Han van der Horst (folút: Johannes J. van der Horst; Skiedam, 1949) is in Nederlânsk histoarikus. Hy hat ferskate publikaasjes oer histoaryske ûnderwerpen op syn namme stean, en is dêrnjonken aktyf as blogger op 'e opinywebside Joop.nl.

Libben en karriêre Van der Horst waard yn 1949 berne yn it Súdhollânske Skiedam. Hy wurke fan 1978 oant syn pinsjonearring yn 2012 by de Nuffic, in Nederlânske organisaasje foar ynternasjonale gearwurking yn it heger ûnderwiis. Fierders wied er in stikmannich jierren efterinoar boekbesprekker by it VPRO-radioprogramma OVT, dat yn it teken stie fan 'e skiednis. Sels publisearre er ek boeken oer histoaryske ûnderwerpen, dy't skreaun binne op populêr-wittenskiplike toan foar in breed publyk. Utjeften fan him ferskynden û.m. by de útjouwerijen Scriptum, Prometheus en Polak & Van Gennep. Ek is Van der Horst foarsitter fan it Comité Open Monumentendagen Schiedam.

Publikaasjes 1984 – Geen Ideaalmenschen: De Afdeling Schiedam van de SDAP (1899-1917) 1990 – Schiedam in Panorama 1993 – Een Wereldstichting uit Den Haag (in útjefte fan 'e Nuffic; werútjûn yn 2002) 1996 – The Low Sky. Understanding the Dutch / De Lage Hemel: Nederland en de Nederlanders Verklaard 1998 – De Lage Hemel: Een Beeldverhaal 1998 – Spinnende Poezen en Speelse Katjesl Het Werk van Henriëtte Ronner-Knip (1821-1909) 1999 – Schiedam: De Kracht van een Stad 1999 – Rotterdam: De stad en de Rvier 2000 – Linking People Worldwide: Turning Stories into Reality (in útjefte fan 'e Nuffic) 2000 – Nederland: De Vaderlandse Geschiedenis van de Prehistorie tot Nu 2002 – Gezichten van de Nuffic (in útjefte fan 'e Nuffic) 2003 – De Straat van de Zilversmeden: Over Internationale Marketing van Instellingen voor Hoger Onderwijs (in útjefte fan 'e Nuffic) 2004 – Avontuur van Nederland: Van Babyneushoorn tot Hippie: Nederlandse Geschiedenis voor Kinderen 2006 – Buurtbetrokkenheid in Historisch Perspectief: Wanneer Hielden We in Schiedam op met de Stoep Schrobben? 2007 – Onze Premiers (1901-2002): Hun Weg naar de Top 2008 – Een Bijzonder Land: Het Grote Verhaal van de Vaderlandse Geschiedenis 2009 – Schep Vreugde in 't Leven, Zet de Zorgen aan de Kant: Levenslessen uit de Grote Depressie 2010 – Schiedammers van Betekenis 2011 – Een Wereld te Winnen: Historische Aspecten van Internationalisering in het Hoger Onderwijs (in útjefte fan 'e Nuffic y.g.m. útjouwerij Scriptum) 2013 – De Mooiste Jaren van Nederland: 1950-2000 2015 – Nederland en Luxemburg: Twee Eeuwen Parallellen (in útjefte fan it Nederlânsk Ministearje fan Bûtenlânske Saken) 2015 – Handel Dapper, Lessen uit de Strijd om Betaalbaar Wonen in Deventer (haadstik 3 o/m 9) 2017 – Rotterdam, Bruid van de Maas: Van Prehistorie tot Nu 2017 – Een Stadswijk Redt Zichzelf: Schiedam-Nieuwland en Tien Jaar Wijkactieprogramma 2018 – Nepnieuws, een Wereld van Desinformatie 2020 - ''Zwarte Jaren. Nederland in de Tweede Wereldoorlog.

Keppelings om utens Han van der Horst op Twitter

Kategory:Nederlânsk skiedkundige Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Nederlânsk blogger Kategory:Persoan berne yn 1949