Foarfallen jannewaris 1 - Kroaasje fiert de euro yn as muntienheid en wurdt opnommen yn it Schengengebiet. 5 - Yn Fatikaanstêd fynt de útfeart fan 'e eardere paus Benediktus XVI plak. 8 - Oanhingers fan 'e foargeande presidint Jair Bolsonaro fiere yn 'e Brazyljaanske haadstêd Brasilia in bestoarming út fan it parlemintsgebou, presidinsjeel paleis en heechgerjochtshôf. De Brazyljaanske autoriteiten beskôgje it as in mislearre steatsgreep om 'e linkse opfolger fan Bolsanaro, Luiz Inácio Lula da Silva, ôf te setten. 15 - Yn Nepal, by de stêd Pokhara, hat in fleanramp plak mei in ATR 72-500. Yeti Airlines-flecht 691 stoart del, wêrby't 68 minsken omkomme. nos.nl, 16-01-2023, Geen hoop meer op overlevenden vliegramp Nepal 17 - Nguyễn Xuân Phúc stapt op as presidint fan Fjetnam nei't syn posysje fanwegen ferskate skandalen ûnhâldber wurden is. 18 - De Oekraynske minister fan Binnenlânske Saken Denis Monastyrski komt yn 'e mande mei 13 oare minsken om as syn helikopter delstoart yn 'e stêd Brovary. 27 - Yn it troch Israel besette Westjordaanlân brekt rûnom ûnrêst út as by in ynfal fan it Israelyske leger yn Jenin 9 Palestinen omkomme. Jûns wurde yn East-Jeruzalim troch in Palestyn 7 Israeeljers deasketten as se út 'e synagoge komme. 30 - Yn 'e Pakistaanske stêd Peshawar komme by in selsmoardoanslach op in moskee teminsten 101 minsken om, foar it meastepart plysjeminsken, wylst mear as 220 oaren ferwûne reitsje. febrewaris 3 - It regear fan 'e Feriene Steaten makket buorkundich dat it in Sineeske spionaazjeballon yn 'e rekken hâldt, dy't fan Alaska fia Kanada en dan oer de legere 48 steaten sweeft, oant er op 4 febrewaris foar de kust fan Súd-Karolina boppe de Atlantyske Oseaan delsketten wurdt. Troch dit ynsidint bekuolje de relaasjes tusken de Feriene Steaten en de Folksrepublyk Sina, dy't dochs al net bêst wiene, noch mear. 6 - It suden fan Turkije en it noardwesten fan Syrje wurde troffen troch in swiere ierdbeving mei in krêft fan 7.8 op 'e skaal fan Richter. Op 15 maart binne der krapoan as 56.000 deaden teld en mear as 130.000 ferwûnen. 17 - Andorra fiert it homohoulik yn. 21 - De Russyske presidint Vladimir Pûtin skoarret de meiwurking fan syn lân op oan 'e útfiering fan New START, in ferdrach mei de Feriene Steaten dat de nuklêre wapenarsenalen beheine moat. 27 - It Feriene Keninkryk en de Jeropeeske Uny berikke in kompromis om it Noard-Ierlânprotokol fan it Brexitferdrach oan te passen. 28 - Yn Grikelân fynt by it plak Larisa, yn 'e lânstreek Tessaalje, in treinramp plak, wêrby't 57 minsken omkomme en 85 oaren ferwûne reitsje. Dat liedt demonstraasjes en stakings yn it hiele lân, mei't wanbelied fan it regear foar de roamp ferantwurdlik holden wurdt. maart 4 - De lidsteaten fan 'e Feriene Naasjes stimme yn mei it Folleseeferdrach, dat derop rjochte is om yn 2030 30% fan 'e ynternasjonale wetters in beskerme status te jaan. 10 - Under bemiddeling troch Sina beslute Iraan en Saûdy-Araabje om wer diplomatike betrekkings oan te gean, nei't hja dy yn 2016 ferbrutsen hiene. 10 - De Silicon Valley Bank, de op 15 nei grutste bank fan 'e Feriene Steaten, giet fallyt, folge troch twa lytsere banken. Dat ropt op 'e finansjele merken wrâldwiid eangst op foar in nije Bankekrisis. 15 - Yn Nederlân wurde yn in polarisearre polityk klimaat Provinsjale Steateferkiezings holden. De BoerBoargerBeweging (BBB) komt as de grutte winner út 'e bus. It Foarum foar Demokrasy en it CDA binne de slimste ferliezers. 17 - It Ynternasjonaal Strafhof (ICC) yn De Haach lit in arrestaasjebefel útgean foar de Russyske presidint Vladimir Pûtin, omreden fan oarlochsmisdieden dy't ûnder syn befel yn 'e Russysk-Oekraynske Oarloch troch Russyske militêren en boargerlike funksjonarissen begien binne yn 'e Oekraïne. 18 - By in swiere ierdbeving fan 6.8 op 'e skaal fan Richter komme yn it suden fan Ekwador 18 minsken om, reitsje mear as 500 oaren ferwûne en wurdt swiere skea oanrjochte. 