thumb|Fersetsmonumint Wolvegea It fersetsmonumint yn Wolvegea is in monumint ta oantins fan it Nederlânsk ferset yn de Twadde Wrâldoarloch.Beskriuwing by Nasjonaal Komitee 4 en 5 maaie.
Skiednis De Utertske byldhouwer Jan van Luijn krige yn 1947 fia arsjitekt D. Witteveen it fersyk in befrijingsmonumint foar Wolvegea te meitsjen. Neffens syn biografy neamde er it Eenheid tussen man en vrouw in de oorlogsjaren. (1995) Jan van Luijn : Beeldhouwer. Utert: Stichting Patina. ISBN 9090086137 Van Luijn makke ek fersetsmonuminten foar Appelskea en Ferwert.
It monumint waard op 3 maaie 1952 yn de tún fan it Hûs Lindenoard ûntbleate.
Beskriuwing De ûnûnderbrutsen bân yn de sokkel stiet symboal foar de ûnderdrukking yn de oarlochsjierren. Dêrboppe steane in man en in frou dy't de touwen om harren earms loslûke en elts mei in foet op in deltwongen draak stean.
Yn de sokkel is in tekst fan J.K. Dijkstra oanbrocht:
Kategory:Oarlochsmonumint yn Fryslân Kategory:Wolvegea Kategory:Monumint yn Weststellingwerf Kategory:Keunstwurk yn Weststellingwerf Kategory:Keunstwurk út 1952