De echte ralfûgels (wittenskiplike namme: Rallinae) foarmje in ûnderfamylje fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves), it skift fan 'e kraanfûgeleftigen (Gruiformes), it ûnderskift fan 'e raleftigen (Ralli) en de famylje fan 'e ralfûgels (Rallidae). Ta dizze taksonomyske groep hearre 35 libbene soarten mei dêropta nochris teminsten 12 resint (d.w.s. yn 'e lêste fiifhûndert jier) útstoarne soarten. De bekendste soarte echte ralfûgel is de teapert (Crex crex), dy't foarhinne ek rûnom foarkaam yn Fryslân.
Famylje-opbou
ûnderfamylje echte ralfûgels (Rallinae) skaai bleateachrallen (Gymnocrex): 3 soarten skaai Chathameilânske rallen (Cabalus) †: 1 soarte resint útstoarn skaai flemingrallen of Flemings rallen (Pleistorallus) † skaai hawkinsrallen of Hawkins' rallen (Diaphorapteryx) †: 1 soarte resint útstoarn skaai krúnrallen (Anurolimnas): 3 soarten skaai lewinrallen of Lewins rallen (Lewinia): 3 soarten skaai Madagaskarrallen (Biensis): 1 soarte (faak ûnderbrocht by de wetterrallen, Rallus) skaai Oseänyske rallen (Gallirallus): 9 soarten + nochris 8 resint útstoarn skaai reade rallen of Mauritsiusrallen (Aphanapteryx) †: 1 soarte resint útstoarn skaai Rodriguesrallen of Rodrigueseilânrallen (Erythromachus) † skaai teaperts (Crex): 1 of 2 soarten skaai ûnechte teaperts (Crecopsis): 1 soarte skaai wetterrallen (Rallus): 13 of 14 soarten skaai wytkielrallen (Dryolimnas): 1 soarte + noch 1 resint útstoarn
Kategory:Ralfûgel Kategory:Kraanfûgeleftige