Into the Grave (Ingelsk foar: "It Grêf Yn") is in muzykfestival fan trije dagen dat elts jier op in freed en de dêropfolgjende sneon en snein yn 'e simmer holden wurdt yn 'e Fryske haadstêd Ljouwert. It is wijd oan it hardrock-subsjenre heavy metal. Elts jier komme der, op 'e beide dagen dat Into the Grave holden wurdt, sa'n 5.000 minsken op it festival ôf.

Beskriuwing Nei't de plande edysje fan Into the Grave fan 2010 troch boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert ferbean waard út eangst foar ûngeregeldheden, waard it evenemint foar it earst organisearre yn 2011.——, Metalfestival mag dit jaar doorgaan, yn: de Ljouwwerter Krante, 22 juny 2011. Sûnt fynt it elts jier plak op it Aldehoustertsjerkhôf, yn 'e Ljouwerter binnenstêd. Hoewol't organisators Tjerk Maas en Paul van Berlo dat noch altyd in "supertoffe lokaasje" fine, hawwe ferskate swierrichheden al de kop opstutsen, benammen foar de edysje fan 2018.

Yn it ramt fan it projekt Kulturele Haadstêd fan Jeropa 2018 waard nammentlik oan 'e eastein fan it Aldehoustertsjerkhof it paviljoen Obe boud. It gefolch dêrfan wie dat de romte dy't foar it hâlden fan Into the Grave beskikber is, flink ynkoarte waard. It festival koe sadwaande yn 2018 minder besikers talitte as de foargeande jierren, wylst it eins krekt grutter groeie woe. Oan 'e wurknimmers fan Obe of fan Tresoar, oarekant de Grienedyk, lei it neffens de organisators net; dy letten en setten harren op alle mooglike manieren. It wie krekt de gearwurking mei de Gemeente Ljouwert dy't stûke.

Sa woe Into the Grave graach in twadde poadium en in eigen camping hawwe dêr't de besikers oan it twadeiske evenemint oernachtsje koene. Sels seagen se beide graach yn 'e Prinsetún, fuortby it Aldehoustertsjerkhôf, in idee dêr't kollumnist Pieter de Groot yn 'e Ljouwerter Krante tsjin fanwegen kaam. De gemeente hie anno 2018 (noch) gjin thús jûn yn reaksje op dizze plannen fan Into the Grave, wat troch de organisators ynterpretearre waard as in faai teken. Neffens Van Berlo beriedt de organisaasje him sadwaande serieus op in eventuele ferpleatsing fan it muzykfestival. Der wurdt bygelyks tocht oan it fleanfjild fan Drachten. Neffens De Groot soe Into the Grave mei sa'n ferhuzing sawol de Gemeente Smellingerlân as de Gemeente Ljouwert in tsjinst bewize.

Begjin novimber 2018 waard lykwols bekendmakke dat Into the Grave foarearst gewoan op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert bliuwe soe. Dat kaam mei om't de gemeente ûnderwilens oanjûn hie it festival graach foar Ljouwert behâlde te wollen. Der wie dêrom ôfpraat dat der fan 'e edysje fan 2019 ôf njonken it poadium op it Aldehoustertsjerkhôf in twadde poadium komme soe fierder eastlik oan 'e Grienewei, op 'e hichte fan 'e Popbunker yn 'e Prinsetún. Van Berlo joech oan dat er dêrmei "de kommende twa jier wol foarút" koe. Foar de edysje fan 2021 waard noch in nij plak socht, mooglik op 'e Werpsterhoeke of op it parkearterrein by it nije Cambuurstadion efter it WTC. Fierders waard tagelyk ek bekendmakke dat Into the Grave mooglik al yn 2019 útwreide wurdt mei in trêde dei. Dat waard ein jannewaris 2019 befêstige: foar de edysje fan 2019 kaam der in trêde dei, dy't fergees tagonklik wie foar publyk fan 'e oare beide dagen dy't in 'combiticket' sjen litte koene. Op dy wize woe Into the Grave neffens it parseberjocht fan 'e organisaasje "wat weromdwaan" út tank oan Ljouwert en syn ynwenners.——, Derde dag van festival Into the Grave, yn: de Ljouwerter Krante, 26 jannewaris 2019, s. 42. It festival waard yn 2025 fanwegen in keunstprojekt by de Aldehou, hâlden op in parkearterrein by stasjon Ljouwert.Omrop Fryslân, 13-6-2025, Tropyske temperatueren by Into the Grave: "Niet meer een uitzondering" Leeuwarder Courant, 15-6-2025, Keiharde muziek en een biertje in de hand: dit is Into the Grave in Leeuwarden. ‘Sfeer op nieuwe plek is zelfde als altijd’

