O grutte Kristus, ivich ljocht is in Fryske oersetting fan gesang 383 út it Lieteboek foar de Tsjerken of gesang 12 út de ienige gesangen fan de psalmberiming fan 1773.
Tekst Frysk Lieteboek (1979)ISBN 90 6066 352 7, Frysk Lieteboek, nûmer 100, side 145, Fryske Akademy, Ljouwert, 1979 Lieteboek (1948)Lieteboek, side 133, Musicologysk Wurkforbân fan de Fryske Akademy, Ljouwert, Maertmoanne 1948O grutte Kristus, ivich ljocht, Dy't ek 't ferhoalen libben sjocht, Waans each ús ken en rûnom fynt, ek dêr't gjin sinne'of moanne skynt.
Toan ús Jo goedens en Jo macht, beskermje'ús ek yn dizze nacht, kear fan ús alle help en wee, wês ta ús help en hoede ree.
Ferkwik mei goede rêst ús lea, en wekje'ús wer by 't dagerea; wol dan wer nije krêft ús jaan om al ús wurk mei nocht te dwaan.
Jou dat ús herte dei op dei Jo kommen bliid ferwachtsje mei, omdat wy libje'út dizze grûn: de Hear hat al ús skuld ferjûn.
Beskermje'ús yn 'e bange tiid wannear de sûnde'ús hert bestriidt, en kear de kweade fijân tsjin, dat nea syn macht ús deare kin.
Weitsje'oer Jo tsjerke her en der, jou har yn 't krús Jo freugde wer. Fertreast it herte, wûne'en slein, en help de siken wer oerein.
O Heit, dat ús Jo leafde blyk', o Soan, meitsje'ús Jo byld allyk, o Geast, fernij ús jimmermear, Trij-ienich God, oan Jo de ear. O greate Kristus, ivich ljocht, Dy't alles klear en iepen sjocht, Dy't ús yn 't djipste skûlplak fynt, Ek as gjin sinne'of moanne skynt.
Toan ús Jins goedens en Jins macht Troch Jins biskerming dizze nacht; Bihoedzje'ús trou tsjin ramp en wé En bliuw ta help en treast ús ré.
Forkwik mei goede rêst ús lea En weitsje'ús wer by't dagerea; Wol dan wer nije kreft ús jaen Om al ús wurk mei nocht te dwaen.
Jow dat ús herte dei op dei Jins kommen bliid ferwachtsje mei, Omdat wy libje'ús dizze groun: De Hear hat al ús skuld forjown.
Biskermje'ús yn de nearre tiid Fan sielsforsiking en fan striid En stean de kweade fijân tsjin, Dat nea syn macht ús deare kin.
Weitsje'oer Jins tsjerke her en der, Jow har yn 't krús Jins freugde wer; Bring treast oan 't herte, woune'en slein, En help de siken wer oerein.
O Heit, dat ús Jins leafde blyk', O Soan, meitsje'ús Jo byld allyk, O Geast, fornij ús jimmermear; Trij'ienich God, oan Jo al de'ear!
Kategory:Fryske oersetting Kategory:Hymne Kategory:Muzikaal wurk út 1773