Antoine Adrianus Raymondus de Kom (De Haach, 13 augustus 1956) is in Nederlânsk psychiater, skriuwer en benammen dichter fan Surinaamsk komôf.

Libben en wurk thumb|left|300px|Antoine de Kom sprekt Nobelpriiswinner Derek Walcott ta yn de aula fan de Universiteit fan Amsterdam, 20 maaie 2008. Foto: Bert Nienhuis De Kom syn pake wie de bekende Surinaamske nasjonalist en fersetsman Anton de Kom. Antoine de Kom wenne fan 1966 oant 1971 yn Paramaribo. Hy studearre genêskunde oan de Universiteit fan Amsterdam en wurke as forinsysk psychiater oan it Pieter Baan Sintrum. Hy debutearre yn 1989 yn it tydskrift De Gids ûnder it pseudonym Raymond Sarucco. Dêrnei publisearre er gereldwei yn De Revisor en yn Hollands Maandblad. Syn earste bondel ferskynde yn 1991.

Antoine de Kom hat yndruk makke mei firtuoas toansette en histoarysk djipgeande gedichten yn Tropen (1991), De kilte in Brasilia (1995), Zebrahoeven (2001) en Chocoladetranen (2004). Alderlei foarmen fan kontrastwurking bepale de styl fan De Koms poëzy: de antytese, de paradoks, parallelle konstruksjes dy't ynhâldlik of formeel elkoars tsjinstelde foarmen, ferskowingen dy't oare betsjuttings opsmite, de wurden dy't op mear as ien wize útlein wurde kinne, de dûbelsinnichheid.

Yn 2013 spriek Antoin de Kom de tredde Cola Debrot-lêzing fan de Wurkgroep Karaïbyske Letteren út.

Op 29 jannewaris 2014 ûntfong er de VSB Poëzypriis foar syn bondel Ritmisch zonder string.

Wurken 1991 - Tropen 1995 - De kilte in Brasilia 2001 - Zebrahoeven 2004 - Chocoladetranen 2008 - De lieve geur van zijn of haar 2012 - Het Misdadige Brein : over het kwaad in onszelf 2013 - Ritmisch zonder string (trije gedichten dêrút waarden opnaam yn De 100 beste gedichten gekozen door Ahmed Aboutaleb voor de VSB Poëzieprijs 2014 (2014) 2021 - Demararamen

Oer Antoine de Kom Michiel van Kempen, 'Antoine A.R. de Kom.' Yn: Kritisch Lexicon van de moderne Nederlandstalige literatuur, ôfl. 88, febrewaris 2003. 10 ss. Michiel van Kempen, Een geschiedenis van de Surinaamse literatuur. Breda: De Geus, 2003, diel II, siden 1139-1143.

Kategory:Nederlânsk psychiater Kategory:Nederlânsk dichter Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Surinaamsk psychiater Kategory:Surinaamsk dichter Kategory:Surinaamsk publisist Kategory:Nederlânsk persoan fan Surinaamsk-Kreoalsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1956