasje oer Elzas-Loataringen Lotharingia
Kategory:Loataringen Kategory:Skiednis fan Frankryk Kategory:Skiednis fan Belgje Kategory:Skiednis fan Lúksemboarch Kategory:Skiednis fan Dútslân Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 959 Kategory:Bestjoerlike ienheid opheft yn 1766