Foarfallen jannewaris 1 - De Afrikaanske Kontintale Frijhannelssône giet yn. 1 - Kuba ferienet nei 27 jier formeel syn twafâldige faluta. De Kubaanske ynwikselbere peso (CUC) wurdt ynlutsen en de Kubaanske peso (CUP) is fan no ôf oan de iennichste jildige muntienheid. 4 - In Britsk gerjochtshôf leit it near op 'e útlevering fan WikiLeaks-oprjochter Julian Assange oan 'e Feriene Steaten. 5 - Saûdy-Araabje en syn bûngenoaten lizze harren skeel mei Katar by. Sa komt in ein oan 'e Katareeske diplomatike krisis, dy't yn juny 2017 begûn. 5 - By ferkiezings foar de Amerikaanske Senaat yn 'e Amerikaanske steat Georgia ferslane de Demokratyske kandidaten Jon Ossoff en Raphael Warnock de Republikeinske kandidaten David Perdue en Kelly Loeffler. Dêrmei rekket de Amerikaanske Senaat ferdield yn 50 Demokraten en 50 Republikeinen en kin de fise-presidint as foarsitter fan 'e Senaat by stimmings de trochslachjaande stim útbringe. Sadwaande makket it de wei frij foar de trochfiering fan progressive wetjouwing troch it oankommende regear fan presidint-elekt Joe Biden. 6 - Wylst it Amerikaanske Kongres gearkomt yn it Amerikaanske Kapitoal yn Washington, D.C. om 'e útslach fan 'e stimming fan it Elektoraal Kolleezje te bekrêftigjen dat de Demokraat Joe Biden de presidintsferkiezings fan 2020 wûn hat, fynt de Bestoarming fan it Amerikaanske Kapitoal plak. De dieders binne poerrazene oanhingers fan presidint Donald Trump, dy't troch him en oare sprekkers tsjin it Kongres opstokele binne. Der falle fiif deaden, ûnder wa in plysjeman. It ynsidint wurdt klassifisearre as in gefal fan binnenlânsk terrorisme en wurdt rûnom feroardiele. 6 - De plysje yn Hongkong pakt mear as 50 demokrasy-aktivisten op, dy't tsjin lange finzenisstraffen oansjogge. 7 - It tal stjergefallen yn Brazylje, feroarsake troch de koroanafiruspandemy, passearret de 200.000. 11 - It tal minsken dat wrâldwiid oanhelle rekke is mei it koroanafirus passearret de 90 miljoen. 13 - De Amerikaanske presidint Donald Trump wurdt in wike nei de troch him feroarsake Bestoarming fan it Amerikaanske Kapitoal en in wike foar't syn termyn as presidint ôfrint, foar de twadde kear impeacht troch it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen. 15 - By in ierdbeving op it Yndonezyske eilân Selebes fan 6,2 op 'e Skaal fan Richter komme teminsten 35 minsken om. 15 - Wrâldwiid binne der no 2 miljoen minsken ferstoarn oan COVID-19. 15 - Yn Nederlân treedt it Kabinet-Rutte III ôf oer de Taslagge-affêre. 17 - Fiif moannen nei't er troch de geheime tsjinst FSB fergiftige waard, keart opposysjelieder Aleksej Navalny werom nei Ruslân. Hy wurdt fuortendaliks nei oankomst op 'e lofthaven yn opdracht fan it regear fan Vladimir Pûtin oppakt. 19 - It tal stjergefallen yn 'e Feriene Steaten, feroarsake troch de koroanafiruspandemy, passearret de 400.000. 20 - Yn Washington, D.C. wurdt Joe Biden ynsward as de 46e presidint fan 'e Feriene Steaten. Hy is mei 78 jier de âldste nije presidint út 'e Amerikaanske skiednis. Kamala Harris wurdt ynsward as de earste froulike, de earste Afro-Amerikaanske en de earste Súdaziatyske fise-presidint yn 'e skiednis fan 'e Feriene Steaten. 20 - De nije presidint fan 'e Feriene Steaten, Joe Biden, slút syn lân wer oan by it Klimaatakkoart fan Parys en by de Wrâldsûnensorganisaasje (WHO), dêr't syn foargonger Donald Trump de Feriene Steaten út weromlutsen hie. 21 - It tal stjergefallen yn Kolombia, feroarsake troch de koroanafiruspandemy, passearret de 50.000. 26 - It tal minsken dat wrâldwiid oanhelle rekke is mei it koroanafirus passearret de 100 miljoen. 27 - It tal stjergefallen yn it Feriene Keninkryk, feroarsake troch de koroanafiruspandemy, passearret de 100.000. febrewaris 1 - By in steatsgreep yn Birma wurdt troch de striidkrêften it hiele demokratysk keazen regear arrestearre en opsletten, regearingsliedster Aung San Suu Kyi ynbegrepen. 3 - Kanada ferklearret as earste lân de Proud Boys, in organisaasje fan Trump-oanhingers dy't op 6 jannewaris belutsen wie by de Bestoarming fan it Amerikaanske Kapitoal, ta terroristyske organisaasje. 