Aleksej Petrovitsj Bogoljûbov (Russysk: Алексей Петрович Боголюбов; ûnder Veliki Novgorod, 16 maart 1824 – Parys, 3 febrewaris 1896) wie in Russysk keunstskilder fan meast lânskippen en seegesichten. Bogoljûbovs wurk wurdt rekkene ta it realisme en de Romantyk.

Biografy Bogoljûbov wie in pakesizzer fan de ferneamde Russyske filosoof en skriuwer Aleksander Radistjev. Hy krige in militêre oplieding en tsjinne ynearsten in skoft by de marine. Yn 1949 sette er lykwols út ein mei in stúdzje oan de keunsthegeskoalle fan Sint-Petersburch, dêr't er ûnderrjochte waard troch Maksim Vorovief en ûnder ynfloed kaam fan Ivan Aivazovsky. Fan 1853 ôf oan wijde er him hielendal oan it skilderjen.

Yn 1854 reizge er nei Europa en krige er kunde oan foaroansteande skilders lykas Aleksandr Ivanov en naam er les by Andreas Achenbach. Yn Parys rekke er ûnder de yndruk fan de Skoalle fan Barbizon en waard er in freon fan Camille Corot en Charles-François Daubigny.

Yn 1860 gie Bogoljûbov werom nei Ruslân en reizge er troch de Wolga-regio. Yn 1870 sleat er him oan by de keunstnersgroep De Swalkers en yn 1871 waard er learaar oan de Russyske keunstakademy. Twa jier letter, yn 1873, ferfear er lykwols wer nei Parys, dêr't er yn 1896 weirekke.

Wurk (kar-út)

Keppelingen om utens Biografy Bogoljûbov

Kategory:Russysk keunstskilder Kategory:Russysk ofsier Kategory:Russysk ûnderwizer Kategory:Persoan berne yn 1824 Kategory:Persoan stoarn yn 1896