James Deen, echte namme: Bryan Matthew Sevilla (Los Angeles County (Kalifornje), 7 febrewaris 1986), is in rêstend Amerikaansk pornografysk akteur en regisseur fan mingd Joadsk, Dútsk, Ingelsk en Skotsk etnysk komôf. Hy sette yn 2004 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry. Deen ûntjoech him ta ien fan 'e bekendste manlike pornoakteurs en spile yn tûzenen films. Mei syn frij smelle lichemsbou falt er op tusken syn kollega's, dy't oer it algemien in spierd uterlik hawwe. Under syn fans binne in soad tinerfamkes. Deen is anno 2017 de winner fan 13 AVN Awards. Ein 2015 kamen ferskate pornoaktrises mei beskuldigings fan seksueel wangedrach fan Deen nei bûten ta, wêrby't it gie om sawol beropsmjittige as priveesitewaasjes.

Libben en karriêre Jonkheid en oplieding Deen waard yn 1986 berne yn Los Angeles County, yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje. Hy groeide op yn Pasadena. Syn heit en mem wiene beide yngenieur, wêrby't syn heit spesjalisearre wie yn meganika en syn mem yn kompjûters en oare elektroanika. Deen syn pake oan heitekant kaam út Ohio, en syn eigen âlden (Deen syn oerpake en -beppe) wiene Sefardysk-Joadske ymmigranten út Istanbul, yn Turkije. Deen syn beppe oan heitekant kaam ek Ohio, en wie fan mingd Dútsk, Ingelsk en Skotsk etnysk komôf. De famylje fan Deen syn mem bestiet út Asjkenazyske Joaden dy't út East-Jeropa stamje. Yn 2004 slagge Deen foar de middelbere skoalle oan 'e La Cañada High School yn Pasadena. Tsjin dy tiid wiene syn âlden skieden, en loek er by syn heit yn. Hy folge kolleezjes oan it Pasadena City College en wurke dêrnjonken yn in Starbucks-kofjehûs.

Pornokarriêre Neffens eigen sizzen wie it al Deen syn ambysje om pornoakteur te wurden sûnt er op 'e beukerskoalle siet. As tiner hearde er ris in fraachpetear mei pornostjer Jenna Jameson op it radioprogramma Loveline, wêrby't in harker ynskille om har te freegjen hoe't er pornoakteur wurde koe. Jameson antwurde dat hy himsels oanleare moast om sûnder sjêne te masturbearjen yn it bywêzen fan tweintich oaren. Sadwaande begûn Deen mei it hawwen fan seks yn it iepenbier op feesten en raves. Neffens him hat sok ekshibysjonistysk hâlden en dragen him tige by tige holpen om te 'prestearjen' foar de kamera.

Doe't er santjin jier wie, besleat er it grûnwurk foar in karriêre as pornoakteur te lizzen troch om te gean mei fammen dy't konneksjes yn 'e pornoyndustry hiene. Fia-fia kaam er doe yn 'e kunde mei pornoaktrise Pamela Peaks, dy't him û.m. holp by it kiezen fan in gaadlike artystenamme. 'James Deen' wie in alternative stavering fan in âlde en heal fergetten bynamme fan sines dy't syn maten fan 'e middelbere skoalle him jûn hiene doe't er tolve jier wie, om't er smookte lykas akteur James Dean. It foel him lykwols earst noch net ta om in pornokarriêre oan 'e gong te krijen, mei't er, doe't er dêr yn 2004 mei úteinsette, kwealk achttjin jier wie en alhiel gjin ûnderfining foar de kamera hie.

Dean syn trochbraak kaam ein 2004, doe't Eon McKai him caste yn 'e film Art School Sluts. Yn 't earstoan wurke er benammen mei oan milfpornografyske films mei âldere aktrises as tsjinspylsters. Mei syn frij tingere lichemsbou falt Deen op tusken syn manlike kollega's, dy't oer it algemien in spierd uterlik hawwe. Dat hat foar him lykwols gjin behindering west om in grutte skare fans te garjen, dêr't, nei't it skynt, in protte tinerfamkes ûnder binne, in demografyske groep dy't yn 'e regel net daliks assosjearre wurdt mei it fandom fan 'e pornoyndustry. Sokke fans neame harrensels 'deenagers' (in wurdboarterij fan 'Deen' en 'teenagers'). Yn febrewaris 2012 stjoerde de Amerikaanske omrop ABC in ôflevering fan 'e aktualiteiterubryk ABC Nightline oer Deen út, mei as titel Porn's Boy Next Door ("De Buorjonge fan 'e Pornoyndustry"). Dêrfoar waarden sawol Deen as ferskaten fan syn jonge froulike fans ynterviewd. Ien fan 'e famkes omskreau him as de Ryan Gosling fan 'e pornoyndustry.

