Hermann Walther von der Dunk (Bonn, 9 oktober 1928 - Bilthoven, 22 augustus 2018) wie in Nederlânsk histoarikus fan Dútsk komôf mei in soad ynfloed. Hy wie fan 1967 oant 1990 heechlearaar hjoeddeiske skiednis oan de Ryksuniversiteit Utert.
Libben en wurk Von der Dunk wie in soan fan Heinrich M. von der Dunk en Ilse Loeb. De famylje Von der Dunk flechte yn 1937 út nazy-Dútslân wei. Von der Dunk sr. koe dêr gjin wurk mear krije, om't er troud wie mei in Joadske frou. Yn Nederlân krige er in baan as learaar oan de Werkplaats Kindergemeenschap yn Bilthoven, de skoalle fan de ûnderwiisfernijer Kees Boeke. Hermann von der Dunk gong ek nei dizze skoalle, dêr't keunst en nifelûnderwiis gelyk wurdearre waard mei taal en rekkenjen. Hy helle it diploma gymnasium-α oan It Nije Lyseum yn datselde plak. Nettsjinsteande de grutte niget oan muzyk, gong er skiednis studearjen by de ferneamde skiedkundige Pieter Geijl.
Nei syn ôfstudearjen die er promoasjeûndersyk oan it Institut für Europäische Geschichte yn Mainz. Tuskentroch wurke er as dosint oan De Werkplaats. Yn 1966 promovearre er yn Utert mei de dissertaasje Der Deutsche Vormärz und Belgien, 1830-1848. In jier letter waard er beneamd ta heechlearaar oan de universiteit dêre yn de skiednis fan nei 1870. Yn 1990 gie er mei betiid emeritaat.
Nei syn emeritaat waard er as publisist noch produktiver as derfoar. Von der Dunk skreau njonken in stikmannich monografyen, bydragen oan dei- en wykblêden, nasjonale en ynternasjonale wittenskiplike tydskriften, ensyklopedyen, hânboeken, it Nasjonaal Biografysk Wurdboek en essays, dêr't in oantal fan yn bondels werprinte is. In ûndersyk yn opdracht fan de Keninklike Nederlânske Akademy fan Wittenskippen dat ûnder syn namme ferskynde is Bevindingen over P.J. Meertens, basearre op literatuer en rieplachte boarnen. Yn 1995 krige hy de Goethe Medaille fan it Dútske Goethe Ynstitút. Yn 2006 ferskynde it rapport fan de Kommisje fan Trije, in ûndersykskommisje nei de opstelling fan Piet Meertens yn de oarlochsjierren dêr't Von der Dunk foarsitter fan wie.
Sekuer besjoen binne de monografyen fan Von der Dunk net monografysk. Hy publisearre by foarkar persoanlik kleurde, mar in bytsje akademyske en maklik lêsbere stikken oer faak komplekse problemen, sa as yn Alle dagen is overgangstijd. Ek syn essays binne fan rjochten net as suver 'essayistysk' te bestimpelje. Mei syn wissichheden, engaazjemint en earnst stie er te fier ôf fan de essayist, mar fûn er wol in protte wurdearring fan it lêzerspublyk.
Von der Dunk wie de heit fan kultuerhistoarikus Thomas von der Dunk en fan Frans von der Dunk, heechlearaar Romte- en Telekommunikaasjerjocht oan de Universiteit fan Nebraska.
Bibliografy Kleio heeft duizend ogen. Over historie en historici, Assen: Van Gorcum & Comp., 1974 Conservatisme, Bussum: Unieboek/Fibula - Van Dishoeck, 1976 De organisatie van het verleden. Over grenzen en mogelijkheden van historische kennis, Bussum: Van Holkema & Warendorf, 1982 Voorbij de verboden drempel. De Shoah in ons geschiedbeeld, Amsterdam: Prometheus, 1990; vijfde, licht gewijzigde druk 1999. Sprekend over identiteit en geschiedenis, Utert/Amsterdam: Teleac/Prometheus, 1992 Twee buren, twee culturen, Amsterdam: Prometheus, 1994 Elke tijd is overgangstijd; opstellen over onze omgang met de geschiedenis, Amsterdam: Prometheus, 1996 De verdwijnende hemel. Over de cultuur van Europa in de twintigste eeuw, 2 dielen, Amsterdam: Meulenhoff, 2000 Mensen, machten, mogelijkheden: historische beschouwingen, 2002, nominearre foar de Jan Hanlo Essaypriis 2003 Cultuurgeschiedenis van Europa. Een hoorcollege Europese cultuur van de 20e eeuw. De Haach: Home Academy Publishers, 2004 (audio-cd) In het huis van de herinnering. Een cultuurhistorische verkenning. Amsterdam: Bert Bakker, 2007 Op schuivende planken; Nederlandse perikelen in het licht van zijn verleden. Amsterdam: Bert Bakker, 2007 Terugblik bij strijklicht. Jeugdherinneringen. Amsterdam: Bert Bakker, 2008 De glimlachende sfinx. Kernvragen in de geschiedenis. Amsterdam: Bert Bakker, 2011 Voordat de voegen kraakten. Student in de jaren vijftig. Amsterdam: Prometheus•Bert Bakker, 2013 De wereld als getal. En andere broze zekerheden. Amsterdam: Bert Bakker, 2016.
Kategory:Nederlânsk skiedkundige Kategory:Nederlânsk heechlearaar Kategory:Heechlearaar oan de Universiteit Utert Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Lid fan de Keninklike Nederlânske Akademy fan Wittenskippen Kategory:Nederlânsk persoan fan Dútsk-Joadsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1928 Kategory:Persoan stoarn yn 2018