Jehannes Meyssens, ek wol Jan Meyssens (Brussel, 17 maaie 1612 – Antwerpen, 18 septimber 1670), wie in Súd-Nederlânsk barokskilder, graveur en drukker. Hy wie de heit fan Cornelis Meyssens.

Libben en wurk Hy waard berne yn Brussel, mar ferhuze nei Antwerpen doe't er noch jong wie. Hy waard dêr master by it Sint-Lukasgilde yn 1640. Hy boaske oan Anna Jacobs (stoarn 1678); harren soan Cornelis waard ek graveur.

Hy wurke gear mei skilders en graveurs en de saken giene goed. Hjoed de dei is er foaral bekend fan syn printeboek Image de divers hommes d'esprit sublime qui par leur art et science devront vivre eternellement et des quels la lovange et renommée faict estonner le monde, A Anvers mis en lumiere par Iean Meyssens peinctre et vendeur de lart au Cammestraet l'an .M.DC.XLIX dat yn 1649 publisearre waard. Dat boek, mei portretten fan ferneamde lju, ek in protte skilders, waard letter wer brûkt as boarne foar keunsthistorisy. Fral bekend is Cornelis de Bie syn Het Gulden Cabinet (Antwerpen, 1662), dy't dat wurk skreau op oanstean fan Meyssens. Yn 1694 waard der in Ingelske ferzje publisearre yn Londen mei de titel The True Effigies Of the most Eminent Painters, and other famous artists that have flourished in Europe.

De Frânske teksten dy't Meyssens ûnder eltse plaat sette waarden letter brûkt as biografyske ynformaasje troch keunsthistorisy lykas Filippo Baldinucci, Joachim von Sandrart en Arnold Houbraken.

Hy beynfloede Theodoor van Merlen (1602/1606-1659).

Fierder lêze Faksimilee fan de Image de divers hommes d'esprit sublime Filippo Baldinucci's Keunstnersbiografyen, 1610–1670, s. 377 Google books Keppeling om utens J. Meyssens yn it Ryksmuseum Amsterdam

Kategory:Súdnederlânsk graveur (foar 1830) Kategory:Súdnederlânsk keunstskilder (foar 1830)‎ Kategory:Súdnederlânsk drukker (foar 1830)‎ Kategory:Flaamsk graveur Kategory:Flaamsk keunstskilder Kategory:Flaamsk drukker Kategory:Persoan berne yn 1612 Kategory:Persoan stoarn yn 1670