On the Beach is it seisde solo-album fan de Kanadeeske sjonger en gitarist Neil Young. Dit album foarmet mei de albums “Time Fades Away” en “Tonight’s the Night” de “Ditch Trilogy” neamd nei in tsjustere perioade yn syn libben dy ’t folge op syn grutte súkses mei “Harvest”. De muzyk op dit album is rau en rûch mei meast sombere teksten.

Tracklist It album bestiet út de folgjende lieten.

Walk on **** See the sky about to rain *** Revolution blues***** For the turnstiles***** Vampire blues**** On the beach***** Motion pictures**** Ambulance blues*****

De stjerren jouwe de beoardieling oan fan de lieten troch “The Ultimate Music Guide: Neil Young”. Op de hiemside “All Musyk Guide “ wurde de albums fan in bepaalde artyst beoardiele. Beide beoardielingen rinne fan ien stjer (“striemin” ) oant fiif stjerren (“poerbêst)”. Dit album hat fiif stjerren krigen.

Muzikanten Neil Young – sang, gitaar, Wurlitzer, , banjo, harmonica Ben Keith - slide-gitaar,sang, steel-gitaar , dobro, Wurlitzer-piano, elektroanysk oargel, perkusje, basgitaar Tim Drummond – basgitaar, perkusje Ralph Molina – drums, sang, perkusje Billy Talbot - basgitaar Levon Helm - drums David Crosby –sang, gitaar Rick Danko - basgitaar George Whitsell - gitaar Graham Nash – sang, Wurlitzer-piano Rusty Kershaw - slide-gitaar, fiddle

Keppeling om utens Diskografy

Kategory:Muzikaal wurk fan Neil Young Kategory:Album út 1974 Kategory:Rockalbum Kategory:Ingelsktalich album