De Nederlânske provinsjes foarmje de regionale bestjoerslaach tusken de ryksoerheid en de gemeenten. It Jeropeeske part fan Nederlân bestiet út tolve provinsjes dy't allegear har eigen folksfertsjintwurdiging en bestjoer hawwe. De provinsjes binne ûnderferparte yn 342 gemeenten. De provinsjes hawwe beskaat foech en taken lykas romtlike oardering, miljeubeskerming en kultuer. Dêrnjonken hâlde se tafersjoch op gemeenten en spylje se op in soad mêden in koördinearjende rol yn gearwurkjen mei gemeenten, oare ynstânsjes en partikuliere ynstânsjes. Op Jeropeesk nivo foarmje de provinsjes de Nederlânske NUTS 2-gebieten.
De provinsjes fan Nederlân binne oansletten by it Ynterprovinsjaal Oerlis (IPO). Dy organisaasje komt op foar de belangen fan de provinsjes by de nasjonale oerheid yn De Haach.
400px|links
Beskriuwing De provinsje mei de grutste befolking is Súd-Hollân, mei in befolking fan goed 3,8 miljoen en is mei in befolkingstichtens fan 1410 ynwenenrs/km² ek it meast ticht befolke. Seelân is mei goed 391.000 ynwenners de provinsje mei de minste ynwenners, wylst Drinte mei 191 ynwenners/km² de tinst befolke provinsje is. Neffens oerflak is Fryslân de grutste provinsje mei in totaal oerflak fan 5.753 km², wylst Gelderlân mei in oerflak fan 4.960 km² de grutste provinsje neffens lânoerflak is. De provinsje Utert is de lytste mei in totaaloerflak fan 1.560 km², wylst Flevolân neffens lânoerflak mei 1.410 km² de lytste is. Der wiene yn 2018 likernôch 10.000 minsken oan 't wurk by provinsjale oerheden.
List fan provinsjes Flagge Provinsje Haadstêd Ynwenners () % Totaal km² Totaal km² lân Totaal km² wetter Ynwenners/km² lân Gemeenten (sûnt 2023) 20px Drinte Assen 2,8 2680 2633 48 192 12 20px Flevolân Lelystêd 2,5 2412 1410 1002 324 6 20px Fryslân Ljouwert 3,7 5753 3340 2413 199 18 20px Gelderlân Arnhim 12,0 5136 4960 176 436 51 20px Grinslân Grins 3,3 2955 2316 639 260 10 20px Limburch Maastricht 6,3 2210 2145 65 529 31 20px Noard-Brabân De Bosk 14,8 5082 4902 181 544 56 20px Noard-Hollân Haarlim 16,6 4092 2663 1429 1124 44 20px Oerisel Swol 6,6 3421 3317 104 361 25 20px Seelân Middelburch 2,2 2933 1780 1154 221 13 20px Súd-Hollân De Haach 21,4 3308 2698 609 1432 50 20px Utert Utert 7,8 1560 1484 76 949 26 20px Nederlân Amsterdam 100 41543 33647 7896 536 342
Skiednis De skiednis fan de measte Nederlânske provinsjes giet werom nei de lette midsiuwen doe't se, lykas de provinsjes fan Belgje, sa goed as selsstannige greefskippen, hartochdommen en oare foarstedommen wiene. Allinnich yn it noarden fan Nederlân foel it gebiet ûnder de Fryske Frijheid, dêr't gjin lânshear de macht útoefene. Yn 'e rin fan de 15e en 16e iuw kamen de measte fan dy gebieten fan it hjoeddeistige Nederlân en Belgje yn hannen fan de hartoggen fan Boergonje en letter de Habsburgers, dy't de ferskate foarstedommen ferienen yn in personele uny. De nije hearskers fierden in sintralisaasjepolityk út dêr't de foarstedommen in soad fan harren selsstannigens by kwytrekken. In part fan de Fryske lannen kamen ek yn hannen fan de Habsburgers en stiften de hearlikheden Fryslân en Stêd en Lân. Al dy gewesten ûnder fan de Habsburchske Nederlannen foarmen yn 1549 de Santjin Provinsjes.
