Edward Hopper (Nyack, New York, 22 july 1882 – Manhattan, New York, 15 maaie 1967) wie in Amerikaansk keunstskilder en etser dy't skilderijen makke mei temas dy't it Hoppers fyzje op it Amearika fan syn tiid wjerspegelje. Syn keunst is realistysk en beheart ta de American scène.

Biografy thumb|It hûs dêr't Edward Hopper berne is yn Nyack, New York Edward Hopper waard 1882 yn Nyack/New York as twadde bern fan Garret Henry Hopper en Elizabeth Griffiths Smith Hopper berne. Fan 1900 oant 1906 studearre er oan de Parsons The New School for Design yllustraasje by Frank Vincent Dumond en Arthur Keller en ek skilderjen by William Merritt Chase, Kenneth Hayes Miller en Robert Henri, de mentor fan de Ashcan School. Yn de jierren 1906/1907, 1909 en 1910 reizge er troch Jeropa en besike er ûnder oaren Parys, Londen, Brussel, Amsterdam en Berlyn.

Fan 1905 ôf arbeide Hopper as yllustrator foar reklameburoos (meast foar C. C. Phillips & Co.) om troch de tiid te kommen; hy die at wurk 20 jier lang, mar beskôge it net as it skeppen fan keunst. Yn 1913 die er mei oan de Armory Show yn New York City en ferkocht dêr foar 250 dollar syn earste skilderij, Sailing. Nei 1915 makke der in stikmannich etsen dy't net sa bekend binne; Hopper koe lykwols oant syn 42 jier net fan it skilderjen allinne libje.

Yn 1923 krige Hopper yn Gloucester (Massachusetts) kunde oan de skilderes Josephine Nivison mei wa't er op 9 july 1924 troude. Sy joech it skilderjen op en waard it model dat op in protte fan Hoppers wurken te sjen is. Sy wie ek dejinge dy't foar Hoppers meidwaan oan in ynternasjonale tentoanstelling yn it Brooklyn Museum of Art bemiddele, dat foar Hopper de trochbrek betsjutte. It Brooklyn Museum of Art kocht it skilderij The Mansard Roof foar 100 dollar oan. It wie it twadde skilderij day Hopper ferkeapje koe. Itselde jier wie ek syn earste solotentoanstelling yn de galery fan Frank Rehn, dêr't er oant syn dea ta eksposearjen bliuwe soe.

thumb|De went fan de Hoppers yn New York City, 3 Washington Square North

Under de krisisjierren waard er in wurdearre bekende skilder yn de FSA. Hopper ferkocht bygelyks yn 1929 twa oaljeferven, 14 akwarellen en 80 stiks grafyske wurken foar totaal 6.211 dollar. Fan 1935 oant 1937 wûn er fjouwer wichtige prizen. Der soene noch in protte folgje.

Yn 1941 bereizge er de westkust fan de Feriene Steaten yn 'e auto en yn 1943 folge de earste reis nei Meksiko. Yn 1950 wie syn earste grutte oersjochtentoanstelling yn it Whitney Museum, dy't ek yn Boston en Detroit holden waard. Noch itselde jier krige er in earedoktoraat fan it Art Institute of Chicago. Op de Biënnale yn Feneetsje fan 1952 wie er fertsjintwurdige mei trije oare Amerikaanske skilders.

Om 1960 kearde Hopper him mei klam tsjin de hegemony fan de abstrakte keunst yn dy tiid. Itselde jier wie der yn it Wadsworth Atheneum yn Hartford (Konnektikut) in útstalling fan syn wurk. Yn 1962 folge in oersjochtentoanstelling yn it Philadelphia Museum of Art en yn 1964 in twadde yn it Whitney Museum of American Art yn New York.

Op 15 maaie 1967 stoar Hopper yn syn New Yorkske atelier oan Washington Square, dêr't er sûnt desimberin 1913 ûnûnderbrutsen wenne hie. Hy waard twa dagen letter beïerdige yn it famyljegrêf op Oak Hill Cemetery yn syn berteplak Nyack, New York.Grab Edward Hopper bei knerger.de

Temas John Updike wie fan betinken: 'De minske wie it haadmotyf fan Hopper, hoewol't er minsken net goed skilderje koe. Se lykje faak stiif en bleek...... Dochs fiele wy dat syn portretten fan de conditio humana mear yndruk meitsje en jin mear yn it moed taaste as dy fan skilders as Reginald Marsh en Thomas Hart Benton".

