After the Gold Rush is it tredde solo-album fan de Kanadeeske sjonger/lietskriuwer Neil Young en wie ien fan syn grutste súksessen. It album bestiet út meast melodieuze lietsjes, wêryn‘t de piano in belangryke rol spilet, ôfwiksele troch in pear steviger rock numers mei syn karakteristike gitaarlûd. “Southern man” is in protestliet tsjin de rassediskryminaasje yn it suden fan de F.S. De Southernrock band Lynyrd Skynyrd antwurde hjir op mei harren lied “Sweet home Alabama”. Op dit album spile Neil Young net mei Crazy Horse, mar de bassist en drummer fan dy band Billy Talbot en Ralph Molina spilen wol mei.

Tracklist

It album bestiet út de folgjende lieten. Tell me why**** After the Gold Rush ***** Only love can break your heart ***** Southern Man **** Till the morning comes **** Oh lonesome me*** Don’t let it bring you down**** Birds***** When you dance I can realy love**** I believe in you***** Criple creek ferry***

De stjerren jouwe de beoardieling oan fan de lieten troch “The Ultimate Music Guide: Neil Young”. Op de hiemside “All Musyk Guide “ wurde de albums per artyst beoardiele. Beide beoardielingen rinne fan ien stjer (“striemin” ) oant fiif stjerren (“poerbêst)”. Dit album hat fiif stjerren krigen.

Muzikanten Neil Young - sjonger, gitaar, piano, harmonika, vibes Gregg Reeves - basgitaar Nils Lofgren - gitaar, piano, sang Stephen Stills - sang Jack Nitzsche - piano Danny Whitten - gitaar Billy Talbot - basgitaar Ralph Molina - drums Billy Petterson - bugel

Keppeling om utens Diskografy

Kategory:Muzikaal wurk fan Neil Young Kategory:Album út 1970 Kategory:Rockalbum Kategory:Ingelsktalich album