Grumman J2F Duck 275px Rol Ferkenning, rêding op see, algemiene taken Makker GrummanColumbia Aircraft Corporation Earste flecht 1936 Yn tsjinst 1936 Ut tsjinst Tal makke 584 Grutste brûkers United States Navy, United States Army Air Forces United States Coast Guard United States Marine Corps Farianten J2F-1 oant J2F-6.
De Grumman J2F Duck (bedriuwsoantsjutting G-15) wie in Amerikaansk ienmotoarich amfibyske twadekker. It tastel operearre sawol fan fleanfjilden as fleandekskippen.
Skiednis De J2F wie in ferbettere ferzje fan de eardere JF Duck, waans prototype al yn 1933 fleach en yn 1936 oan United States Navy levere waard. De J2F-1 gie ym 1937 mei in sterkere 760 hk(559 kW) Wright R-1820-stjermotor yn searjeproduksje. Meiïoar kamen der seis farianten fan de J2F (J2F-1 oant J2F-6). De lêste ferzje J2F-6 mei in 1.050 hk Wright R-1820-54-stjermotor waard yn 1940/41 boud. Totaal waarden 567 stiks makke, alle farianten meirekkene.
It tastel tsjinne by alle grutte ûnderdielen fan de Amerikaanske Striidkrêften fan mids tritiger jierren oant in skoftke nei de Twadde Wrâldoarloch, foaral noch foar algemiene tsjinsten en rêdingen op see. It tastel waard ek brûkt troch de Argentynske Marine fan 1937 ôf oan. Nei de oarloch bedarren de J2F Ducks by partikulieren, mar ek by de striidkrêften fan Kolombia en Meksiko.
De lêste tastellen wiene noch oant 1955 operasjoneel.
Technyske gegevens Gegevens Grumman J2F-6 Bemanning Piloat en waarnimmer Langte 10,40 m Spanwiidte 11,90 m Draachoerflak fleugels 38 m² Hichte 4,40 m Gewicht leech 2.485 kg Startgewicht 3.043 kg Topfaasje 305 km/o Tsjinstplafond 7.848 m Fleanberik 2.408 km Oandriuwing Ien Wright R-1820-54 stjermotor, 1.050 HK (783 kW) Bewapening 1 .030 beweechber masinegewear, 295 kg bommen/djiptebommen
Keppelings om utens (1945) NAVAER 01-220QA-1 Pilot's Handbook of Flight Operating Instructions Navy Model J2F-6 Airplane Histarmar website, Grumman J2F5/6 s. Histarmar website, Grumman G-15/20 s.
Grumman J02F Kategory:Amerikaanske ferkenningsfleanmasine Kategory:Amerikaanske wetterfleanmasine Kategory:Yntroduksje út 1936