Krasnoje Selo (Russysk: Кра́сное Село́, letterlik Moai doarp) is in stêd yn Ruslân. Bestjoerlik falt Krasnoje Selo ûnder Sint-Petersburch. De stêd leit op likernôch 25 kilometer súdeastlik fan it sintrum fan Sint-Petersburch.
Skiednis De bou fan in papiermûne yn 1719 wurdt as de stiftingsdatum fan de stêd beskôge. Fan 1765 ôf krige it plak in militêre betsjutting en oefene de Sint-Petersburchske garde dêr. Ek ûntstie der in papierfabryk. Yn 'e 19e iuw waard Krasnoje Selo fanwegen it leaflike lânskip populêr by de boppelaach fan de Russyske haadstêd. Tal fan filla's en simmerdatsja's waarden der doe boud en ek de keizerlike famylje hiene dêr in simmerresidinsje.
Yn 1884 teste de loftfeartpionier Aleksander Mosjaiski syn iendekker yn it plak. Foar de Earste Wrâldkriich wie der in fleanfjild, dêr't bygelyks Igor Sikorski it earste fjouwermotoaryske fleantúch fan de wrâld mei sukses testeDe Sikorsky Russky Vityaz.
By Krasnoje Selo waarden yn de hjerst fan 1919 de nei Petrograd optsjende troepen fan de wite generaal Nikolaj Joedenitsj keard en ferslein. Yn 1925 krige Krasnoje Selo stedsrjochten.
Under de blokkade fan Leningrad yn de Twadde Wrâldkriich waard Krasnoje Selo troch de Dútske Wehrmacht beset. It Reade Leger ferovere op 19 jannewaris 1944 de stêd yn it ramt fan de Operaasje Leningrad-Novgorod werom.
Yn 1973 waard de stêd by it stedsgebiet fan it doedestiidske Leningrad yndield.
Untwikkeling befolking Jier Ynwennertal 1897 3.000 1939 12.654 1959 16.286 1970 27.208 2002 44.081 2010 44.323 2017 55.550 Opmerking: Folkstelling 1897 ôfrûne
Kategory:Sint-Petersburch Kategory:Plak yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Plak stifte yn 1719