No tankje allegear of Nou tankje God de Hear is in Fryske oersetting fan it Dútske kristlike liet "Nun danket alle Gott" dat yn 1636 skreaun waard troch Martin Rinkart (1586–1649).

Tekst Frysk Lieteboek (1979)ISBN 90 6066 352 7, Frysk Lieteboek, nûmer 103, side 149, Fryske Akademy, Ljouwert, 1979     Lieteboek (1948)Lieteboek, side 144, Musicologysk Wurkforbân fan de Fryske Akademy, Ljouwert, Maertmoanne 1948No tankje allegear mei mûle'en hert en hannen God, dy't syn wûnders die oan ús en alle lannen, dy't fan it earst begjin, fan memmeskurte'ôf oan ús bystie as in heit: sa docht Er hjoed en moarn.

Mei dan dy rike God goedgeunstich om ús tinke en ús de frede'yn't hert en wiere freugde skinke! Barmhertich is de Hear, dy't ús ferloste'út need, syn goedens hat gjin ein, Hy helpt yn alle leed.

Lof Heit en Soan en Geast, mei minske'en ingletonge! Om syn genede'en macht moat al wat libbet sjonge. Fan Him, de iene Hear joech it ferline blyk; it hjoed sprekt fan syn trou, de takomst is syn Ryk.     Nou tankje God de Hear Mei mûle, hert en hannen, Dy't greate dingen die Oan ús en alle lannen. Hy seach yn Kristus ús Altyd genedich oan, Syn heil wie jimmer wis En bliuwt it hjoed en moarn.

Hy wol, de rike God, Goedgunstich om ús tinke En by dit libben al Syn frede'en blydskip skinke. Hy hat ús dizze stoun' Forlost út greate need, Syn goedens sûnder ein Nimt fan ús alle leed.

Lof, ear'en priis de Heit, De soan, ús leave Heare, De Geast, dy't treaste wol En ûnder ús forkeare, De trijeiene God, Dy't stees dezelde wie En is en bliuwe sil, Hwant ivich stiet Syn rie.

Kategory:Fryske oersetting Kategory:Hymne Kategory:Muzikaal wurk út 1636