Och, bliuw mei Jo genede is in Fryske oersetting fan it Dútske kristlike liet "Ach bleib mit deiner Gnade" dat yn 1627 skreaun waard troch Josua Stegman (1588-1632).

Tekst Frysk Lieteboek (1979)ISBN 90 6066 352 7, Frysk Lieteboek, nûmer 104, side 150, Fryske Akademy, Ljouwert, 1979     Lieteboek (1948)Lieteboek, side 150, Musicologysk Wurkforbân fan de Fryske Akademy, Ljouwert, Maertmoanne 1948Och, bliuw mei Jo genede, Hear Jezus, ús neiby; bewarje'ús by Jo frede tsjin fijâns hearskippij.

Wol mei Jo wurd genêze ús each, fan sûnde blyn: wol ús Ferlosser wêze, en wenje by ús yn!

O, Jo, troch nacht en dize it ljocht fan dizze wrâld, wol ús de wegen wize, dy't liede ta behâld.

Wol ús Jo seine skinke, min al ús earmoed wei en lit Jo goedens blinke oer hiel ús libbenswei.

O, nim ús yn Jo hoede, Jo, ûnferwinbre held, bergje'ús foar Satans woede en wrâlds bretaal geweld!

      Och, bliuw mei Jins genede Us Heare Jezus, nei, Dat nummer ús de wrede Kweafijân skeine mei.

Och, bliuw ús mei de learing Fan 't Wurd, Forlosser, nei; Diel al den dei bikearing As't heechstre goed ús mei.

Och, bliuw ús mei Jins glânze, Ljocht fan de wrâld, neiby; Jins Wierheit wêze'in skânze En nea net wifkje wy.

Och, bliuw ús mei Jins seine, Jo binne mylt en ryk, En lit it kommen eine Fan 't ivich keningkryk.

Och, bliuw mei Jins ûntferming Us neioan, streke helt, En kear mei Jins biskerming Fan ús wrâlds kwea gewelt.

Och, bliuw ús mei Jins trouwe Deunby, Hear, great en goed, Op hwa't ús herten bouwe, Help ús ús soarch en noed.

Kategory:Fryske oersetting Kategory:Hymne Kategory:Muzikaal wurk út 1627