4 - De Amerikaanske presidint Joe Biden kundiget oan dat syn lân gjin wapens mear leverje sil oan Saûdy-Araabje en de Feriene Arabyske Emiraten om yn 'e Twadde Jemenityske Boargeroarloch yn te setten. 6 - It tal minsken dat yn Nederlân oanhelle rekke is mei it koroanafirus passearret de 1 miljoen. 9 - Yn 'e Amerikaanske Senaat begjint it twadde impeachmentproses tsjin 'e eardere Amerikaanske presidint Donald Trump. 9 - In mienskiplik ûndersyk troch de Folksrepublyk Sina en ekspêrs fan 'e Wrâldsûnensorganisaasje (WHO) konkludearret dat it "ekstreem ûnwierskynlik" is dat it COVID-19-firus út it Sineeske laboratoarium yn Wuhan ûntsnapt is, en de oarsprong fan it firus nei alle gedachten in "natuerlik reservoir" yn 'e flearmûzepopulaasje yn 'e omkriten fan Wuhan wêze moat. 9 - It romtefartúch fan 'e Emiratyske Marsmisje berikt as earste Arabyske romtemisje feilich in baan om 'e planeet Mars hinne. 13 - Yn it ramt fan 'e twadde impeachment fan Donald Trump wurde de eardere presidint fan 'e Feriene Steaten frijsprutsen troch de leden fan 'e Amerikaanske Senaat mei 43 tsjin 57 stimmen (der wie ferlet fan 67 stimmen, oftewol twatrêde mearderheid, om him te feroardieljen). Alle 50 Demokratyske senators en 7 Republikeinen stimme foar feroardieling. De measte oare Republikeinen beweare net dat Trump ûnskuldich is, mar wolle hawwe dat de Amerikaanske Grûnwet de impeachment fan in presidint dy't langer net mear yn funksje is, net tastiet. 13-17 - By in winterstoarm komme yn 'e Feriene Steaten 58 minsken om, wylst 9,7 miljoen lju sûnder elektrisiteit en wetterlieding komme te sitten. Behammen yn Teksas binne de problemen tige grut. 18 - Yn it ramt fan 'e Mars 2020-misje fan 'e Amerikaanske romtefeartorganisaasje NASA arrivearret it Perseverance-karke ûnskansearre op it oerflak fan 'e planeet Mars. 19 - De Feriene Steaten wurde formeel wer opnommen yn it Klimaatakkoart fan Parys, 107 dagen nei't de eardere presidint Donald Trump syn lân dêr útstappe litten hie. 20 - It tal faksinaasjes dat wrâldwiid útfierd is tsjin COVID-19 passearret de 200 miljoen. 22 - It tal stjergefallen yn 'e Feriene Steaten, feroarsake troch de koroanafiruspandemy, passearret de 500.000. 25 - Wrâldwiid binne der no 2,5 miljoen minsken ferstoarn oan COVID-19. 25 - De Armeenske Striidkrêften roppe op ta it ôftreden fan it regear fan Armeenje. Premier Nikol Pasjinjan beskuldiget de kriichsmacht fan it prebearjen fan in steatsgreep. 26 - By de ûntfiering fan Zamfara wurde yn 'e steat Zamfara, yn Nigearia, troch rebellen 279 skoalfamkes ûntfierd.
maart 1 - De eardere Frânske presidint Nicolas Sarkozy wurdt feroardiele ta trije jier finzenisstraf (wêrfan twa jier ûnder betingst) foar korrupsje. 2 - Alle 279 skoalfamkes dy't op 26 febrewaris yn Nigearia by de ûntfiering fan Zamfara finzennommen wiene troch rebellen, wurde frijlitten. 7 - By in rige grutskalige ûntploffings op in legerbasis yn Ekwatoriaal-Guinee giet in arsenaal fan 'e kriichsmacht de loft yn. De skea oan 'e basis en de omlizzende wenwiken fan 'e stêd Bata is ûnbidige grut. Der komme teminsten 98 minsken om en mear as 615 oaren reitsje ferwûne. 7 - By in referindum yn Switserlân wurdt troch de befolking in boerkaferbod goedkard. 8 - It tal stjergefallen yn Itaalje, feroarsake troch de koroanafiruspandemy, passearret de 100.000. 9 - It Jeropeesk Parlemint heft de politike ûnskeinberens op fan 'e Katalaanske separatistyske foaroanman Carles Puigdemont en twa oare Katalaanske leden. Dat makket it paad frij foar in eventuele útlevering fan harren oan Spanje, dat harren ferfolgje wol foar belutsenens by it organisearjen fan it Katalaansk ûnôfhinklikheidsreferindum (2017). 17 - Yn Nederlân wurde de Twadde Keamerferkiezings wûn troch de VVD (grutste partij) en D66 (grutste winst oan sitten). It CDA, de PVV en de linkse partijen ferlieze, wylst Foarum foar Demokrasy wint en ferskate nije partijen mei ien of inkele sit yn 'e Twadde Keamer komme. Yn Fryslân behellet de VVD de measte stimmen. 