Klaas de Jong (Feanwâlden, 1966) is in Nederlânsk filmprodusint en muzykmanager fan Frysk komôf.

Biografy De Jong waard berne en opbrocht yn Feanwâlden. Nei it Kristlik lyseum yn Dokkum studearre er elektroanika yn Ljouwert en oan de TU Electronics yn Ynskedee ear't er yn de kreätive sektor oan it wurk gie. Yn 1989 rjochte er it boekingskantoar ProActs op en waard er manager foar ferskate Nederlânske artysten lykas Het Goede Doel, Henk Westbroek, Twarres, De Kast en Treble.

Yn 2010 sette er út ein mei Farmhouse TV & Film, dêr't er ferskate Nederlânske spylfilms mei produsearre. Hy wurke as produsint ûnder oare op mei de regisseurs Steven de Jong en Johan Nijenhuis en de skriuwers Alex van Galen en Lars Boom.

Fan 2010 ôf oant no is De Jong ek bestjoerslid fan Filmproducenten Nederland.

Filmografy De schippers van de Kameleon (2003) Kameleon 2 (2005) Afblijven (2006) Blind (2007) Kicks (2007) Zoop in Zuid-Amerika (2007) Timboektoe (2007) Duska (2007) De scheepsjongens van Bontekoe (2007) Dunya en Desie in Marokko (2008) Alibi (2008) Zomerhitte (2008) Radeloos (2008) Lover of Loser (2008) De Hel van '63 (2009) Gangsterboys (2009) Ernst, Bobbie en het geheim van de Monta Rossa (2010) Penny's Shadow (2010) Bennie Stout (2011) De Heineken Ontvoering (2011) Dolfje Weerwolfje (2011) Süskind (2012) Verliefd op Ibiza (2013) Toscaanse Bruiloft (2014) Apenstreken (2015) Michiel de Ruyter (2015) SneekWeek (2016) Redbad (2018)

Keppelingen om utens Hiemside Webside fan Farmhouse TV & Film Produksje IMDb-profyl

Kategory:Nederlânsk filmprodusint Kategory:Nederlânsk muzykmanager Kategory:Nederlânsk ûndernimmer Kategory:Persoan berne yn Feanwâlden Kategory:Persoan berne yn 1966