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hie Deen begjin 2017 yn mear as 2.300 ûnderskate pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Red Light District, VCA Pictures, Diabolic Video, Zero Tolerance, New Sensations, Adam & Eve, Hustler Video, Digital Sin, Vivid Entertainment, Jules Jordan Video, Evil Angel, Sin City, Elegant Angel, Digital Playground, Anabolic Video, Penthouse, ClubJenna, Shane's World, Wicked Pictures en Devil's Film. Fierders hat er ek wol wurke foar minder bekende studio's, lykas Pure Play Media, Third Degree Films, Metro, Legend Video, Mile High Media, Platinum X Pictures, Coast to Coast Video en LFP Video, Inc. En teffens hat er in protte yn 't spier west foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder Reality Kings, Brazzers, Naughty America en Kink.com. Njonken syn aktearwurk is Deen (fan 2008 ôf) ek de regisseur fan likernôch tweintich pornofilms, dy't útbrocht binne by û.m. Evil Angel en syn eigen, yn 2011 oprjochte produksjestudio James Deen Productions.

Oant en mei 2016 hie Deen mar leafst 13 prestizjeuze AVN Awards (de Oscars fan 'e pornowrâld) wûn, wylst er foar nochris 74 nominearre wie. Yn 2009, doe't er foar it earst de priis yn 'e kategory 'manlike artyst fan it jier' takend krige, wied er mei 22 jier de jongste winner fan dy priis ea. Yn 2012 wûn er dy priis op 'e nij. Fierders wûn er twaris de AVN Award yn 'e kategory bêste triosekssêne en twaris de AVN Award yn 'e kategory bêste groepsekssêne. Ek wûn Deen njoggen Xbiz Awards en acht XRCO Awards.

Under syn karriêre as pornoakteur wurke Deen gear mei froulike aktrises as Ava Addams, Asa Akira, Anikka Albrite, Britney Amber, Andi Anderson, Eva Angelina, A.J. Applegate, Davia Ardell, Asia, Cherokee d'Ass, Veronica Avluv, Bridgette B, Briana Banks, Cassidy Banks, Sarah Banks, Nyomi Banxxx, Lanny Barby, Belladonna, Lexi Belle, Yurizan Beltrán, Breanne Benson, Nikki Benz, Maya Bijou, Carmella Bing, Audrey Bitoni, Tori Black, Vienna Black, Julia Bond, Abby Lee Brazil, Summer Brielle, Amy Brooke, Ashlynn Brooke, Jenna Brooks (Bambi Bliss), Hunter Bryce, Casey Calvert, Charisma Cappelli, Mercedes Carrera, Lily Carter, Vicki Chase, Adriana Chechik, Renae Cruz, Courtney Cummz, Miko Dai, Daisy Marie, Claire Dames, Dana DeArmond, Sophie Dee, Devon, Skin Diamond, Gia DiMarco, Kelly Divine, Tiffany Doll, Noelle Easton, Alana Evans, Ariella Ferrera, Jada Fire, Ashley Fires, Erica Fontes, Alexis Ford, Shay Fox, Ana Foxxx, Diamond Foxxx, Havana Ginger, Keisha Grey, Sasha Grey, Holly Halston, Dillion Harper, Nina Hartley, Allie Haze, Jenna Haze, Jenny Hendrix, Audrey Hollander, Kylie Ireland, Jewels Jade, Franceska Jaimes, Nikita von James, Jesse Jane, Jade Jantzen, Sara Jay, Jayden Jaymes, Dani Jensen, Peta Jensen, Jenaveve Jolie, Julia Ann, Victoria June, Kortney Kane, Kagney Linn Karter, Anissa Kate, Katsuni, Kimberly Kendall, Kerry Louise, London Keyes, Austin Kincaid, Kayden Kross, Remy LaCroix, Ava Lauren, Dyanna Lauren, Melissa Lauren, Eve Laurence, Shayla LaVeaux, Francesca Le, Brooklyn Lee, Jayden Lee, McKenzie Lee, Sharon Lee, Leilani Leeane, Leyla Lei, Mia Lelani, Shawna Lenée, Yasmine de Leon, Sunny Leone, Lea Lexis, Alina Li, Rebeca Linares, Lisa Ann, Alexis Love, Sinnamon Love, Shy Love, Mya Luanna, Kendra Lust, Chastity Lynn, Gina Lynn, Krissy Lynn, Nyomi Marcela, Madelyn Marie, Tanner Mayes, Jynx Maze, Marie McCray, Gianna Michaels, Maxi Mikita, Mariah Milano, Memphis Monroe, Carmel Moore, Cayden Moore, Mason Moore, Tiffany Mynx, Valentina Nappi, Mya Nichole, Skyla Novea, Aletta Ocean, Bree Olson, Gabriella Paltrova, Teagan Presley, Priva, Alanah Rae, Priya Rai, Romi Rain, Roxy Raye, Veronica Rayne, Riley Reid, Rhylee Richards, Amy Ried, Abby Rode, Veronica Rodriguez, Kristina Rose, Sativa Rose, Natalia Rossi, Rachel Roxxx, Trinity St. Clair,Katie St. Ives, Savanna Samson, Andy San Dimas, Hillary Scott, Vina Sky, Dakota Skye, Aurora Snow, Saya Song, Kendra Spade, Charmane Star, Lela Star, Cindy Starfall, Bobbi Starr, Rachel Starr, Riley Steele, Jada Stevens, Misty Stone, Stoya, Delilah Strong, Shyla Stylez, India Summer, Puma Swede, Mika Tan, Alexis Texas, Teanna Trump, Flower Tucci, Angelina Valentine, Megan Vaughn, Juelz Ventura, Dana Vespoli, Vicky Vette, Taylor Wane, Kelly Wells, Sienna West, Jennifer White, Ricki White en Harmony Wonder.