19 - Yn Switserlân stimt de foaroansteande bank UBS Group AG ta yn 'e oername fan konkurrint Crédit Suisse, dy't driget om te fallen. De oerienkomst, dy't in wearde hat fan 3 miljard Switserske frank, is ta stân kommen ûnder bemiddeling fan it Switserske regear. 21 - By in swiere ierdbeving fan 6.5 op 'e skaal fan Richter komme yn it noardeasten fan Afganistan en it noarden fan it oanbuorjende Pakistan 21 minsken om en reitsje mear as 400 oaren ferwûne. 21 - It Parlemint fan Uganda nimt de Anty-Homoseksualiteitswet (2023) oan, wêryn't homoseksualiteit bestraft wurde kin mei libbenslange finzenisstraf. april 1 - By in bomoanslach yn Sint-Petersburch komt Vladlen Tatarsky om, in oanhinger fan presidint Vladimir Pûtin, dy't op syn floch yngeand ferslach die fan 'e Russysk-Oekraynske Oarloch en dêrby propaganda makke foar de Russyske oarlochsynset. 4 - Finlân wurdt as 31e lân lid fan 'e NATO. 4 - Yn Nederlân fynt by it plak Voorschoten, yn 'e provinsje Súd-Hollân, op de âlde line in treinûngelok plak, wêrby't in trein ûntspoart en 1 persoan omkomt. 11 - Yn 'e Birmeeske Boargeroarloch komme by in bombardemint fan 'e Birmeeske loftmacht op it doarp Pazigyi teminsten 165 boargers om. 14 - De Jupiter Icy Moons Explorer (JUICE), in romtesonde dy't de mei iis oerdutsen moannen fan 'e planeet Jupiter fan deunby ûndersykje sil, wurdt lansearre troch it Jeropeesk Romtefeartagintskip (ESA). De sonde sil Jupiter yn 2031 berikke. 15 - Yn Dútslân wurdt de lêste kearnsintrale fan it lân sletten. 15 - Yn 'e Sûdaneeske haadstêd Chartûm en oare dielen fan it lân brekke gefjochten út tusken de Sûdaneeske Striidkrêften en in tige grutte paramilitêre milysje, de Flugge Stipemacht (RSF). De RSF feroveret ier yn 'e striid de Ynternasjonale Lofthaven fan Chartûm en it presidinsjeel paleis. As de gefjochten nei in pear dagen inkeld mar oanboazje, driget der in nije boargeroarloch te ûntstean. 19 - As yn 'e Jemenityske haadstêd Sana'a by it útdielen fan iten en jild yn it ramt fan 'e festelmoanne Ramadan panyk útbrekt trochdat der yn 'e loft sketten wurdt, komme troch ferdrukking teminsten 90 minsken om it libben. Nochris 322 oaren reitsje ferwûne. 25 - Yn it Shakaholawâld yn Kenia wurde 110 folgelingen fan 'e kristlike sekte Good News International Ministries yn ûndjippe grêven oantroffen. Nochris 300 oaren wurde noch fermist en fan har wurdt freze dat se ek dea binne. De sekteleden hawwe harrensels skynber deahongere om't se op dy manear neffens sektelieder Paul Nthenge Mackenzie "God moetsje" soene. Mackenzie hat himsels lykwols net deahongere en wurdt arrestearre op beskuldiging fan mearfâldige deaslach. maaie 1 - It omfallen fan 'e Amerikaanske First Republic Bank, dy't bankrot gien is, wurdt op it lêste momint foarkomd troch in oername troch JPMorgan Chase. 5 - De Wrâldsûnensorganisaasje (WHO) beskôget COVID-19 net langer as in wrâldwiid needgefal, mar giet troch mei dernei te ferwizen as in pandemy. 6 - De kroaning fan Charles III ta kening fan it Feriene Keninkryk en alle lidsteaten fan it Britske Mienebêst dy't in monargale steatsfoarm hawwe, fynt mei grut fertoan fan pracht en preal en âlde tradysjes plak yn 'e Abdij fan Westminster yn Londen. 7 - Syrje wurdt wer as folweardich lidsteat talitten ta de Arabyske Liga. It Syryske lidmaatskip wie opskoarre sûnt it rezjym fan presidint Bashar al-Assad oan it begjin fan 'e Syryske Boargeroarloch yn 2011 mei grou geweld tsjin 'e opstannelingen fanwegen kaam. 14 - De sykloan Mocha, dy't himsels ûntjûn hat op 'e iepen Yndyske Oseaan, treft mei in krêft fan kategory 4 op 'e Skaal fan Saffir-Simpson de kusten fan Birma en Bangladesj, dêr't 463 deaden falle, 101 minsken bliuwend fermist wurde en 719 oaren ferwûne reitsje. 14 - By parlemintsferkiezings yn Tailân winne partijen dy't foar in weromkear nei de demokrasy binne in mearderheid yn it legerhûs fan it parlemint, wylst partijen dy't de militêre gûnta stypje, sitten ynleverje moatte. 