By de Nederlânske Opstân foarmen yn 1579 in tal noardlike provinsjes, dy't oergien wiene op 'e Reformaasje de gearwurkingsferbân fan de Uny fan Utert. Yn 1581 swarden guon fan dy gewesten harren hear, de Spaankse kening Filips II, ôf mei it Plakkaat van Verlatinghe (Akte fan Ofswarring). Dat wurdt ornaris sjoen as it begjin fan Nederlân as in selsstannich lân. Nei't yn 1588 inkelde kearen besocht waarden en beneam in nije lânshear, mislearren giene de gewesten dêr't de opstân sukses hie, fierder as de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen. Dat wie in konfederaasje dêr't de gewesten in grutte mjitte fan selsstannigens yn hiene. Op mêd fan definsje en bûtenlânske saken wurken se mei-inoar, mar oars regelen se harren eigen saken sels. Oars as by de measte provinsjes yn it ferline en hjoed-de-dei, steane de "provinsjes" yn it ferbân fan de Republyk net ûnder in oare oerheidslaach.
De nije Republyk bestie út 'e sân gewesten Hollân, Seelân, Utert, Fryslân, Gelre, Stêd en Lân en Oerisel. Yn de snuorje fan 'e opstân oermastere de Republyk parten fan Flaanderen, Brabân en Limboarch dy't Generaliteitslannen neamd waarden en streekrjocht troch de Steaten-Generaal bestjoerd waarden: Steatsk-Flaanderen, itjinge oerienkomt mei it hjoeddeistige Siuwsk-Flaanderen, Steatsk-Brabân, itjinge oerienkomt mei de hjoeddeistige provinsje Noard-Brabân, en Steatsk-Oermaas, it hjoeddeistige noarden fan Limboarch. It achtste gewest, Drinte, bestjoerde himsels, mar wie net yn 'e Steaten-Generaal fertsjintwurdige.
Yn 1648, mei de ein fan 'e opstân waard de Republyk as in selsstannige naasje erkend troch Spanje en it Hillige Roomske Ryk, dêr't er oant doe noch formeel ûnder foel.
Frânske tiid Mei de Bataafske Revolúsje yn 1795 sette in nij proses fan sintralisaasje útein. De gewesten waarden sels opheft en omfoarme ta departeminten nei Frânsk model. Op 1 jannewaris 1796 waarden Drinte en Steatsk-Brabân (omneamd ta Bataafsk Brabân) de achtste en njoggende provinsjes. Steatsk-Flaanderen en Steatsk-Oermaas waarden part fan Frankryk, dy't de Súdlike Nederlannen ûnderwilens anneksearre hie.
Yn de tiid fan de Bataafske Republyk waard Nederlân fan 1798 oant 1801 yngeand feroare en reorgainsearre ta acht depareminten, dy't hast allegear nij rivieren neamd waarden, nei foarbyld fan Frankyk. Dat moast tefoaren komme dat de âlde provinsjes harren autonomy werom hawwe woene.
Nei trije jier, nei in steatsgreep, waarden de grinzen fan de âlde gewesten fannijs ynfierd, dochs net harren autonome status. Hja bleaune departeminten en Drinte waard oan Oerisel tafoege. Yn 1806 waard de Bataafske Republyk troch it Keninkryk Hollân ferfongen. It eardere gewest Hollân waard foar it earst spjalte mei it departemint Amstellân yn it noarden en it departemint Maaslân yn it suden. Yn 1807 waard East-Fryslân as departemint tafoege en Drinte waard wer fan Oerisel ôfspjalte, dêr't der doe 11 departeminten by wiene.
Doe't Nederlân yn 1810 alhiel by Frankryk foege waard, bleaune de grinzen fan de departeminten hast itselde, guon waarden byinoar foege, mar de nammen waarden feroare, benammen wer nei rivieren, mar oars as by de Bataafske Republyk.
Nijmoderne tiid Nei de Frânske tiid waarden yn 1815 de Noardlike en Súdlike Nederlannen gearfoege ta it Feriene Keninkryk fan 'e Nederlannen. De nije ienheidsteat waard ferparte yn santjin provinsjes, dochs krigen de provinsjes harren âlde autonomy net werom. Ek it ferskil yn status tusken de provinsjes ferdwûn. Drinte en Steats-Brabân, dat no Noard-Brabân hiet, waarden lyksteld mei de oare provinsjes. De oare eardere genearliteitslannen waarden gearfoege mei oare gebieten. Steats-Flaanderen kaam by Seelân en Steats-Oermaas kaam by de nije provinsje Limboarch. Yn 'e Súdliek Nederlannen hongen de grinzen fan de measte provinsjes aardich gear mei de fan d eeardere Frânske departeminten dêre.
