De reidhinfûgels (wittenskiplike namme: Gallinulinae) foarmje in ûnderfamylje fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves), it skift fan 'e kraanfûgeleftigen (Gruiformes), it ûnderskift fan 'e raleftigen (Ralli) en de famylje fan 'e ralfûgels (Rallidae). Ta dizze taksonomyske groep hearre 47 oant 49 libbene soarten mei dêropta nochris teminsten 8 resint (d.w.s. yn 'e lêste fiifhûndert jier) útstoarne soarten. De bekendste soarten reidhinfûgels binne de merkel (Fulica atra) en it reidhintsje (Gallinula chloropus), dy't ek yn Fryslân rûnom foarkomme. Reidhinfûgels binne mear noch as oare ralfûgels echte wetterfûgels, en komme sadwaande gauris yn sompen en oarre wetterrike kriten foar.

Famylje-opbou

ûnderfamylje reidhinfûgels (Gallinulinae) tûke boskraleftigen (Pardirallini) skaai boskrallen (Aramides): 9 soarten skaai effen rallen (Amaurolimnas): 1 soarte skaai grize rallen (Pardirallus): 3 soarten skaai muskusrallen (Mustelirallus): 3 soarten tûke reidhineftigen (Gallinulini) skaai Australyske reidhinnen (Tribonyx): 3 soarten skaai echte reidhinnen (Gallinula): 6 soarten + noch 1 resint útstoarn skaai merkels of markols (Fulica): 10 soarten + noch 1 resint útstoarn skaai porsleinhinnen (Porzana): 11 soarten + nochris 6 resint útstoarn skaai Samoäreidhinnen (Pareudiastes) †?: 2 soarten, beide mooglik útstoarn skaai ûnechte reidhinnen (Paragallinula): 1 soarte

Kategory:Ralfûgel