Skanderbeg (Albaneesk: Skënderbeu of Skënderbej; wiere namme: Gjergj Kastrioti; helenisearre foarm: George Castriotis; noardeastlik Albaanje, 6 maaie 1405 – Lezhë, 17 jannewaris 1468) wie in Albaneesk ealman, ofsier en politikus, dy't yn syn jonkheid yn it leger en de amtnerij fan it Osmaanske Ryk tsjinne, mar yn 1443 lieding joech oan in opstân yn it hjoeddeiske Albaanje en Masedoanje tsjin datselde Osmaanske Ryk. Dêrby hied er earst de stipe fan 'e Republyk Feneesje en letter fan it Keninkryk Napels. Hy hold in fearnsiuw lang stân, oant syn dea yn 1468, mar neitiid waard de rebûlje de kop yn drukt troch de Osmanen.
Hjoed de dei wurdt Skanderbeg sjoen as in Albaneeske folksheld en syn opstân as in ier foarbyld fan Albaneesk nasjonalisme, mar eins gie it barren oan 'e hiele súdlike helte fan Albaanje foarby, wylst in grut diel fan 'e folgelingen fan Skanderbeg út etnyske Serven, Montenegrinen, Flachen en Griken bestie. Hoewol't it religieuze aspekt tsjintwurdich ôfswakke wurdt troch de (fierhinne islamityske) Albanezen, moat de opstân fan Skanderbeg dochs fral sjoen wurde yn it ramt fan kristlik ferset tsjin 'e útwreiding fan 'e islaam. Skanderbeg foarme lange tiid in obstakel foar in fierdere Osmaanske opmars yn Jeropa en joech dêrmei de kristlike steaten yn Itaalje en op 'e noardlike Balkan de tiid om har op 'e striid tsjin 'e Osmanen ta te rieden.
Namme Skanderbeg syn wiere (Albaneeske) namme wie Gjergj Kastrioti. 'Gjergj' is de Albaneeske foarm fan 'Joaris', wylst de efternamme 'Kastrioti' ferwiist nei it plak Kastriot, yn it noardeasten fan it hjoeddeiske Albaanje, dêr't syn famylje wei kaam. Etymologysk komt 'Kastrioti' fan it Latynske wurd foar kastiel, castrum, fia it Grykske κάστρο, kástro. Skanderbeg syn namme komt in soad foar yn 'e helenisearre foarm George Castriotis, en ek wol yn 'e Latynske foarm Georgius Castriotus en de Slavyske foarm Đorđe Kastriot of Ђорђе Кастриот.
Hy waard lykwols folle bekender ûnder syn bynamme Skanderbeg, yn it Albaneesk Skënderbeu of Skënderbej. Dat wie in ferbastering fan it Turkske اسکندر بگ, İskender beğ of İskender Bey, dat letterlik 'hear Aleksander' betsjut. Men giet derfan út dat dat in komplimint fan syn fijân wie, dy't syn militêre betûftens ferliek mei dy fan Aleksander de Grutte. Sels ûndertekene Skanderbeg offisjele dokuminten mei 'hear fan Albaanje (Latyn: Dominus Albaniae), mar fierders makke er nea oanspraak op aadlike titels.
Libben Jonkheid De iere jonkheid fan Skanderbeg is noch altyd net alhiel dúdlik, hoewol't de pleatsing (troch Fan Noli) fan syn berte yn it jier 1405 no frij algemien akseptearre wurdt. Syn berteplak moat yn elts gefal socht wurde yn it noardeasten fan it hjoeddeiske Albaanje, dêr't syn heit Gjon Kastrioti en dêrfoar syn pake Pal Kastrioti in foarstedom bestjoerden dat de moderne distrikten Mat, Mirditë en Dibër omfieme. Syn mem wie in Servyske prinsesse dy't fan Voisava hiet, nei alle gedachten in telch út it Branković-laach. Fierders is it bekend dat Skanderbeg trije âldere bruorren hie, Stanisha, Reposh en Konstandin, en fiif susters: Mara, Jelena, Angjelina, Vlajka en Mamica.
Yn Osmaanske tsjinst Yn it spanningsfjild tusken it roomsk-katolisisme en de eastersk-otterdoksy feroare de Kastrioti-famylje fan religy al neigeraden dat se bûnsgenoaten fan it otterdokse Keninkryk Servje of de roomske Republyk Feneesje wiene. Doe't Skanderbeg syn heit oan 'e ein fan 'e fjirtjinde iuw in fazal fan 'e (islamityske) Osmaanske Turken waard, bleau er lykwols kristen, al moast er wol militêre bystân oan 'e Osmanen leverje, lykas yn 'e Slach by Ankara, yn 1402.
