It kabinet-Rutte II, ek wol it kabinet-Rutte-Asscher neamd, wie in Nederlânsk kabinet fan 5 novimber 2012 oant 26 oktober 2017. It bestie út de partijen VVD en PvdA en stie ûnder it foarsitterskip fan Mark Rutte; fise-premier wie Lodewijk Asscher. Yn de Earste Keamer hat it kabinet nea in mearderheid hân, en yn de Twadde Keamer allinnich oant 7 novimber 2016. It wie it earste Nederlânske kabinet sûnt 1998 dat de folsleine regearperioade folmakke en teffens it langstsittende Nederlânske kabinet sûnt de Twadde Wrâldkriich.
Sjoch ek List fan kabinetten fan Nederlân
rutte 2 Kategory:Organisaasje oprjochte yn 2012 Kategory:Organisaasje opheft yn 2017