Franz Ziereis (München, 13 augustus 1905 - Gusen, 24 maaie 1945) wie Lagerkommandant ('kampkommandant') fan konsintraasjekamp Mauthausen yn de Twadde Wrâldoarloch.

Ziereis waard berne yn Múnchen, dêr't er acht jier nei de legere skoalle gie. Dêrnei waard er learling en boardskipjonge yn in warehûs. Jûns studearre er hannelswittenskip. Yn 1922 gie er oan 't wurk yn in timmerwinkel. Ziereis tekene yn 1924 as soldaat foar de Reichswehr in kontrakt foar tolve jier en ferliet de Wehrmacht yn 1936 yn de rang fan Feldwebel. Dêrnei waard hy SS-Obersturmführer by de Schutzstaffel (SS). Yn 1938 wie er belutsen by de anneksaasje fan Eastenryk, en yn 1939 krige er it kommando oer Mauthausen. Dêrfoar hie er al in skoft yn Buchenwald west.

Yn 1944 waard Ziereis fanwegen 'bysûndere prestaasjes as Lagercommandant' befoardere ta SS-Standartenführer.

Ziereis flechte mei syn frou 3 maaie 1945, mar waard op 20 maaie by syn jachthutte op 'e berch Pyhrn yn Eastenryk troch Amerikaanske troepen arrestearre. Doe't er besocht út te naaien waard er rekke troch in kûgel. Yn de nacht dêrnei waard Ziereis ûnderfrege en sy ferklearring opskreaun. Koart skoft dêrnei stoar Ziereis oan syn ferwûningen; syn lichem waard troch eardere kampfinzenen oan it stek fan it kamp ophongen.

Militêre karriêre Soldat: 1924 Feldwebel: 1936 SS-Obersturmführer: 1 oktober 1936Dienstaltersliste der Schutzstaffel der NSDAP van 01.12.1937. s.114-115. Sjoen 4 jan. 2016. SS-Hauptsturmführer: 12 septimber 1937 SS-Sturmbannführer: 25 augustus 1939 SS-Obersturmbannführer: 1 septimber 1941Dienstaltersliste der Schutzstaffel der NSDAP van 01.10.1942. s.22. Sjoen 4 jan. 2016. SS-Standartenführer: 20 april 1944Dienstaltersliste der Schutzstaffel der NSDAP van 01.10.1943. s.16. Sjoenn op 4 jan. 2016.

Registraasjenûmer SS-nr.: 276 998

Keppeling om utens It lyk fan Franz Ziereis ophongen troch eardere finzenen fan it konsintraasjekamp Mauthausen.

Kategory:Dútsk ofsier Kategory:Dútsk militêr yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Kamppersoniel yn Mauthausen Kategory:Lid fan de SS Kategory:Lid fan de NSDAP Kategory:Persoan berne yn 1905 Kategory:Persoan stoarn yn 1945