Gertrudis fan Nijvel (ek: Sint-Geartrui; * 626; † 17 maart 659) wie in abdisse fan it Augustinekleaster Nijvel yn Belgje en wurdt yn de roomske tsjerke fereare as hillige.
Libben Gertrudis wie de dochter fan de Pepyn de Aldere, hôfmaster fan Austraasje, en syn frou Ida (of Iduberga) en dêrmei wie hja besibbe oan Karel de Grutte. Doe't Gertrudis fjirtjin waard, ferliet hja it âlderlik hûs om te wenjen yn it troch har mem stifte dûbelkleaster fan Nijvel. Nei de dea fan har mem yn 652 naam Gertrudis oant har fertsjerren de lieding fan it kleaster oer.
As abdisse krige Gertrudis namme troch har grutte soarch foar siken en widdo's. Se joech rûnreizgjende pylgers en selssippen te iten en fersocht Ierske muontsen te kommen om te ûnderwizen yn de Bibel, liturgy en de keunst. Oeral liet hja tsjerken, kapellen skoallen en gasthûzen bouwe.
Gertrudis ferstoar yn de âldens fan 33 jier
Ikonografy Gertrudis wurdt fakentiden yn in benediktynsk habyt mei kromstêf ôfbylde. Hja hat faak in mûs of mear mûzen by har, in boek, in spinwiele, in sylskip of twa ringen oan de rjochter earm.
Ferearing Sint-Gertrudis is beskermhillige fan sikehûzen, earmen, widdo's, pylgers en reizgers. Hja wurdt oanroppen tsjin mûze- en rattepleagen, mar ek by koarts, ekseem en kwalen mei de eagen of senuwoandwanings.
De skryn fan Sint-Gertrudis waard yn 1940 troch in Dútsk bombardemint op de stêd Nijvel yn de Twadde Wrâldkriich ferneatige. Yn de jierren 1990 is in nije skryn makke, wêrby't fragminten fan de midskiuwske skryn yntegrearre binne.
Feestdei De feestdei fan Gertudis wurdt op 17 maart holden.
Fryske Gertrudistsjerken Abbegea: Gertrudistsjerke Achlum: Gertrudistsjerke Baard: Gertrudistsjerke Hynljippen: Grutte of Sint-Gertrudistsjerke Idaerd: Gertrudistsjerke Lytsewierrum: Gertrudistsjerke Peins: Gertrudistsjerke Warkum: Grutte of Sint-Gertrudistsjerke
Ek de tsjerke fan Lichtaard wurdt somtiden mei de namme Gertrudis oantsjut. Dit is lykwols in misfetting dy't stamt út de 19e iuw, doe't der yn de literatuer betizing west hat mei de Gertrudistsjerke fan Lytsewierrum.
Keppeling om utens De hillige op Heilignnet
Kategory:Frankysk non Kategory:Frankysk hillige Kategory:Frankyske adel Kategory:Roomsk-katolyk hillige Kategory:Eastersk-otterdoks hillige Kategory:Persoan berne yn 626 Kategory:Persoan stoarn yn 659