Floortje Dessing (Heemstede, 31 augustus 1970) is in Nederlânsk radio- en telefyzjepresentatrise, programmamakster en skriuwster fan reisferhalen. Floortje Dessing is in suster fan politikus Johan Dessing.
Karriêre Dessing begûn har karriêre as presintatrise by in lokale omrop yn Amsterdam. Yn 1993 presintearre se har earste programma op de lanlike radio by Radio Veronica. Yn 1995 makke se har telefyzjedebút en presintearre se foar Veronica in oantal programma's en wie se in skoft lang as omropster te sjen. Yn 1997 wie se foar it earst presintatrise fan in reisprogamma. Yn 2006 iepene Dessing yn Amsterdam in kleanwinkel mei neffens eigen sizzen allinnich fairtrade klean. Tsien jier letter yn 2016 kaam hjir in eigen spikerbriekemerk by dat duorsume broeken produsearje soe. Fan ôf 2017 is Dessing mei-eigner fan in camping yn Drinte, ek op dizze camping spylje fairtraide en duorsumens in haadrol.
Bibliografy 2004 - 100 Wereldplekken die je gezien moet hebben 2007 - 25 wereldroutes die je gedaan moet hebben 2008 - De favoriete plekken van Floortje Dessing 2010 - 365 dagen onderweg 2015 - Floortje. Naar het einde van de wereld (2 DVD's)
Keppeling om utens Offisjeel webstee
Kategory:Nederlânsk telefyzjepresintator Kategory:Nederlânsk radiopresintator Kategory:Nederlânsk programmamakker Kategory:Nederlânsk reisferhaleskriuwer Kategory:Nederlânsk ûndernimmer Kategory:Persoan berne yn 1970