Abraham Martinus Sorg (Sappemeer, 1 jannewaris 1738 - Kampen, 6 maart 1825) wie in Nederlânsk arsjitekt.Levensberichten KNAW leden: A.M. Sorg

Libben en wurk Sorg (ek: Sorgh) wie fan likernôch 1770 ôf timmerman en arsjitekt yn Assen. De measte fan syn bern waarden lykwols doopt yn de Lutherske tsjerke yn Grins. Nei 1774 ferboude er ûnder mear it rintmastershûs oan de Brink yn Assen ta Drostehûs.Bos, Jaap (et al.) (1989) Huizen van stand: geschiedenis van de Drentse havezaten en andere herenhuizen en hun bewoners Meppel: útj. Boom, ISBN 90-6009-889-7 Troch dat wurk hie er kunde krigen oan ûntfanger-generaal Johannes fan Lier; foar him boude er yn 1777-1778 de filla Overcingel.Stenvert, Ronald [et.al.] (2001) Drenthe. Monumenten in Nederland, deel 7. Seist: Rijksdienst voor de Monumentenzorg / Swol: Waanders. ISBN 90 400 9454 3 By de bou fan de Koepeltsjerke yn Smilde, in stikmannich jierren letter, krige er skeel mei de oannimmers. Hy waard derfan beskuldige dat er materialen dy't bedoeld wiene foar de tsjerke foar syn eigen hûs (it lettere Hofstedehûs), dat er yn Assen oan it bouwen wie, brûkte.Koepelkerk

Ein 18e iuw ferhuze Sorg fan Assen nei Kampen, dêr't stedsarsjitekt waard. Yn Kampen wie er ûnder mear belutsen by de bou fan in nije spits op de toer fan de Boppetsjerke (1808). Hy waard yn 1816 korrespondint-ynstitút fan de KNAW.

Wurk (kar-út)

Sjoch ek List fan Nederlânske arsjitekten

Kategory:Nederlânsk arsjitekt Kategory:Nederlânsk timmerman Kategory:Grinslânsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1738 Kategory:Persoan stoarn yn 1825