Stanisha, de âldste broer fan Skanderbeg, waard nei alle gedachten troch de Osmanen opeaske ûnder it devşirme-stelsel, in soarte fan belesting yn 'e foarm fan jonges út kristlike gesinnen dy't neitiid grutbrocht waarden yn 'e islaam en treend waarden om te tsjinjen by de janitsaren, de elite-ynfantery fan 'e Osmanen. It tinken ûnder histoarisy is lykwols dat Skanderbeg sels net as ûnderdiel fan 'e devşirme, mar ynstee as gizelder foar syn heite trou oan 'e sultan by de Osmanen kaam. Dat moat omtrint 1423 west hawwe, doe't er likernôch achttjin jier wie. Gizelders lykas hy waarden net yn it tichthûs smiten, mar krigen ynstee oan it hof fan 'e sultan yn Adrianopel (it hjoeddeiske Edirne) in earsten militêre oplieding. Men giet derfan út dat Skanderbeg trije jier lang oan it hof fan Moerad II bleau en ûnderrocht krige oan 'e Skoalle fan Enderun. Yn dy perioade bekearde er him ta de islaam.
Nei't er syn oplieding ôfrûne hie, waard Skanderbeg as ofsier yn Osmaanske tsjinst oansteld, en de folgjende jierren focht er oanhâldend mei de moslims tsjin 'e kristenen. Dat hold oan sels nei't syn heit yn 1430 tsjin 'e sultan yn opstân kommen en ferslein wie, wêrnei't de Kastrioti's it meastepart fan harren lân kwytrekken. Ek doe't Gjergj Arianiti en Ndreu Thopia, dy't frijwol buorlju fan 'e Kastrioti wiene, tusken 1432 en 1436 in opstân tsjin 'e Osmanen oanfierden, die Skanderbeg neat en bleau er Moerad trou. Dêrfoar waard er yn 1437-1438 beleanne mei de posysje fan subaşi (distriktsgûverneur) fan Krujë. Teffens hied er yn dy snuorje it befel oer in kavalery-ienheid fan 5.000 man. Yn 1440 waard er oansteld as sancakbey (provinsjegûverneur) fan 'e Sandjak fan Dibra.
Opstân tsjin 'e Osmanen Begjin It wurdt frij algemien foar wier oannommen dat Skanderbeg begjin novimber 1443, ûnder de Slach by Niš, mei sa'n trijehûndert oare Albanezen desertearre út it leger fan sultan Moerad II en oerrûn nei de krúsfarders fan 'e Hongaarske legeroerste János Huyadi, hoewol't inkele iere boarnen hawwe wolle dat dat in pear moanne letter barde, ûnder de Slach by Kunovica, op 2 jannewaris 1444. Neffens de meast wierskynlike ferzje fan it ferhaal late Skanderbeg syn mannen nei Krujë ta, dêr't er op 28 novimber arrivearre en prompt de stêd ynnaam troch in ferfalske brief fan Moerad sjen te litten wêryn't hysels ta gûverneur fan Krujë beneamd waard. Nei't er in stikmannich minder wichtige stêden yn 'e omkriten bemastere hie, wêrûnder Petrela, Prezë, Guri i Bardhë, Svetigrad en Modrič, liet er by wize fan formele ferklearring dat er him tsjin it Osmaanske Ryk kearde, in reade flagge mei in dûbelkoppige swarte earn hise. Dat wie in banier fan it wapen fan syn famylje, dêr't de hjoeddeistige flagge fan Albaanje op basearre is. Skanderbeg swarde de islaam ôf en naam it kristendom wer oan, en twong alle oare moslims yn 'e gebieten dy't er behearske itselde te dwaan as se net om hals brocht wurde woene.
Skanderbeg syn opstân kaam net samar út 'e loft fallen, mar wie winliken in fuortsetting fan 'e al jierrenlang smeulende opskuor yn it bercheftige en dêrom dreech te behearskjen noarden fan Albaanje. En yn augustus 1443 wie yn sintraal Albaanje, dus súdlik fan it no troch Skanderbeg bemastere gebiet, op 'e nij in rebûlje útbrutsen ûnder lieding fan Gjergj Arianiti. Op 2 maart 1444 ûntbea Skanderbeg de oare Albaneeske foaroanmannen yn Lezhë, in stêd dy't yn 'e hannen wie fan 'e Republyk Feneesje. Dêr waard ûnder Fenesiaanske beskerming de saneamde Liga fan Lezhë sletten, wêrfan't de leden njonken Skanderbeg sels de lieders fan 'e famyljes Arianiti, Dukagjini, Dushmani, Muzaka, Spani, Thopia, Zaharia en Zenevisi wiene. Ek de machtige Montenegrynske ealman Stefan Crnojević sleat him dêrby oan.
Doe't er de stipe fan dizze bûnsgenoaten hie, organisearre Skanderbeg in mobyl ferdigeningsleger dat yn lytseftige kloften operearre, sadat de Osmanen twongen waarden om harren legers ek te fersprieden, wat it foardiel fan harren nûmerike oermacht sterk ôfswakke. Skanderbeg focht in guerrilja-oarloch tsjin harren út, wêrby't er goed gebrûk makke fan it bercheftige terrein. De earste acht oant tsien jier hied er in leger fan nei skatting yn totaal sa'n 10.000 oant 15.000 man, dy't lykwols suver nea allegear op ien plak te finen wiene. Boppedat hied er inkeld oer syn eigen mannen it direkte befel; foar de rest moast er de oare eallju oertsjûgje om mei te gean yn syn polityk en strategy. Syn rippertwaar wie trouwens net beheind ta inkeld guerriljataktiken. Sa fersloech er yn 'e simmer fan 1444 yn 'e Slach by Torvioll yn in iepen fjildslach in 25.000 man tellend Osmaansk leger ûnder in Ali Pasja. Dêrby kamen 8.000 Osmanen om, wylst nochris 2.000 kriichsfinzen nommen waarden. Yn 'e folgjende pear jier fersloech Skanderbeg de Osmanen noch in pear kear: op 10 oktober 1445 yn 'e Slach oan de Mokra, en op 27 septimber 1446 yn 'e Slach by Otonetë.