17 - De Italjaanske regio Emylje-Romanje wurdt troffen troch swiere oerstreamings wannear't stjalprein folget op in lange snuorje fan drûchte, mei as gefolch dat de útdrûge grûn it wetter net opnimme kin. 28 - Yn 'e twadde omgong fan 'e presidintsferkiezings yn Turkije behellet de sittende presidint Recep Tayyip Erdoğan mei 52,2% fan 'e stimmen in oerwinning oer Kemal Kılıçdaroğlu, de kandidaat fan 'e feriene opposysje. juny 2 - Yn it Nasjonaal Park De Biesbosk yn Súd-Hollân wurde foar it earst wer steuren útset, 70 jier nei't dy fisk yn 'e Nederlânske oerflaktewetters foar it lêst waarnommen is. 2 - By in in grutte treinramp yn 'e Yndiaaske dielsteat Orissa, dêr't trije treinen by belutsen binne, komme teminsten 289 minsken om en reitsje mear as 1.175 oaren ferwûne. 6 - Yn it troch Ruslân yn it ramt fan 'e Russysk-Oekraynske Oarloch besette diel fan 'e Oekraïne wurdt de Nova Kachovkadaam troch in eksploazje ferwoastge. De krite streamôf wurdt ferrinnewearre troch oerstreamings, wylst it gebiet streamop mei wettertekoarten foar yrrigaasjedoelen te meitsjen kriget. Nei alle gedachten sitte de Russen efter it opblazen fan 'e keardaam en wolle se troch it skeppen fan in soarte fan wetterliny it oansteande Oekraynske offinsyf besykje tsjin te kearen. 8 - De reek fan hûnderten natoerbrannen yn Kanada waaieret út oer grutte Amerikaanske stêden, lykas New York, Philadelphia, Baltimore, Washington, D.C., Detroit en Minneapolis, dêr't it deiljocht alhiel ferdizene wurdt. Der wurdt warskôge om safolle mooglik thús te bliuwen en út 'e reek, dy't net sûn is om yn te azemjen. De autoriteiten warskôgje de ynwenners ek dat se har der mar op ynstelle moatte dat soks faker barre sil, om't it natoerbrânseizoen noch mar krekt oanbrutsen is. 13 - Teminsten 103 minsken komme om as in boat mei brulloftsfolk kapseist op 'e rivier de Niger yn Nigearia. 14 - Op 'e Ioanyske See, 80 km út 'e súdwestlike kust fan it Grykske skiereilân de Peloponnesos, sinkt in oerladen Lybyske fiskersboat mei oan board 400 oant 750 migranten út Egypte, Syrje, Afganistan, Pakistan en Palestina ûnderweis nei in bettere takomst yn Jeropa. Der wurde 104 minsken rêden en 82 stoflike omskotten burgen. De restearjende likernôch 500 opfarrenden reitsje fermist en fan harren wurdt oannommen dat se de drinkeldea stoarn binne. 17 - Ruslân makket bekend dat it inkele nukleêre wapens op it grûngebiet fan buorlân en bûnsgenoat Wyt-Ruslân stasjonearre hat. 20 - By in rebûlje yn in frouljusfinzenis yn Támara, yn Hondoeras, komme teminsten 41 froulju om. 23 - Yn Ruslân komt de Wagnergroep, in hierlingeleger dat oan 'e Russyske kant yn 'e Russysk-Oekraynske Oarloch fjochtet, yn opstân tsjin 'e Russyske Striidkrêften. Dizze Opstân fan 'e Wagnergroep, dy't ûnder lieding stiet fan Wagnerlieder Jevgeni Prigozjin, begjint mei in besetting fan Rostov oan 'e Don en giet fierder mei in opmars nei Moskou. Deselde deis noch lûkt Prigozjin lykwols syn troepen werom nei't der tusken him de Russyske presidint Vladimir Pûtin in fredesoerienkomst ta stân kommen is troch bemiddeling fan 'e Wytrussyske presidint Aleksander Lûkasjenko. july 1 - Kening Willem-Alexander biedt út namme fan it Nederlânske regear op Keti Koti oan 'e Surinamers en Antiljanen syn ûntskuldigings oan foar it Nederlânske slavernijferline. 1-23 - De Omgong fan Frankryk 2023 fynt plak, mei de start yn Bilbao, yn Baskelân, en de finish yn Parys. 7 - Yn Nederlân falt it Kabinet-Rutte IV as de koälysjepartijen VVD, CDA, D66 en KristenUny gjin oerienstimming berikke kinne oer it beheinen fan it rjocht op gesinsweriening foar asylsikers. 14 - Yn Hollywood kundiget it machtige Amerikaanske fakbûn fan akteurs SAG-AFTRA in algemiene staking ôf út protest tsjin 'e ûnwil fan 'e grutte filmstudio's om 'e akteurs ôfdwaande te kompinsearjen foar distribúsje fia streamingtsjinsten en te beskermjen tsjin 'e oername fan harren wurk troch generative keunstmjittige yntelliginsjes. 20-20 augustus - Yn Austraalje en Nij-Seelân wurdt it WK fuotbal foar froulju holden.