Everybody Knows This is Nowhere is it twadde solo-album fan de Kanadeeske sjonger/lietskriuwer Neil Young en it earste mei syn begeliedingsband Crazy Horse (earder: the Rockets).It album is útbrocht yn 1969, it selde jier wêryn ’t Neil Young foar it earst gearwurke mei Crosby, Stills & Nash. Op it album steane sawol sêftere, melodieuzere ferskes as lûdere muzyk. De lieten “Cowgirl in the sand” en “Down by the river” duorje sa’n 9 oant 10 minuten en dêr sitte lange, rûge gitaarsoloos yn.
Tracklist
It album bestiet út de folgjende lieten. Cinemon Girl ***** Everybody knows this is nowhere **** Round and Round **** Down by the river ***** The loosing end *** Running dry (requiem for the Rockets) **** Cowgirl in the sand *****
De stjerren jouwe de beoardieling fan de lieten oan troch “The Ultimate Music Guide: Neil Young”. Op de hiemside “All Musyk Guide “ wurde de albums per artyst beoardiele. Beide beoardielingen rinne fan ien stjer (“striemin” ) oant fiif stjerren (“poerbêst)”. Dit album hat fiif stjerren krigen.
Muzikanten Neil Young - sjonger, gitaar Danny Whitten – gitaar, eftergrûn sang Ralph Molina - drums Billy Talbot - basgitaar Robin Lane – eftergrûn sang op "Round & Round" Bobby Notkoff – fioele op "Running Dry"
Keppeling om utens Diskografy
Kategory:Muzikaal wurk fan Neil Young Kategory:Album út 1969 Kategory:Rockalbum Kategory:Ingelsktalich album