Sibrand fan Hallum (kleasternamme: Sibrandus; yn Fryslân, ein 12e iuw – Hallum, 1238) wie in Frysk mûnts dy't yn 1230 syn foargonger Siard fan Hallum opfolge as de sechsde abt fan it norbertynske kleaster Mariëngaarde by Hallum. Syn bewâld dêre duorre acht jier, oant syn ferstjerren yn 1238. Jarich fan Hallum (Jaricus), , en , Kerkelijke Historie en Outheden der Zeven Vereenigde Provincien: Vyfde Deel, Behelzende de Outheden en Gestichten van Vriesland tusschen 't Vlie en de Lawers, Leien, 1726. folge Sibrand fan Hallum op.
Vita Fretherici Sibrand waard benammen bekend as de auteur fan it yn it Latyn skreaune hilligelibben Vita Fretherici, oer de hillige Freark fan Hallum. Dat wie de earste abt fan Mariëngaarde, dy't it kleaster yn 1163 stifte. Nei eigen sizzen skreau Sibrand dat wurk om't er dêr in fersyk ta krigen hie fan Gertrude, de prioresse fan it Kleaster Betlehem by Bartlehiem (dat út Mariëngaarde ûntstien wie), en fan Bernilde, in foaroansteande non yn dat kleaster. Hoewol't Sibrand it libben fan syn yllústere foargonger om 1231 hinne beskreau, dus 56 jier nei Freark syn dea, wiene guon minsken dy't him kend hiene doe noch yn libben, sadat Sibrand beskate ferhalen út 'e earste hân optekenje koe.
Kategory:Frysk abt Kategory:Norbertyn Kategory:Frysk publisist Kategory:Hagiograaf Kategory:Persoan berne yn Fryslân (berteplak ûnbekend) Kategory:Persoan stoarn yn Hallum Kategory:Persoan berne yn de 12e iuw Kategory:Persoan stoarn yn 1238