Ethel Portnoy (8 maart 1927, Philadelphia (Feriene Steaten) — 25 maaie 2004, De Haach) wie in Nederlânsk skriuwster fan Amerikaansk-Joadsk komôf. Sy skreau essays, kollumns, koarte ferhalen, reisferhalen en in tal romans.
Biografy Ethel Portnoy waard berne yn Philadelphia, mar waard grutbrocht yn de Bronx yn New York as dochter fan Russysk-joadske ymmigranten. Nei in stúdzje letterkunde en Frânsk, ferfear se yn 1950 nei Jeropa, mei in Fulbrightbeurs foar de Universiteit fan Lyon. Teffens studearre se Kulturele antropology en argeology yn Parys, ûnder oare by Claude Lévi-Strauss. Yn 1951 troude se mei de skriuwer Rudy Kousbroek. It opbringen fan har twa bern en har wurk by de UNESCO naam in protte fan har tiid yn beslach; sadwaande kaam se net oan skriuwen ta. Fia Kousbroek moete se Remco Campert en Simon Vinkenoog, oare Nederlânske Vijftigers en ek leden fan de keunstnersgroep Kobra. Letter folge hja de kolleezjes fan semiolooch Roland Barthes, dy't har ûnder mear oantrune tan skriuwen yn de ik-foarm. Fan 1970 ôf wenne se yn De Haach.
Portnoy debutearre yn 1971, doe't se 44 jier wie, mei it boek Steen en been. Dêrnei ferskynden noch goed 25 boeken fan har. De útdrukking broodje aap (foar apokrive ferhalen dy't as wierbard trochferteld wurde) komt fan it titelferhaal yn in bondel stedsleginden fan Portnoy. Mei Hanneke van Buuren en Hannemieke Postma rjochte Portnoy it tydskrift Chrysallis op, dat him rjochte op feministyske literatuer. Yn 1991 krige Ethel Portnoy de Annie Romeinpriis fan it feministyske moanneblêd Opzij foar har hiele oeuvre.
Ethel Portnoy skreau yn it Ingelsk, mar fielde har Nederlânsk skriuwster. Har boeken waarden oerset troch har eks-man, harren dochter Hepzibah Kousbroek (1954-2009) en troch Tinke Davids. Dit is nei alle wierskyn de reden west dat se nea in Nederlânske literatuerpriis krigen hat, útsein de neamde Annie Romeinpriis.
Priuwke fan har wurk Holland is (fragmint fan in gedicht)
Holland is six kinds of weather per day Holland is enkele plaatselijke buien Holland is rain. ... Holland is narrow staircases Holland is zegels plakken Holland is gratis aanbieding met de fles - een plastic eierdopje. Holland is grey plastic garbage sacks Holland is bouwvakkersvakantie Holland is shops where ze hebben het wel, maar niet in voorraad. Holland is greeting-cards met de mond geschilderd Holland is somebody's verjaardag every other day Holland is buried under flowers like a corpse...
Wurk 1971 - Steen en been en andere verhalen 1974 - De brandende bruid 1978 - Broodje Aap. De folklore van de post-industriële samenleving 1978 - Belle van Zuylen ontmoet Cagliostro (toanielstik) 1981 - Het ontwaken van de zee 1983 - Vliegende vellen 1984 - Amourettes en andere verhalen 1984 - Vluchten 1985 - Een hondeleven 1986 - De Geklede Mens 1986 - De lifter en andere verhalen 1987 - Dromomania 1989 - Opstandige vrouwen 1990 - Rook over Rusland 1991 - De eerste zoen 1992 - Europese Kusten (tegearre mei Martin Kers) 1992 - Gemengde gevoelens 1992 - Madonna's Appel (froulju en de media) 1992 - Broodje Aap Met 1993 - Altijd Zomer (roman) 1994 - Overal Thuis (reisferhalen) 1996 - Bange Mensen (roman) 1998 - Genietingen 2000 - Zielespijs en wat verder ter tafel komt 2003 - Portret (autobiografysk) 2004 - Parijse Feesten 2004 - Vijf onbekende zaken van Sherlock Holmes 2009 - Machines en emoties (briefkerij tusken Willem Frederik Hermans, Rudy Kousbroek en Ethel Portnoy)
Portnoy skreau foar de Haagse Post, NRC Handelsblad, Maatstaf en Vrij Nederland
Literatuer : Ethel Potnoy: Informatie. Meulenhoff, Amsterdam 1984 : Ethel Portnoy: Een bibliografie. Lippens, 1986
Keppelings om utens Wurk fan Portnoy yn de DBNL Portnoy op de webside fan keunsthistoarikus Gary Schwartz
Kategory:Nederlânsk letterkundige Kategory:Nederlânsk romanskriuwer Kategory:Nederlânsk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Nederlânsk reisferhaleskriuwer Kategory:Nederlânsk essayist Kategory:Nederlânsk kollumnist Kategory:Amerikaansk letterkundige Kategory:Amerikaansk romanskriuwer Kategory:Amerikaansk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Amerikaansk reisferhaleskriuwer Kategory:Amerikaansk essayist Kategory:Amerikaansk kollumnist Kategory:Amerikaansk persoan fan Joadsk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Russysk-Joadsk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Amerikaansk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Joadsk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Amerikaansk-Joadsk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Russysk-Joadsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1927 Kategory:Persoan stoarn yn 2004