thumb|right|Stalin en Von Ribbentrop skodzje eltsoar de hân nei it ûndertekenjen fan it net-oanfalsferdrach. It Molotov-Ribbentroppakt, offisjeel it Net-oanfalsferdrach tusken Dútslân en de Sovjet-Uny, is de benamming foar in net-oanfalsferdrach tusken Dútslân en de Sovjet-Uny dat op 24 augustus 1939 (datearre op 23 augustus) yn Moskou troch de Dútske minister fan Bûtenlânske Saken Joachim von Ribbentrop en syn sovjetkollega Vjatsjeslav Molotov tekene en publisearre waard. Mei dit pakt hie it Dútske Ryk de garânsje dat de Sovjet-Uny neutraal bliuwe soe, sadat in kriich tsjin Poalen en it Westblok mooglik waard.

Yn it ferdrach waard fêstlein dat Finlân, Estlân, Letlân, it easten fan Poalen en dielen fan Roemeenje (Bessaraabje en de Noard-Bûkovina) ûnder de ynfloedssfear fan de Sovjet-Uny falle soenen en Litouwen, it westen fan Poalen en de rest fan Roemeenje ûnder de Dútske. De skiedingsline yn Poalen kaam by de rivieren Narew, Wisla en San te lizzen, en dy yn Roemeenje by de Prut.

Kategory:Ferdrach út 1939 Kategory:Ferdrach mei Dútslân Kategory:Ferdrach mei de Sovjet-Uny Kategory:Nazy-Dútslân Kategory:Twadde Wrâldkriich Kategory:Skiednis fan Poalen Kategory:Skiednis fan Roemeenje Kategory:Skiednis fan Litouwen Kategory:Skiednis fan Letlân Kategory:Skiednis fan Estlân Kategory:Skiednis fan Finlân