Oarloch mei Feneesje Neigeraden dat de Albanezen mear súksessen boekten tsjin it Osmaanske Ryk, groeide der in kleau tusken harren en har Fenesiaanske bûnsgenoaten. De Republyk Feneesje makke graach fan Skanderbeg-en-dy gebrûk om in buffer te kreëarjen tusken de eigen gebieten oan 'e kust fan 'e Adriatyske See en it Osmaanske Ryk, mar doe't de rebellen te sterk waarden, begûnen de Fenesianen harren as in bedriging te sjen. Yn 1447 ûntstie der in heechoprinnend skeel oer it besit fan 'e fêsting Dagnum, dat de direkte oanlieding wie ta it útbrekken fan 'e Albaneesk-Fenesiaanske Oarloch fan 1447-1448. Nei't Skanderbeg mei de Montenegrynske eallju Đurađ Branković en Stefan Crnojević en de pleatslike Albaneeske befolking ferskate oanfallen op 'e Fenesiaanske besittings Bar en Ulcinj útfierd hie, ferklearre Feneesje him fûgelfaai en sette in priis fan hûndert goudene dukaten op syn holle.
Wylst der yn it westen tsjin 'e Fenesianen fochten waard, foelen de Osmanen Skanderbeg op 'e nij út it easten wei oan, sadat er no in oarloch op twa fronten útfjochtsje moast. Op 14 maaie sloech in Osmaansk leger dat oanfierd waard troch Moerad II sels en syn soan Mehmed belis foar Svetigrad. Wylst it Albaneeske garnizoen fan 'e fêsting de Osmaanske bestoarmings ôfsloech, fierde Skanderbeg sels fanút de omlizzende bergen oanhâldend oanfallen út op 'e belegerders. Tuskentroch fûn er noch de tiid om op 23 july 1448 yn 'e Slach by Shkodër in Fenesiaansk leger ûnder Daniele Iurichi, de Fenesiaanske gûverneur fan Shkodër (Italjaansk: Scutari) te ferslaan. Uteinlik foel it belegere Svetigrad om't de Osmanen de wettertafier ûntdieken en ôfsniene. Hoewol't Skanderbeg troch dat ferlies net folle manskippen kwytrekke, wie Svetigrad in wichtige fêsting, dy't de tagong ta syn gebiet fanút it leechlân fan Masedoanje behearske.
Underwilens belegere Skanderbeg sels de kuststêden Durrës (Italjaansk: Durazzo) en Lezhë, dy't yn Fenesiaanske hannen wiene. Yn augustus weefde er yn 'e Slach by Oranik ôf mei it Osmaanske leger fan in Mustafa Pasja. Dyselde waard kriichsfinzen nommen en neitiid foar 25.000 dukaten wer frijkocht, mar net foar't er Skanderbeg ferteld hie dat it Feneesje wie dat de Osmanen allegeduerigen oantrune om fan it easten út Albaanje binnen te fallen. Nei de swiere nederlaach yn 'e Slach by Shkodër, dêr't se 2.500 man ferlern hiene, woene de Fenesianen lykwols wol omlyk, en op 4 oktober koe der troch bemiddeling fan Georgius Pelino, de abt fan Ratac, in fredesferdrach tekene wurde, wêrby't Feneesje de fêsting Dagnum hold, mar Buzëgjarpri, oan 'e mûning fan 'e rivier de Drin, oan Skanderbeg ôfstie. Dêropta soe Feneesje jierliks in jildbedrach fan 1.400 dukaten oan Skanderbeg betelje, dy't dêrnjonken (ek jierliks) belestingfrij twahûndert hynsteladings sâlt yn Durrës keapje koe.
Ien fan 'e wichtichste redens foar de gau-gau sletten frede mei Feneesje wie de opmars fan it Hongaarske leger fan János Hunyadi tsjin it Osmaanske Ryk, dêr't Skanderbeg him by jaan woe. Hoewol't er daliks nei it ûndertekenjen fan it ferdrach nei it easten ta opteach, waard er nei't it skynt opholden troch gefjochten mei de troepen fan Đurađ Branković, dy't tsjin dy tiid oerrûn wie nei de Osmaanske kant (hoewol't dat troch guon histoarisy ûntstriden wurdt). Fan gefolgen arrivearre Skanderbeg te let yn Kosovo, hoewol't er noch mar 30 km te gean hie doe't Hunyadi syn leger yn 'e Slach op it Lysterfjild (1448) troch de Osmanen ferslein waard.
It Earste Belis fan Krujë