Václav Hollar, mear bekend as Wenceslaus, Wenceslas of Wenzel Hollar (yn Dútslân) (Praach, 13 july 1607 – Londen, 25 maart 1677), wie in Boheemsk etser en tekener.
Hy waard berne yn Praach as soan fan in amtner yn in katolike húshâlding. Doe't er 20 jier wie ferliet er Praach om yn Frankfurt te studearjen by Matthäus Merian, de ferneamdste koperstekker fan syn tiid. Syn earste boek mei etsen waard publisearre yn 1635 yn Keulen; hy wie doe 28 jier.
Yn 1637 ferfear er nei Ingelân ta dêr't er in grut part fan syn libben tahâlde soe. Yn 1645 gie er nei Antwerpen fanwegen de boargeroarloch (1642-1645) yn Ingelân; hy bleau dêr oant yn 1652. Hy stoar yn Londen, dêr't er beïerdige waard yn Saint Margaret's Church, Westminster.
Wenzel Hollar wie net allinne ien fan de bêste keunstners fan syn tiid, mar ek ien mei de grutste produksje. Syn tige sekuere, realisyske wurk beslacht om de 400 tekeningen en mear as 3000 etsen.
Galery
Keppeling om utens De Wenceslas Hollar Digital Collection fan de Universiteit fan Toronto
Kategory:Tsjechysk etser Kategory:Tsjechysk tekener Kategory:Ingelsk etser Kategory:Ingelsk tekener Kategory:Boheemsk persoan Kategory:Ingelsk persoan fan Tsjechysk komôf Kategory:Persoan berne yn 1607 Kategory:Persoan stoarn yn 1677