Boeing Model 1B & W Seaplane 275pxReplika fan de Boeing B&W Seaplane yn it Museum of Flight, Seattle. Rol Postfleanmasine, trener Makker Boeing Untwerper William Edward Boeing George Conrad Westervelt Earste flecht 15 juny 1916 Yn tsjinst 1916 Ut tsjinst Tal makke 2 (1916) Brûkers Fleanskoalle fan Nij-Seelân Farianten gjin De Boeing Model 1 of B & W Seaplane wie in Amerikaansk wetterfleantúch mei ien motor. It wie it earste produkt fan Boeing en krige de inisjalen fan syn ûntwerpers, William Boeing en George Conrad Westervelt yn de namme.

Untwerp De earste B & W wie klear yn juny 1916 en waard boud yn Boeings boathûs-hangaar op Lake Union yn Seattle, Washington. It tastel wie fan hout, beklaaid mei linnen en hie lûktriedden. Hy like in protte op it Martin-trainingsfleantúch dat Boeing besiet, mar de B & W hie bettere driuwers en in sterkere motor. De earste B & W krige de namme Bluebill en de twadde Mallard. Sy fleagen foar it earst op 15 juny 1916 en letter yn novimber nochris.

Skiednis De twa B & Ws waarden foarlein oan de United States Navy. Nei't de Marine se net hawwe woe, waarden se ferkocht oan de New Zealand Flying School en waarden sadwaande de earste ynternasjonale ferkeap fan it bedriuw. Op 25 juny 1919 festige de B&W in Nij-Seelânsk hichterekord fan goed 1.980 meter. De B & Ws makken de earste offisjele loftpostflecht fan Nij-Seelân op 16 desimber 1919.

Earder brûker

New Zealand Flying School

Technyske gegevens Spesifikaasjes Motor Hall-Scott-A-5-6-sylinder-linemotor Fermogen 93 kW Langte 8,38 m Spanwiidte 15,86 m Fleugeloerflak 53,9 m² Gewicht leech 953 kg startgewicht 1270 kg Heechste faasje 121 km/o Krúsfaasje 108 km/o Klimfaasje 3,56 m/s Maks. fleanhichte 1.981 m Fleanberik 518 km

Kategory:Boeing Kategory:Amerikaanske wetterfleanmasine Kategory:Yntroduksje út 1916