Hopper krearret in ûnwerklike, desolate sfear yn syn skilderijen. Yn in protte fan syn skilderijen hearsket in psychologyske spanning. De minsken op syn skilderijen sjogge der nea lokkich út. Teffens roppe de skilderijen in gefoel fan "meiïoar, mar dochs allinne" op.

At jin it hiele oeuvre fan Hopper oersjogge kin konkludearre wurde dat fierwei it grutste part fan syn skilderijen de isolaasje fan it yndividu sintraal stiet. Der wurdt komselden kontakt mei in oar lein, sels al binne der mear as ie persoan yn it byld oanwêzich. Foarbylden binne de wurken dêr't persoanen yn in teäter wachtsje op it begjinnen fan de foarstelling. Net ien fan harren hat kontakt mei in oar. In oar foarbyld is it ferneamde Nighthawks.

De figueren yn it wurk fan Hopper binne faak foar of efter in raam pleatst wat it isolemint folslein makket, der is wol in bûtenwrâld, mar dêr hat de persoan gjin diel oan, al liket dy somtiids wol wat te ferwachtsjen.

In oar elemint yn Hoppers wurk is it hûs yn in lânskip. Hoewol't it hûs hast altyd in foardoar hat, rint der gjin paad nei dy doar. It liket wol oft it hûs net yn it lânskip thúsheart. Dat lit wer it isolemint fan in inkelt gebou sjen.

Galery In kar út syn tekeningen:

