De ralfûgels (wittenskiplike namme: Rallidae) foarmje in famylje fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves), it skift fan 'e kraanfûgeleftigen (Gruiformes) en it ûnderskift fan 'e raleftigen (Ralli). Ta dizze famylje hearre teminsten 130 libbene soarten, wêrûnder de yn Fryslân bekende merkel (Fulica atra) en it reidhintsje (Gallinula chloropus). Dêropta binne der noch 23 oant 25 resint (yn 'e lêste fiifhûndert jier) útstoarne soarten. Ralfûgels binne lytse oant middelgrutte fûgels dy't in oansjenlik ferskaat oan oanpassings fertoane. Hoewol't in protte soarten assosjearre wurde mei sompen en oare wetterrike kriten, komme se oeral op 'e wrâld foar, útsein yn drûge woastinen, yn 'e poalkriten en boppe de sniegrins yn heechberchtmen. Frijwol alle soarten ralfûgels hâlde fan tichte plantegroei dêr't se har yn ferskûlje kinne.

Untwikkeling De wjukken fan 'e ralfûgels binne koart en rûn, en de soarten dy't fleane kinne, binne sadwaande gjin loftakrobaten. Wol kinne se, as se ienris yn 'e loft binne, harren flecht lange tiid folhâlde. By stoarm wurde se lykwols maklik fan koerts blaasd, wat de reden is dat de ralfûgels safolle ôfhandige eilannen kolonisearre hawwe. Fan 'e mear as 150 histoarysk bekende soarten ralfûgels hawwe 31 soarten har ûntjûn ta flechtleaze fûgels. Dat is in earsten foarbyld fan parallelle evolúsje yn it bisteryk. Behalven de swakke flechtfermogens spile dêrby ek in rol dat in soad ralfûgels leaver te foet útnaaie as fuortfleane as der gefaar driget, yn 't bysûnder as der sprake is fan tichte begroeiïng dy't beskûl biede kin. Guon fleanende soarten ferlieze fierders dochs al tydlik it fermogen om te fleanen as se ferfearje. En ta einbeslút waard troch it libben op eilannen dy't ûnberikber wiene foar grûnrôfdieren de needsaak om te fleanen eliminearre.

Famylje-opbou

famylje ralfûgels (Rallidae) incertae sedis (yndieling ûnwis) skaai Aletornis of Protogrus † skaai Amsterdameilânrallen (noch gjin witt. namme) † skaai Australlus † skaai Barbadosrallen (noch gjin witt. namme) † skaai Baselrallus † skaai Belgirallus † skaai Bokaaktrapguozzen (noch gjin witt. namme) † skaai Capellirallus † skaai Creccoides † skaai Eocrex † skaai Euryonotus † skaai Fernando de Noronha-rallen (noch gjin witt. namme) † skaai Fulicaletornis † skaai Hovacrex † skaai Ibidopsis † skaai Latipons † skaai Miofulica † skaai Miorallus † skaai Nesophalaris † skaai Palaeoaramides † skaai Palaeorallus † skaai Paraortygometra † skaai Parvirallus † skaai Pastushkinia † skaai Peaske-eilânrallen (noch gjin witt. namme) † skaai Quercyrallus † skaai Rallicrex † skaai Rhenanorallus † skaai rougetrallen of Rougets rallen (Rougetius), 1 soarte: skaai Tahityguozzen (noch gjin witt. namme) † skaai Viti Levu-rallen (Vitirallus) † skaai Wanshuina † skaai Westyndyske grotrallen (Nesotrochis) † skaai Youngornis † ûnderfamylje echte ralfûgels (Rallinae) skaai bleateachrallen (Gymnocrex): 3 soarten skaai flemingrallen of Flemings rallen (Pleistorallus) † skaai hawkinsrallen of Hawkins' rallen (Diaphorapteryx) †: 1 soarte resint útstoarn skaai krúnrallen (Anurolimnas): 3 soarten skaai lewinrallen of Lewins rallen (Lewinia): 3 soarten skaai Madagaskarrallen (Biensis): 1 soarte (faak ûnderbrocht by de wetterrallen, Rallus) skaai Oseänyske rallen (Gallirallus): 12 soarten + nochris 6 resint útstoarn skaai reade rallen of Mauritsiusrallen (Aphanapteryx) †: 1 soarte resint útstoarn skaai Rodriguesrallen of Rodrigueseilânrallen (Erythromachus) † skaai teaperts (Crex): 1 soarte (foarhinne, en soms noch wol, 2) skaai ûnechte teaperts (Crecopsis): 1 soarte (foarhinne, en soms noch wol, ta de teaperts rekkene) skaai wetterrallen (Rallus): 13 of 14 soarten skaai wytkielrallen (Dryolimnas): 1 soarte + noch 1 resint útstoarn ûnderfamylje poarperhinfûgels (Porphyrioninae) tûke poarperhineftigen (Porphyrionini) skaai poarperhinnen (Porphyrio): 10 soarten + nochris 2 resint útstoarn skaai Sint-Helenapoarperhinnen (Aphanocrex) †: 1 soarte, resint útstoarn tûke strewelhineftigen (Himantornithini) skaai Afrikaanske porsleinhinnen (Aenigmatolimnas): 1 soarte skaai brune rallen (Amaurornis of Poliolimnas): 11 soarten skaai kasuarisrallen (Megacrex): 1 soarte skaai Nkulegurallen (Himantornis): 1 soarte skaai wetterhoannen (Gallicrex): 1 soarte tûke teapertrallen fan de Alde Wrâld (Zaporniini) skaai kastanjerallen (Rallina): 5 soarten skaai teapertrallen (Zapornia): teminsten 1 soarte (mooglik mear) tûke teapertrallen fan de Nije Wrâld of dwerchraleftigen (Laterallini) skaai Ascensionrallen (Mundia) †: 1 soarte resint útstoarn skaai brúnkrúnrallen (Rufirallus): 1 soarte skaai dwerchrallen (Laterallus): 7 soarten skaai gerslânrallen (Coturnicops): 3 soarten skaai gielbúkporsleinhinnen (Hapulocrex): 1 soarte skaai Inaccesible-eilânrallen (Creciscus of Atlantisia): 1 soarte skaai schomburgkrallen of Schomburgks rallen (Micropygia): 1 soarte skaai wytkieldwerchrallen (Limnocrex): 2 soarten ûnderfamylje reidhinfûgels (Gallinulinae) tûke boskraleftigen (Pardirallini) skaai boskrallen (Aramides): 9 soarten skaai effen rallen (Amaurolimnas): 1 soarte skaai grize rallen (Pardirallus): 3 soarten skaai muskusrallen (Mustelirallus): 3 soarten tûke reidhineftigen (Gallinulini) skaai Australyske reidhinnen (Tribonyx): 3 soarten skaai reidhinnen of echte reidhinnen (Gallinula): 6 soarten + noch 1 resint útstoarn skaai merkels of markols (Fulica): 10 soarten + noch 1 resint útstoarn skaai porsleinhinnen (Porzana): 11 soarten + nochris 6 resint útstoarn skaai Samoäreidhinnen (Pareudiastes) †?: 2 soarten, beide mooglik útstoarn skaai ûnechte reidhinnen (Paragallinula): 1 soarte

Kategory:Kraanfûgeleftige Kategory:Fûgelfamylje