Optredende bands JierDatum BandsOpm. 2011 13 augustus Devin Townsend Project · Aborted · Mnemic · In Solitude · Karma to Burn · Debauchery · Disintegrate · I ChaosI Chaos waard ferpleatst fan de afterparty nei it haadpoadium en ferfong Waking the Cadaver, en Gama Bomb waard ferfongen troch Karma to Burn. 2012 11 augustus Bolt Thrower · Enslaved · Grave · Hell · Obscura · Corrosion of Conformity · Dew-Scented · Nom De Plume 2013 10 augustus Paradise Lost · Satyricon · DevilDriver · Sodom · Jungle Rot · Heaven's Basement · Bliksem · Stonehawk 2014 9 augustus Megadeth · Vader · Schirenc plays Pungent Stench · Flotsam & Jetsam · Sólstafir · Havok · Vanderbuyst · Hacride · Teethgrinder Gorguts sei ôf en waard ferfongen troch Schirenc plays Pungent Stench. Ek Dagoba liet ferstek gean. 2015 8 augustus Sabaton · Sepultura · Cannibal Corpse · Obituary · Ensiferum · Avatar · Audrey Horne · Betraying the Martyrs · Cornered 2016 12 augustus Slayer · Airbourne · Amaranthe · Scar Symmetry · Vektor · GruesomeAlestorm sei ôf en waard ferfongen troch Korpiklaani 13 augustus Kreator · Carcass · Exodus · Korpiklaani · Voivod · The Black Dahlia Murder · Unearth · Tribulation · Evil Invaders 2017 11 augustus Saxon · Powerwolf · Alestorm · Metal Church · Flotsam & Jetsam · The Charm The Fury 12 augustus Amon Amarth · Arch Enemy · Overkill · Life of Agony · Whitechapel · Sodom · Textures · Pro-Pain · Ember Falls 2018 10 augustus Gojira · Delain · Decapitated · Orden Ogan · Toxic Holocaust · Toxic ShockNails wie befêstige mar blykte dochs net te kommen. ek Metal Allegiance sei ôf en waard ferfongen troch Decapitated 11 augustus Behemoth · Children of Bodom · At the Gates · Paradise Lost · Suicidal Tendencies · Dying Fetus · Gloryhammer · Goatwhore · Dust Bolt 2019 9 augustus Anthrax · Sick of It All · Hypocrisy · Dog Eat Dog · Soilwork · No Turning Back · Prong · Sworn Enemy · For I Am KingBlack Peaks soe de sneins spylje mar moast ferfongen wurde troch Prognosis. 10 augustus Powerwolf · Sacred Reich · Meshuggah · Lacuna Coil · Testament · Ost+Front · Queensrÿche · Jinjer · TesseracT · Alien Weaponry · Battle Beast · Crystal Lake · God Dethroned · Crobot 11 augustus Opeth · Death Angel · The Vintage Caravan · Prognosis · Klone 2022 10 junyCarcass · Peter Pan Speedrock · Decapitated · Heathen · Toxik · Legion of the Damned · Cryptosis · Graceless · Baldrs DraumarObituary, 1914, Spiritbox en Paradise Lost seinen ôf en waard ferfongen troch Death To All, Sisters of Suffocation, Cobra The Impaler en Carcass. 11 juny Alestorm · Gloryhammer · Dark Funeral · Orange Goblin · Flotsam & Jetsam · Cobra The Impaler · Wind Rose · Destruction · Heidevolk · Midnight · Ingested · Night Demon · Sisters of Suffocation · Enforced 12 juny Emperor · Death To All · Orden Ogan · High on Fire · Evil Invaders · Space Chaser · Red Fang · Gatecreeper · Carnation · Ad Infinitum · Urne 2023 9 juny Amorphis · Evergrey · Trollfest · DragonForce · Angus McSix · Blackbriar · Cobra The Impaler · Famyne · Warkings The Sword wie befêstige mar gie yn oktober 2022, rom foar it festival by inoar wei, en waard ferfongen troch Monster Magnet. Bloodywood sei om logistike redenen ôf en waard ferfongen troch Halipron, Exodus sei twa wiken foar it festival ôf fanwege famylje omstannigheden en waard ferfongen troch Cradle of Filth. Cane Hill Sei krekt foar it optreden ôf om't se yn Dútslân fêst stiene yn it ferkear. 