Museums Yn 1968 stoar syn frou, Josephine Verstille Nivison. Neffens de winsk fan har man krige it Whitney Museum of American Art yn Manhattan syn keunstwurken op 'e noed. De neilittenskip omfieme mear as 3000 skilderijen, tekeningen, akwarellen en grafyske wurken. Dêrmei besit it museum de grutste samling fan Hoppers wurk yn de wrâld. De famylje Sanborn, dy't mei Hopper befreone wie, skonk it Whitney-Museum boppedat 4.000 argyfstikken út de neilittenskip fan Hopper.Whitney-Museum bekommt Tausende Hopper-Dokumente. Yn: Hamburger Abendblatt fan 31 july 2017, s. 15. Titel Datum Kolleksje Painter and Model 1902-1904 Whitney Museum of American Art Bridge in Paris 1906 Whitney Museum of American Art Le Pont des Arts 1907 Whitney Museum of American Art Après-midi de juin 1907 Whitney Museum of American Art Les lavoirs à Pont Royal 1907 Whitney Museum of American Art Louvre and Boat Landing 1907 Whitney Museum of American Art The El Station 1908 Whitney Museum of American Art Summer Interior 1909 Whitney Museum of American Art The Louvre in a Thunderstorm 1909 Whitney Museum of American Art Le Pont Royal 1909 Whitney Museum of American Art Le Quai des Grands Augustins 1909 Whitney Museum of American Art Le pavillon de Flore 1909 Whitney Museum of American Art The Wine Shop 1909 Whitney Museum of American Art American Village 1912 Whitney Museum of American Art Squam Light 1912 Queensborough Bridge 1913 Whitney Museum of American Art Soir bleu 1914 Whitney Museum of American Art Road in Maine 1914 Whitney Museum of American Art Blackhead, Monhegan 1916-1919 Whitney Museum of American Art Stairways 1919 Whitney Museum of American Art Night Shadows (ets) 1921 Museum of Modern Art Girl at Sewing Machine || 1921 || Museo Thyssen-Bornemisza |- | The New York Restaurant c. 1922 Muskegon Art Museum, Michigan Railroad Crossing 1922-1923 Whitney Museum of American Art The Mansard Roof (akwarel) 1923 Brooklyn Museum The Locomotive (ets) 1923 Whitney Museum of American Art House by the Railroad 1925 Museum of Modern Art Self-Portrait 1925-1930 Whitney Museum of American Art Sunday 1926 Phillips Collection, Washington Drug Store 1927 Museum of Fine Arts, Boston Lighthouse Hill 1927 Dallas Museum of Art Coast Guard Station 1927 Montclair Art Museum Automat 1927 Des Moines Art Center The City 1927 University of Arizona Museum of Art Night Windows 1928 Museum of Modern Art Manhattan Bridge Loop 1928 Addison Gallery of American Art Railroad Sunset 1929 Whitney Museum of American Art The Lighthouse at Two Lights 1929 Metropolitan Museum of Art Chop Suey 1929 Barney A. Ebsworth Collection Early Sunday Morning 1930 Whitney Museum of American Art Tables for Ladies 1930 Metropolitan Museum of Art Corn Hill (Truro, Cape Cod) 1930 McNay Art Institute, San Antonio House in Provincetown (akwarel) 1930 University of Oklahoma Museum of Art Cobb's Barns, South Truro 1930-1933 Whitney Museum of American Art New York, New Haven and Hartford 1931 Indianapolis Museum of Art Hotel Room 1931 Museo Thyssen-Bornemisza Dauphinée House 1932 ACA Galleries Room in New York 1932 Sheldon Memorial Art Gallery en Sculpture Garden House at Dusk 1935 Virginia Museum of Fine Arts The Long Leg 1935 The Huntington Library Collection Macomb's Dam Bridge 1935 Brooklyn Museum The Circle Theater 1936 priveekolleksje Cape Cod Afternoon 1936 Museum of Art, Carnegie Institute Compartiment C, Car 193 1938 IBM Corporation Collection New York Movie 1939 Museum of Modern Art Cape Cod Evening 1939 National Gallery of Art, Washington Ground Swell 1939 Corcoran Gallery of Art Gas 1940 Museum of Modern Art Office at Night 1940 Walker Art Center (Minneapolis) Nighthawks 1942 Art Institute of Chicago Dawn in Pennsylvania Terra Museum of American Art Hotel Lobby 1943 Indianapolis Museum of Art Summertime 1943 Delaware Art Museum Truro and Gloucestrer 1944 priveekolleksje Morning in a City 1944 Williams College Museum of Art Rooms for Tourists 1945 Yale University Art Gallery August in the City 1945 Norton Gallery of Art, West Palm Beach Summer Evening 1947 priveekolleksje Pennsylvania Coal Town 1947 Butler Institute of American Art, Youngstown (Ohio) Seven AM 1948 Whitney Museum of American Art High Noon 1949 Dayton Art Institute Conference at Night 1949 Wichita Art Museum Cape Cod Morning 1950 National Museum of American Art Rooms by the Sea 1951 Yale University Art Gallery Morning Sun 1952 Columbus Museum of Art Hotel by a Railroad 1952 Hirshhorn Museum and Sculpture Garden Sea Watchers 1952 priveekolleksje Office in a Small City 1953 Metropolitan Museum of Art South Carolina Morning 1955 Whitney Museum of American Art Hotel Window 1956 The Forbes Magazine Collection Four Lane Road 1956 priveekolleksje Western Motel 1957 Yale University Art Gallery Sunlight in a Cafeteria 1958 Yale University Art Gallery Excursion into Philosophy 1959 priveekolleksje Second Story Sunlight 1960 Whitney Museum of American Art People in the Sun 1960 National Museum of American Art, Washington A Woman in the Sun 1961 Whitney Museum of American Art New York Office 1962 Montgomery Museum of Fine Arts Intermission 1963 priveekolleksje Sun in an Empty Room 1963 priveekolleksje Chair Car 1965 priveekolleksje Two Comedians 1965 priveekolleksje

Keppelings om utens Edward Hopper yn de National Gallery of Art Artchive Edward Hopper op Artcyclopedia mei in protte ferwizingen

Kategory:Amerikaansk keunstskilder Kategory:Amerikaansk grafikus Kategory:Amerikaansk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1882 Kategory:Persoan stoarn yn 1967