De Dionysiustsjerke (of Tsjerke fan Slappeterp) is in tsjerkegebou yn Slappeterp yn de Fryske gemeente Waadhoeke.
Beskriuwing De rjocht sletten sealtsjerke yn ekspresjonistyske styl waard yn 1926 boud neffens úntwerp fan Hendrik Hendriks Kramer. De eardere herfoarmde en tsjintwurdige PKN-tsjerke ferfong in âldere tsjerke út 1826.Ljouwerter Krante, 15.07.2019 De foargonger fan 1826 ferfong wer de oarspronklike midsiuwske tsjerke fan Slappeterp, dy't yn 't lêst tige brekfallich wie.
It skip en it pseudotransept hawwe smelle finsters. De net-lidde sealtektoer hat in toeroerwurk mei keramyske wizerplaten. De tsjerke is in ryksmonumint.
Ynterieur It ynterieur fan de tsjerke is noch geef en falt op troch orizjineel materjaalgebrûk. Yn de foarhal hinget in diel fan in grêfstien mei in tsjelk en in hosty. It is de stien fan de lêste katolike pastoar fan Slappeterp, Cornelis Jans Borst, dy't yn 'e âldens fan 90 jier op 1 maart 1616 ferstoar. De pastoar bleau mei de reformaasje yn 1580 trou oan de Roomske lear en gie yn ballingskip, mar hy kaam werom en krige nei syn ferstjerren dochs in grêf yn de tsjerke.Skiednis fan Menameradiel, O. Santema, Y.N. Ypma, side 462, ISBN 90 6171 427 3
Yn de tsjerke is in soad gebrûk makke fan okerkleurich glazuere tegels, foar en efter de preekstoel ek de kleuren blau, grien en brún. Op de lessener fan de preekstoel is in wynstok fike. It mitselwurk efter de preekstoel symbolisearret de fiif boeken fan Mozes (Torah). De brânskildere ramen fan de tsjerke binne dekoratyf en yn de styl fan art deco.
De ferwulftribben einigje op konsoles mei ôfbylden fan de fjouwer evangelisten. Dy binne faaks fan de hân fan W.C. Brouwer.
Oargel It oargel út 1927 is makke troch Bakker & Timmenga.
Tsjerke en tsjerkhôf
Keppeling om utens Orgelsite: disposysje oargel
Kategory:Slappeterp Kategory:Tsjerkegebou yn Menameradiel Kategory:Tsjerkegebou yn De Waadhoeke Kategory:Ryksmonumint yn Menameradiel Kategory:Ryksmonumint yn De Waadhoeke Kategory:Bouwurk út 1926