Wyldehoarne is in wenwyk yn oanbou op De Jouwer yn de gemeente De Fryske Marren. De namme komt fan de eardere buorskip Wyldehoarne. De oanlis begûn yn it earste desennium fan de 21e iuw. Yn de takomst sil de wyk begrinze wurde troch de Koarte Ekers, Wyldehoarnstersingel, Haskerfjildwei en de wyk Skipsleat. De namme fan de wyk betsjut 'wylde hoeke'.*, "Friese Plaatsnamen", Ljouwert, Friese Pers Boekerij 2007 side 270.

Skiednis Yn 1997 kaam de gemeente Skarsterlân mei plannen foar in nije wenwyk oan de eastkant fan de wyk Skipsleat.Redaksje (7 febrewaris 1997): 'Nieuwe wijk Joure telt 600 woningen', Ljouwerter Krante. De wyk waard neamd nei it buorskip Wyldehoarne of Wyldehoarnsterpolder dy 't eartiids tusken Haskerhoarne en Westermar lei. It wie de opset om yn de wyk 500 oant 600 wenten te bouwen. De nadruk zal meer op groen liggen as op wetter, lykas yn Skipsleat. Ook komen de huizen dichter op elkaar te staan.Redaksje (1 septimber 1997): 'Meer groen en minder water in wijk Joure', Ljouwerter Krante.

Doe't de plannen foar Wyldehoarne makke waarden, wie de fraach nei wenningen grut.Redaksje (25 septimber 1997): 'Skarsterlân eist huizen voor werkers', Ljouwerter Krante. By de bou fan Wyldehoarne yn 2002, sakke de wenningmerk yn. De plannen waarden op leger pitsje setten.B. Wagenaar (18 maaie 2004): '"We hebben ons woonbeleid drastisch herzien"', Ljouwerter Krante. De wenningmerk luts letter wer wat oan, mar oan de ein fan it desennium ûntstie de kredytkrisis wêrtroch't de wenningferkeap stil foel. Yn 2009 waard de bou fan de folgende fazes fan Wyldehoarne foar ûnbepaalde tiid ôfblaasd.Redaksje (26 maart 2009): 'Skarsterlân snijdt fors in bouwplannen', Ljouwerter Krante, side 15.

Wetterwenningen Yn 2001 waarden plannnen presintearre foar 48 wetterwennings yn Wyldehoarne. It wie op dat stuit in unyk projekt yn Fryslân en it luts de oandacht fan ferskate media.Redaksje (5 febrewaris 2001): 'Wonen op water in nieuwe Jouster wijk Wyldehoarne', Ljouwerter Krante. De measte huzen yn dat plan steane op peallen, hawwe gjin tún en binne inkeld mei in rinplanke te berikken. Seis fan dizze wenningen driuwe yndie. It is in dúdlike brek mei de boustyl fan de foargeande wyk Skipsleat. De huzen yn dit plan soene boud wurde oan trije pieren mei in bûgde foarm.P. van der Meulen (1 desimber 2001): 'Wonen in het water', Ljouwerter Krante. Dochs wie der net folle fraach nei de plande wetterwenningen. Yn 2004 makke de gemeente bekend dat der "in minder ambisjeus plan" foar it gebiet ûntwurpen wie. Dit waard de strjitte It Reidlân wêryn twa-ûnder-ien-kapewenningen mei tún kamen te stean.Redactie (10 april 2004): 'Bouw in wijk Joure dit jaar vervolgd', Ljouwerter Krante.

De wyk De wyk bestiet út in tal dielgebieten mei elk in eigen karakter. Oan de súdwestkant fan Wyldehoarne spilet wetter in grutte rol, oan de eastkant hat grien de boppetoan. It strjittenpatroan is folle rjochter as yn earder oanleine wiken lykas it Skippenkertier en Skipsleat. De wichtichste ferkearsier yn Wyldehoarne is Oer de Feart. Dit is de ienige wei dy't ferskillende dielgebieten mei elkoar ferbynt. By foltôging fan de wyk, moat Oer de Feart in trijehoeksfoarm krije.

Yn it súdwestlike dielgebiet hawwe strjitten Fryske nammen lykas De Bleek en It Hiem. Huzen yn dit gebiet binne frijsteande of twa-ûnder-ien-kapewenningen. Oan de noardkant hjirfan leit in dielgebiet dat omsluten wurdt troch wetter. Strjitnammen binne Nederlânsktalich en besteane út in famkesnamme mei it efterheaksel -hoeve, lykas Aliehoeve en Jannahoeve. De pleatsen stiene yn de Haskerfeanpolder oan de Koarte Ekers en De Dolten. Yn dit dielgebiet steane ûnder mear huzen oan it wetter en rychjeswenningen.

Fûgelbuert

Oan de noardkant fan de wyk leit in fiiftal eilannen. Elk eilân is neamd nei in fûgel, bygelyks De Mosk en De Markol. De gemeente Skarsterlân woe dat de buert de meast fûgelfreonlike buert fan Fryslân waard. Om dat klear te krijen waarden nije bewenners ferplichte om trije nêstkasten yn harren gevels te ferwurkjen en krigen se in lidmaatskip fan de Fûgelbeskerming Nederlân. Ek waard yn de buert in 30 meter lange swellemuorre boud.Redaksje (3 april 2008): 'Duurzame wijk Wyldehoarne krijgt oeverzwaluwenwand', Marrennijs, rieplachte op 14 april 2013. De buert waard yn 2009 nominearre foar de Stedsfûgelpriis fan Fûgelbeskerming Nederlân. De priis gie by eintsjebeslüt nei Leien.Redaksje (6 novimber 2009): 'Joure grijpt naast prijs', Ljouwerter Krante.

De buert, dy't om 2008 hinne boud waard, stiet bekend as duorsum. Autowaskjen is dêr ferbean, reinwetter streamt middels goaten werom nei it oerflaktewetter en huzen wurde ferwaarme troch ierdwaarmte en binne dêrom net oansluten op it ierdgasnet. Bewenners krigen wol in goedkeape boufergunning fan de gemeente at se beloofden harren wenning miljeufreonlik te bouwen.F. Wouda (3 april 2008): 'Flitsvergunning voor Jouster woningbouwers', Ljouwerter Krante.

Foarsjennings Wyldehoarne hat net folle eigen foarsjennings. Der stiet bygelyks gjin skoalle yn de wyk en dy sil der nei alle gedachtten ek net komme.Redaksje (31 maart 2007): 'Geen school voor nieuwe wijk Joure', Ljouwerter Krante. Wol hearre it Jouster Strântsje en it oanswettende fierljepskâns, dy't al by de bou fan Skipsleat oanlein binne, offisjeel by Wyldehoarne.'Plankaart Wyldehoarne 3a' besjoen op 12 maart 2013.

Galerij

Kategory:Wyk yn De Jouwer