Yn april 2013 naam Deen in pornografyske sêne op mei realitytillefyzjestjer Farrah Abraham, dy't bekend wurden wie fan it tillefyzjeprogramma Teen Mom. Deen sei letter dat him earst frege wie om te bearen dat er in echte relaasje mei Abraham hie, by wize fan trúk om 'e sekssêne in by fersin útlekte sekstape lykje te litten. Hy sei dat er dat wegere hie: "Ast in sekstape fan in ferneamde frou makkest en dwaan wolst as wie dat in amateur-home video, dan hierst dêrfoar net in bekende pornostjer yn." Ek yn 2013 naam Deen yn in hotelkeamer yn New York in sekssêne op mei Jenn Tisdale, in blochster en komediënne ferbûn oan 'e online-krante The Huffington Post, nei't sy yngien wie op in iepen útnûging fan him op Twitter. Tisdale wurke oan 'e sêne mei ûnder de skûlnamme Gwen Derringer, en it resultaat waard yn 2014 útbrocht as ûnderdiel fan 'e dvd James Deen's Sex Tapes: Hotel Sex.

Yn febrewaris 2013 rjochte Deen de webside en webwinkel JamesDeenStore.com op, dêr't behalven Deen syn films en seksboartersguod ek it kleanmerk Deen's Baby Panda ferkocht wurdt. Yn july 2013 wurke Deen fierders gear mei pornoaktrise Andy San Dimas, de pornografyske app store MiKandi en Xbiz, in online-krante oer de Amerikaanske pornoyndustry, om 'e earste pornosêne te meitsjen dy't opnommen wie mei in Google Glass-kamerabril. Binnen 24 oeren waard de sinsurearre trailer op YouTube mear as 1 miljoen kear besjoen. De ûnsinsurearre ferzje waard publisearre op 'e webside fan MiKandi.

Deen wie ek aktyf op it reitsflak fan 'e pornoyndustry mei de bredere Amerikaanske maatskippij. Yn septimber 2012 naam Deen diel oan in parsekonferinsje mei oare tsjinstanners fan 'e saneamde Maatregel B fan it bestjoer fan Los Angeles County, in wetsfoarstel dat de pornoyndustry ferplichtsje soe om tenei foar eltse sekssêne kondooms te brûken. Op dy parsekonferinsje stelde Deen de grûnwetlikens fan sa'n maatregel yn 'e kiif. Yn jannewaris 2014 joech Deen him by it doe krekt oprjochte Adult Performer Advocacy Committee (APAC), in organisaasje dy't pornoakteurs fertsjintwurdiget, him ynset foar de beskerming fan 'e rjochten fan pornoakteurs, tasjocht op it neilibjen fan 'e besteande regeljouwing foar de pornoyndustry en foarstellen foar nije regels docht as dy nedich binne. Deen hat as skathâlder en as foarsitter fan it APAC tsjinne.

Mainstream-karriêre Los fan yn wurk 'e pornoyndustry hat James Deen ek in eigen websearje presintearre mei as titel James Deen Loves Food. Dêryn gied er as resinsint by ferneamde restaurants del, mar ek by filialen fan fastfoodrestaurantkeatlings, om it iten te beoardieljen. Yn jannewaris 2013 brocht Deen fia in crowdfundingsaksje op 'e webside Kickstarter.com jild byinoar om 'e mainstream-steampunkwesternfilm Cowboys & Engines te meitsjen. De kampanje gie rom oer it yn 't foar stelde doel fan $100.000 yn 58 dagen hinne. Akteur Malcolm McDowell sei syn meiwurking ta oan 'e film. Ek yn 2013 spile Deen mei filmstjer Lindsay Lohan yn 'e mainstream-film The Canyons, ûnder rezjy fna Paul Schrader nei in senario fan Bret Easton Ellis.