18 - It tal minsken dat wrâldwiid tsjin it koroanafirus yninte is, passearret de 400 miljoen. 19 - Noard-Koreä ferbrekt de diplomatike bannen mei Maleizje nei't dat lân inkele Noardkoreaanske steatsboargers útlevere hat oan 'e Feriene Steaten om berjochte te wurden foar it wytwaskjen fan jild. 20 - Presidint Recep Tayyip Erdoğan fan Turkije kundiget oan dat er syn lân by dekreet weromlûkt út 'e Konvinsje fan Istanbûl, in ynternasjonaal ferdrach tsjin frouljusmishanneling en húslik geweld yn it ramt fan 'e Rie fan Jeropa. Turkije is it earste lân dat út dat ferdrach stapt. 23 - Yn Israel wurde foar de fjirde kear yn twa jier parlemintsferkiezings holden, nei't it Israelyske regear yn desimber 2020 fallen is. De politike ynstabiliteit yn it lân wurdt feroarsake troch de fan korrupsje beskuldige premier Benjamin Netanyahu, dy't koste wat kost oan 'e macht bliuwe wol sadat er syn politike ûnskeinberens behâlde kin. De nije ferkiezings liede lykwols net ta oare ferhâldings: it Likûdblok fan Netanyahu wint sitten, mar kriget mei syn bûnsgenoaten gjin mearderheid yn 'e Knesset. 23 - De Ever Given, ien fan 'e grutste frachtskippen fan 'e wrâld, rint oan 'e grûn yn it Suëzkanaal yn Egypte, en set sa ien fan 'e wichtichste hannelsrûtes fan 'e wrâld ticht. 24 - It tal stjergefallen yn Brazylje, feroarsake troch de koroanafiruspandemy, passearret de 300.000. 25 - It tal stjergefallen yn Meksiko, feroarsake troch de koroanafiruspandemy, passearret de 200.000. 25 - It tal minsken dat wrâldwiid tsjin it koroanafirus yninte is, passearret de 500 miljoen. april 2 - Ruslân, dat in grutte legermacht opbout oan 'e eastgrins fan 'e Oekraïne, warskôget de NATO om gjin troepen nei de Oekraïne te stjoeren om dat lân te stypjen. 4 - De sykloan Seroja treft it eilân Timor. Teminsten 167 minsken yn it Yndonezyske West-Timor en 42 minsken yn it ûnôfhinklike East-Timor komme om. 11 - Nei't in grutte eksploazje it ynterne elektrisiteitssysteem fan it uraniumferrikingsfabryk fan Natanz ferwoastget, beskuldiget Iraan de Israelyske geheime tsjinst Mossad fan "nukleêr terrorisme" en swart wraak. 13 - It regear fan Japan kart in plan goed om it radio-aktive kuollingswetter út 'e kearnsintrale fan Fukushima oer in perioade fan 30 jier yn 'e Stille Oseaan te loazen. It Ynternasjonaal Atoomenerzjy Agintskip (IAEA) stipet it plan, mar de buorlannen Sina, Súd-Koreä en Taiwan kantsje har dertsjin oan. 17 - Wrâldwiid binne der no 3 miljoen minsken ferstoarn oan COVID-19. 18 - Tolve foaroansteande Jeropeeske fuotbalklubs besykje in Jeropeeske 'Superliga' op te rjochtsjen om faker tsjininoar spylje te kinnen en dêrmei mear jild binnen te swyljen. It plan kriget fuortendaliks swiere krityk fan oare fuotbalklubs, ynternasjonale fuotbalorganisaasjes lykas de FIFA en de UEFA, en fan fuotbalfans. Twa dagen letter stjert it plan in sêfte dea as de seis Ingelske klubs dy't derby belutsen wiene, har beskamme weromlûke. 19 - Yn Kuba draacht Raúl Castro syn restearjende macht as sekretaris-generaal fan 'e Kubaanske Kommunistyske Partij (PCC) oer oan presidint Miguel Díaz-Canel. Dêrmei komt in ein oan mear as 62 jier hearskippij fan 'e Castro's oer Kuba. 19 - De Amerikaanske romtefeartorganisaasje NASA fiert mei de helikopterdrone Ingenuity de earste oandreaune flecht út op in oare planeet (te witten: Mars). 20 - Idriss Déby, dy't al goed 30 jier presidint fan Tsjaad is, sneuvelet yn 'e striid tsjin opstannelingen yn it noarden fan syn lân. Der wurdt in Militêre Oergongsried ynsteld om it regear waar te nimmen. 21 - Yn Yndia fine 315.000 ynfektearrings mei it COVID-19-firus plak yn 24 oeren, it heechste dat yn lykfol hokker lân fêstlein is sûnt it útbrekken fan 'e koroanfiruspandemy. 24 - Nei in syktocht mei ynternasjonale stipe wurdt bekendmakke dat de ûnderseeër KRI Nanggala fan 'e Yndonezyske Nasjonale Marinemacht sonken is mei de dea fan alle 53 bemanningsleden ta gefolch.