Femke Weidema (Drachten, 1982) is in multy-ynstrumintalist, produsint en songwriter.
Libben en wurk Oplieding Femke begûn mei klassike akkordeonlessen by Hotze Jelsma oan de Meldij yn Drachten. Yn 1999 die se mei Tizzmtog mei oan Tsjoch 22.Streektaalzang oer TizzmtogYn 2003 wûn se ûnder de namme Femke de noardlike regiofinales fan de Grutte Poppriis fan Nederlân.‘’Femke wint regiofinale van Grote Popprijs’’ yn: Frysk Deiblêd, 15 septimber 2003 Nei it fuortset ûnderwiis gie se oant 2004 nei it Prins Claus konservatoarium yn Grins. Dêr waard har mearsidichheid – se spile wyls op ferskate ynstruminten, song en komponearre – as in beheining sjoen.It Nijs, 27 maaie 2017 Se studearre dêr Komposysje Muzyk Produksje en Sound design. Yn 2005 krige se in folsleine scholarship foar Berklee College of Music yn Boston. Se wûn dêr de Berklee Women Songwriting. Neidat se har stúdzje ôfmakke hie wûn se in ASCAP-beurs foar lietsjes skriuwen.
Amearika Yn 2007 ferhuze se nei Los Angeles en bedarre dêr yn de film- en tf-muzykscene dêr’t se wurke mei jazzpianist Don Grusin en filmkomponisten as Hans Zimmer en Richard Gibbs. Mei Gibbs skreau se foar tillefyzjeshows as Ten Things I Hate About You fan ABC Family en The Tracey Ullman Show.Webside Ten Ten Music group Mei Blink 182 song se foar de soundtrack fan de film Fired Up. Se kaam yn kontakt mei songwriter Liz Rose en ferhuze nei Nashville. Se krige dêrnei in Publishing deal oanbean by Ten Ten Music Group in Nashville dêr’t se sûnttiids wurket yn in eigen studio. Femke Weidema eksperimintearret graach mei lûden en effekten op synthesizers.
Mei har op partisipaasje basearre LV Music produsearret se muzyk foar oaren. Se wurket yn de mande mei keunstners út Tailân, Sina, Kanada, Ingelân, Dútslân en Skotlân.Girlgangmusic Femke Weidema skreaun in tal lieten foar Latynsk-Amerikaanske artysten. Mei Beto Cuevas skreaun se de twadde single foar syn album Transformacion. Dêrfoar krige se in yn Las Vegas de Latin Grammy.Latin Grammy voor Drachtster Femke Weidema yn: Drachtster Krante, 23 novimber 2013
Yn Nashville waard se folge troch presintator en programmamakker Afke Boven foar de dokumintêre ‘Niet dromen, maar doen’, dy ’t yn 2017 útstjoerd waard op Omrop Fryslân en NPO2. Radio1, 1 juni 2017
Kategory:Frysk sjonger Kategory:Frysk lietsjeskriuwer Kategory:Frysk muzikant Kategory:Persoan berne yn Drachten Kategory:Persoan berne yn 1982