10 junyTestament · Cradle of Filth · Bloodbath · Scar Symmetry · The Vintage Caravan · Vreid · Halipron · Psychonaut · Omnium Gatherum · Jungle Rot · Undeath · Necrotted · Kryptos 11 junyJinjer · Clutch · Monster Magnet · Municipal Waste · Born of Osiris · Orbit Culture · Angelus Apatrida · Earthless · Xenos · Spirit Adrift · Chemicide 2024 7 junyFear Factory · Orden Ogan · Fleshgod Apocalypse · Arion · Crypta · Vengeance · Mars Red Sky · Vio-lence · Nephylm 8 juny Slaughter to Prevail · Ne Obliviscaris · Crystal Lake · Halocene · Our Hallow Our Home · Nervosa · Hammok · Hellripper · Brujeria · Bütcher · Sanguisugabogg · Svalbard · Lokust · Ter Ziele 9 juny Paradise Lost · Brutus · Nanowar of Steel · Whiplash · Avatarium · Devastator · Dymytry · Conjurer · Endseeker · The Callous Daoboys · Dvne 202513 juny Savatage · Exodus · Orange Goblin · Coffin Feeder · 3 Inches of Blood · Vulture · Rise of the Northstar · Pro-Pain · Boneripper Festival waard hâlden by stasjon Ljouwert. Municipal Waste, Revnoir en Cattle Decapitation seinen ôf, en waarden ferfongen troch Slomosa, CABAL en Coffin Feeder14 juny W.A.S.P. · Wind Rose · Phil Campbell · Death Angel · Slomosa · Rotting Christ · Elvenking · Insanity Alert · High Parasite · Cobra The Impaler · CABAL · Blood Red Throne · F.K.Ü. · Vilt15 juny Powerwolf · Gloryhammer · Feuerschwanz · Vader · Bildtstar · Hiraes · Bewitcher · Brat · Martyr · Tailgunner 202612 juny Anthrax · Lacuna Coil · Vandenberg · Self Deception · Fimbul Winter · Conan · Picture · Inhuman Nature Autumn sei ôf en waard ferfongen troch Blackbriar.13 juny Mastodon · Queensrÿche · Crimson Glory · The Browning · 1914 · Wings of Steel · Doodseskader · Insanity Alert · The Narrator · Opia · Warfield · State Power14 juny The Gathering · Paleface Swiss · Forbidden · Carach Angren · Rivers of Nihil · Graceless · Blackbriar · Severe Torture · Gnome · Dormant Ordeal · Atmoran

Online edysje 2020 De edysje fan 2020 gie net troch ta gefolch fan de koroana-krisis. Waard earst útsteld oant 2021, mar stiet no foar 2022 op de planning. Yn poppoadium Neushoorn waard yn 2020 in online edysje organisearre. Der wiene in beheind tal kaartsjes beskikber foar de optredens sels. Datum Bands 7 augustus Sisters of Suffocation · Atmoran 8 augustus Famyne · Bring on the Bloodshed · Insurrection 9 augustus Dead Lord · Bodyfarm · The Heritance

Keppelings om utens Offisjele webside fan Into the Grave

Kategory:Evenemint yn Ljouwert Kategory:Weromkearend evenemint ynsteld yn 2011 Kategory:Muzykfestival yn Fryslân Kategory:Metal