Nei de Belgyske Revolúsje yn 1830 skaten de Súdnederlânske provinsjes harren fan it noarden ôf. By it erkennen fan de Belgyske ûnôfhinklikens yn 1839 krige Nederlân it eastlike part fan Limboarch yn ruil foar it westlike part fan it Gruthartochdom Lúksemboarch dat by Belgje bleau. De Nederlânske provinsje Limboarch krige dêrby ynearsten in aparte status. It wie nammers tagelyk as Hartochdom Limboarch ek lid fan de Dútske Bûn. Nei't dy status aparte opheft waard, bleau it provinsjaal bestjoer de titel "Hartochdom" noch fjirtich jier brûken. Ek út dy tiid komt de titel "gûverneur", dêr't yn Limboarch de Kommissaris fan de Kening noch altyd neamd wurdt.
Yn 1840 waard de provinsje Hollân yn twa provinsjes spjlate: Noard-Hollân en Súd-Hollân. Dêrmei waard dy skieding formalisearre dy't al sûnt de Frânske tiid bestien hie, dêr't de provinsje Hollân twa bestjoersintrums by hie.
De provinsje Flevolân ûntstie op 1 jannewaris 1986 út 'e Iselmarpolders.
Yn 1997 waard de offisjele namme fan Fryslân de Frysktalige namme, dy't it Nederlânsktalige Friesland ferfong.
+Provinsje /gewestSûntFuortkommen útOare namenUny fan Utert1579Plakkaat fan Ofswarring1581Sân gewestenUtert158125px Hearlikheid UtertSuderseedepartemint157915811*Noard-Hollân(1581) / 1840(25px Greefskip Hollân) / HollânAmstellân, Suderseedepartemint157915812*Súd-Hollân(1581) / 1840(25px Greefskip Hollân) / HollânMaaslân, Mûnings fan de Maas157915812*Seelân158125px Greefskip SeelânMûnings fan de Skelde157915813*, GeneraliteitslannenGelderlân158125px Hartochdom Gelre en 25px Greefskip Sutfen Boppe-Isel157915814*Fryslân158125px Hearlikheid Fryslân -157915815*Oerisel158825px Hearlikheid OeriselMûnings fan de Isel -15886Grinslân159425px Stêd en Lân Westeriems157915947Drinte(1588)25px Lânskip DrinteWesteriems -1588(8)Noard-Brabân1648 / (1795)25px Hartochdom BrabânSteatsk-Brabân, Bataafsk-Brabân, Brabân, Twa Neten, Mûnings fan de Ryn -(1581)GeneraliteitslannenLimboarch1815 / 1866Leechmaas 25px Hartochdom LimboarchPart Steatsk-Oermaas en Steatsk-Boppe-Gelre - -(Generaliteitslannen)Flevolân1984Sudersee, Urk en Skoklân (Oerisel) - - - - *: De earste fiif gewesten dy't ta de Uny fan Utert yn 1579 oansleaten.
Bestjoer Provinsjale steaten
Provinsjale Steaten foarmje it algemien bestjoer fan de provinsje en steane dus oan it haad. De leden fan de Provinsjale Steaten wurde ienris yn de fjouwer jier keazen en hearre allegear ta politike partijen. It tal leden ferskille de provinsje en binne ôfhinklik fan de grutte fan it ynwennertal fan de provinsje. De Steateleden dy't ta ien partj hearre foarmje in fraksje. Steateleden dy't harren fraksje ferlitte kinne ûnder harren eigen namme of dy fan in nije partij part fan de Provinsjale Steaten bliuwe. Alle fraksjes kieze harren eigen foarsitter, dy't de lieding oan de fraksje jout en foargiet as harren wichtichste wurdfierder. Alle fraksjefoarsitters komme byinoar yn it saneamde "senioarekonvint", lykas der bygelyks gefoelige politike saken besprutsen wurde moatte yn in fertroulike omkriten. Yn d efraksje sels wurdt it wurk ferparte, dêr't net elts Steatelid oeral like folle ferstân troch hoecht te hawwen. Sa binne der foar elts beliedsmêd ien as mear spesjalisten yn de fraksje. De spesjalisten sitte út namme fan harren partij yn de fêste kommisjes fan de Provinsjale Steaten. Alle Steatefraksjes hawwe almeast de stipe fan ien fan harren fraksje-assistinten. De belangen fan de Steaten as ien hiel wurde troch de Steategriffier behertige.
De wichtichste taken fan Provinsjale Steaten binne it fêststellen fan it belied en it tafersjoch op it útfieren dêrfan. Yn Provinsjele Steaeten hawwe alle Steateleden in like swiere stim. Besluten wurde mei in mearderheid fan de oanwêzige Steateleden oannommen. Steateleden hawwe almeast in fêste baan en dogge it Steatewurk yn harren frije tiid. Hja krije foar harren wurk in ûnkostefergoeding.
Deputearre Steaten