O Laam fan God, ûnskuldich is in Fryske oersetting fan it Lutherske liet "O Lamm Gottes, unschuldig" dat yn 1531 skreaun waard troch Nikolaus Decius (1485-1541).
Tekst Frysk Lieteboek (1979)ISBN 90 6066 352 7, Frysk Lieteboek, nûmer 99, side 144, Fryske Akademy, Ljouwert, 1979 Lieteboek (1948)Lieteboek, side 135, Musicologysk Wurkforbân fan de Fryske Akademy, Ljouwert, Maertmoanne 1948O Laam fan God, ûnskuldich oan't krúshout slein en slachte, lankmoedich en ferduldich, hoewol sa djip ferachte, Jo dy't Jo libben joegen en al ús sûnden droegen, jou ús genede, o Jezus!
O Laam fan God, ûnskuldich foar ús de dea yn jage, help ús, dat wy geduldich en bliid Jo't krús neidrage, dat wy Jo mear beminne, mei Jo de sûnde'oerwinne jou ús Jo frede, Jezus! O Laem fan God, ûnskuldich Foar ús doemskuld'gen slachte. Altyd bifoun geduldich, Hoewol sa djip forachte. Us sûnde ha Jo droegen, Doe't hja oan't krús Jo sloegen. Erbarmje Jo, o Jezus, Erbarmje Jo, o Jezus.
Kategory:Hymne Kategory:Fryske oersetting Kategory:Muzikaal wurk út 1531