Jean Johnson (folút: G. Jean Johnson; 17 febrewaris 1972) is in Amerikaansk skriuwster fan romans en koarte ferhalen dy't ta de sjenres fan 'e science fiction en fantasy hearre. Hja is benammen bekend wurden troch har militêre science fiction-romansearje Theirs Not to Reason Why. Ek is se de auteur fan 'e First Salik War-trilogy, in prequel fan Theirs Not to Reason Why. Johnson waard yn 2011 nominearre foar de Philip K. Dick Award yn 'e kategory bêste boek.
Libben en karriêre Johnson waard yn 1972 berne, en wennet op 't heden yn it Amerikaanske Noardwesten. Se hâldt fan sjongen, naaien, katten en flirten, en leart harsels om de fioele te spyljen. Fierders hat se al fan bern of oan in foarleafde foar skriuwen hân. Dêrby leit se har ta op 'e sjenres fan 'e science fiction en de fantasy, en subsjenres fan militêre science fiction oant paranormal romance. Faak fermingt se de ferskillende sjenres en/of subsjenres mei-inoar ta in gehiel eigen styl. Johnson is in skriuwster mei in tige hege produktiviteit, dy't yn 2008 bygelyks fjouwer ûnderskate romans útbrocht. Yn 2017 moast se it kalmer oan dwaan fanwegen sûnensswierrichheden.
Johnson briek yn 2007 troch mei de Sons of Destiny-rige, wêryn't se romantyk fermingt mei magy en byleauwe yn in ferhaal oer fjouwer twillingpearen fan bruorren dy't fanwegen in âlde flok ferballe wurde nei in eilân dêr't froulju net komme meie. Harren lotsbestimming nimt in hiel oare kear as dat immen ea tinke kinnen hie as de jongste broer fan 'e jongste twilling op in dei in frou rêdt dy't ôfkomstich is út in oare wrâld.
Har grutste súkses hie Johnson mei de romansearje Theirs Not to Reason Why, dy't ta de militêre science fiction rekkene wurde kin en yn 'e fiere takomst spilet, as de minskheid him ferspraat hat nei de stjerren. De haadpersoan, Ia, is bejeftige mei heldersjendheid en kriget fizioenen fan in skriklike ynvaazje dy't de minsklike beskaving ferneatigje en de Ierde ferrinnewearje sil. Ek al sil dat lang nei har eigen ferstjerren barre, dochs moat se no al tapakke om dy takomst foar te kommen. It earste diel fan 'e searje, A Soldier's Duty, waard yn 2011 nominearre foar de Philip K. Dick Award yn 'e kategory bêste boek.
De First Salik War-trilogy, út 2015-2016, is in prequel fan Theirs Not to Reason Why, dy't in pear iuwen foar de berte fan Ia spilet, yn it jier 2287. De haadpersoan Jackie MacKenzie kriget de opdracht om foar it earst yn 'e skiednis fan 'e minskheid kontakt te lizzen mei bûtenierdske wêzens, mar dat giet net sa't men dat ferwachte hie as bliken docht dat de earste 'bûtenierdsen' dy't Jackie oantreft de V'Dan binne, in groep minsken dy't yn 'e fiere prehistoarje op ûnbekende wize fan 'e Ierde nei in oare planeet ta oerbrocht binne. As Jackie dan ek noch fereale rekket op 'e V'Dan-prins Li'eth, moat se foaroardielen, diskriminaasje en oarloch oerwinne om kâns te meitsjen op in takomst mei him.
Wurk Romans Sons of Destiny-rige 2007 – The Sword 2007 – The Wolf 2007 – The Master 2008 – The Song 2008 – The Cat 2008 – The Storm 2008 – The Flame 2009 – The Mage 2011 – Finding Destiny Shifting Plains-duology 2009 – Shifting Plains 2012 – The Shifter Theirs Not to Reason Why-rige 2011 – A Soldier's Duty 2012 – An Officer's Duty 2013 – Hellfire 2014 – Hardship 2014 – Damnation Guardians of Destiny-rige 2013 – The Tower 2013 – The Grove 2014 – The Guild 2018 – The Temple Flame Sea-rige 2014 – Birthright (prequel-novelle) 2016 – Dawn of the Flame Sea 2016 – Demons of the Flame Sea 2017 – Gods of the Flame Sea First Salik War-trilogy 2015 – The Terrans 2015 – The V'Dan 2016 – The Blockade
Koarte ferhalen 2007 – The Master (publisearre yn 'e blomlêzing Elemental Magic, mei oare ferhalen fan Carol Berg, Sharon Shinn en Rebecca York) 2007 – Gifts of the Magi (publisearre yn 'e blomlêzing An Enchanted Season, mei oare ferhalen fan Erin McCarthy, Maggie Shayne en Nalini Singh) 2010 – Bedtime Stories (ferhalebondel) 2013 – The Hunter's Cabin (ûnderdiel fan de Vulland Chronicles; publisearre yn 'e blomlêzing Unbound, mei oare ferhalen fan Jennifer Ashley, Angela Knight en Hanna Martine)
Prizen en nominaasjes Jier Priis Resultaat Kategory Foar2011Philip K. Dick Awardnominearrebêste boek A Soldier's Duty
Keppelings om utens Offisjele webside fan Jean Johnson
Kategory:Amerikaansk romanskriuwer Kategory:Amerikaansk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Amerikaansk science fiction-skriuwer Kategory:Amerikaansk fantasyskriuwer Kategory:Persoan berne yn 1972