Agabus wie in profeet, dy't yn it Nije Testamint neamd wurdt. Hy wurdt tradisjoneel beskreaun as ien fan 'e twaënsantich learlingen yn Lukas,Lukas 10:1-24 dy't der op út stjoerd waarden om it evangeelje te ferkundigjen.

Agabus reizge mei in groep profeten fan Jeruzalim nei de earste heidenske kristengemeente yn Antiochje. Dêr foarsei er dat der oer de hiele wrâld in swiere hongersneed komme soe. Under de gemeente waard doe in ynsammeling organisearre, om guod te stjoeren nei harren bruorren en susters yn Judéa.Hannelingen 11:27-28 Under it fjirde jier fan it bewâld fan Klaudius briek dy hongersneed yndied út (45 jier nei Kristus). Suëtoanius, Tasitus en Eusebius neamden dy hongersneed en yn Jeruzalim sloech de hongersneed sa bot ta, dat neffens Flavius Josephus mannichien de hongerdea stoar.

In twadde foarsizzing die Agabus trettjin jier letter (58 nei Kristus). Doe't Paulus yn Sesaréa wie, krige er besite fan Agabus. Dy Agabus die Paulus syn mulriem ôf en bûn himsels de hannen en fuotten mei de riem wylst er sei: "Dit seit de hillige Geast: de man fan wa't dizze riem is, sille de joaden yn Jeruzalim krektsa bine en him oan 'e heidenen útleverje."Hannelingen 21:10-11 Neidat guon joaden letter it folk yn Jeruzalim foarholden dat Paulus de timpel ûntwijd hie, der in opskuor ûntstie en Paulus de timpel útsleept waard om bûten deaslein te wurden, kamen Romeinske soldaten op it trelit ôf, dy't Paulus yn 'e boeiens sloegen.Hannelingen 21:27-33

Habib de Timmerman Guon boarnen identifsearje de yn 'e islam fereare Habib al-Najjar (Habib de Timmerman) mei de profeet Agabus en wolle ha dat Agabus yn it tsjintwurdige Turkske Antakya stoar.

Oer syn grêf yn Antiochje waard in tsjerke boud, mar nei't Umar ibn al-Chattab Antiochje op it Byzantynske Ryk ferovere, feroaren de moslims de tsjerke yn in moskee. Yn 'e rin fan 'e tiid wie it wikseljend in tsjerke of moskee, oant yn 1268 de Egyptyske Mamluk Baibars yn 1268 Antiochië definityf ûnder islamitysk bestjoer sette en de kristlike befolking ôfslachte.+A History of Armenia, Vahan M. Kurkjian Agabus wurdt yn 'e islam fereare as Habib Neccar en de moskee, Habib-i Neccar-moskee, is nei him ferneamd.Heiligenlexikon

Feestdagen Roomsk-Katolike Tsjerke: 13 febrewaris Otterdokse Tsjerke: 4 jannewaris, 8 maart

Kategory:Persoan yn it Nije Testamint Kategory:Profeet Kategory:Roomsk-katolyk hillige Kategory:Persoan berne yn de 1e iuw Kategory:Persoan stoarn yn de 1e iuw