Green Rider is in romanrige fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwster Kristen Britain. De rige heart ta it sjenre fan 'e fantasy. It sechsde diel kaam út yn 2017.

Boeken 1998 – Green Rider 2003 – First Rider's Call 2007 – The High King's Tomb 2011 – Blackveil 2014 – Mirror Sight 2017 – Firebrand

Ynhâld De Green Rider-searje giet oer Karigan G'ladheon, in keapmansdochter yn it keninkryk Sacoridia, dy't tsjin wil en tank behelle rekket yn 'e yntriizjes oan it hof fan kening Zachary Hillander. Se wurdt in 'Griene Ruter', ien fan 'e keninklike boadskippers, en ûntjout har yn dy hoedanichheid ta in fertrouling fan 'e kening. Dyselde stjoert har út op ferskate gefaarlike missys, wêrby't Karigan it opnimme moat tsjin 'e boasaardige tsjoender Mornhavon de Swarte, dy't nei tûzen jier wer opstiet út 'e dea. Hja moetet dêrby wêzens dy't har helpe, lykas de elfeftige Eletiërs, en wêzens dy't har tsjinwurkje, lykas de oarkeftige grûnmiten.

Prizen en nominaasjes Jier Priis Resultaat Kategory Foar1999IAFA William L. Crawford Fantasy Awardnominearren.f.t.Green Rider2012David Gemmell AwardnominearreDavid Gemmell Legend Award for Best Fantasy NovelBlackveil

Haadpersoanen Karigan G'ladheon, in keapmansdochter út Corsa, letter ien fan 'e meast foaroansteande Griene Ruters Condor, har útsûnderlik yntelliginte hynder Stevic G'ladheon, har heit, dy't fan in berte as uterst behoeftige fiskerssoan opklommen is ta de posysje fan 'e rykste keapman fan Sacoridia Brini, Gretta, Stace, Tory, har muoikes Estral Andovian, de bêste freondinne fan Karigan Aaron Fiori, har heit, de Gouden Beskermhear fan 'e universiteitsstêd Selium de Griene Ruters Laren Mapstone, kaptein fan 'e Griene Ruters Melry "Mel" Mapstone, har oannommen dochter, in famke dat te fûnling lein is yn 'e stâlen fan 'e Griene Ruters Connly, luitenant fan 'e Griene Ruters Mara Brennyn, haadruter, belêstge mei logistyk Elgin Foxsmith, in eardere haadruter dy't op fersyk weromkommen is út syn pinsjonearring om mei te helpen Alton D'yer, in Griene Ruter fan aadlik komôf Ben Simeon, in Griene Ruter dy't tagelyk sirurgyn is Beryl Spencer, in Griene Ruter spesjalisearre yn spionaazje Garth Bowen, Trace Burns, Yates Cardell, Daro Cooper, Fergal Duff, Dale Littlepage, Lynx, Ty Newland, Tegan Oldbrine, Griene Ruters Damian Frost, telch út in lange line fan hynstefokkers by wa't de Griene Ruters al tûzen jier harren treflike hynders keapje Lady, syn frou Gus en Jericho, syn soannen Griene Ruters út it ferline Lil Ambrioth (of Liliedhe Ambriodhe), de stifteresse fan 'e Griene Ruters, dy't tûzen jier lyn libbe, ûnder de Lange Oarloch Gwyer Warhein, in kaptein fan 'e Griene Ruters dy't twahûndert jier lyn libbe, ûnder de Klanoarloggen F'ryan Coblebay, de omkommen Griene Ruter troch waans tadwaan Karigan koerier wurden is it Keninklik Hof Zachary Hillander, kening fan Sacoridia frouwe Estora fan Coutre, fersein oan de kening; letter keninginne fan Sacoridia Agemon, de haadoppasser fan 'e Keninklike Tomben ûnder it kastiel Xandis Pierce Amberhill III, in ferearmoede ealman dy't in fiere neef fan kening Zachary is en syn lângoed rêde wol troch it fortún dat syn heit dertrochhinne gokt en dronken hat, wer byinoar te stellen yn 'e persoan fan 'e masterdief dy't bekend stiet as 'it Ravensmasker'. Morry, Yap, syn tsjinstfeinten Dakrias Brown, de keninklik argivaris Destarion, in master-sjirurgyn, de liifdokter fan 'e kening Vannlyn, in master-sirurgyn, de learmasteresse en opfolchster fan Destarion Colin Dovekey, in riedshear fan 'e kening en kommandant fan 'e Oarder fan 'e Swartskylden ('Wapens'), de liifgarde fan 'e kening Tallman, de opfolger fan Colin Dovekey Donal, Ellen, Fastion, Brienne Quinn, Rory, Travis, Willis, 'Wapens' (d.w.s. leden fan 'e Oarder fan 'e Swartskylden) Drent, in wapenmaster Gresia, in wapenmaster generaal Harborough, de kommandant fan it Sacoridiaanske leger Neff, de keninklik heraut Sperren, de seneskalk fan it Keninklik Kastiel Javian, de seneskalk fan it Keninklik Kastiel, de opfolger fan Sperren Spûkepoeke ("Ghost Kitty"), in kat út 'e Keninklike Tomben dy't Karigan har keamer yn it kastiel ta syn domein makket Eletiërs Santanara, kening fan Eletia Jametari, syn soan, prins fan Eletia Graelalea, syn dochter Ealdaen, Enver, Lhean, Somial, Telegioth, Eletiërs Twadde Ryk Beppe, in tsjoenster en folgelinge fan Mornhavon de Swarte, stiet oan it haad in ûndergrûnske organisaasje dy't "Twadde Ryk" hjit Lala, har dôfstomme beppesizzer kolonel Birch, de militêre lieder fan Twadde Ryk kaptein Immerez, earder ofsier yn de provinsjale milysje fan Mirwell, no ien fan de militêre lieders fan Twadde Ryk oaren Lorilie Dorran, de liedster fan it Sacoridiaanske Anty-Monargy Genoatskip Hadriax el Fex, oarspronklik de boezemfreon fan Mornhavon de Swarte, mar letter dy syn ferrieder; de stamheit fan it hûs G'ladheon Merdigen, of: de spektrale projeksje fan 'e grutte tsjoender Merdigen (silger), dy't tahâldt yn 'e Toer fan 'e Himels yn 'e D'yer-Muorre Mornhavon de Swarte, in kwea-aardige tsjoender dy't Sacoridia tûzen jier lyn, yn 'e Lange Oarloch, besocht te feroverjen, mar faalde, en no út 'e dea opstiet om it op 'e nij te besykjen de Spegelman, de trickster fan it Sacoridiaanske panteön Westrion, de Sacoridiaanske god fan de dea Salvistar, syn godlike hynder

Kategory:Literêr wurk fan Kristen Britain Kategory:Fantasyromansearje Kategory:Ingelsktalige romansearje Kategory:Romansearje út 1998 Kategory:Literatuer oer tsjoenderij Kategory:Literatuer oer elven Kategory:Literatuer oer tsjoenders