De D.A. Thiemepriis is in priis dy't ynsteld is foar in persoan of organisaasje dy't in útsûnderlike prestaasje levere hat yn of om it Nederlânske boekefak.

It D.A. Thiemefûns is yn 1879 oprjochte troch freonen fan D.A. Thieme, in wichtige útjouwer yn syn tiid. De priis, dy't ûnregelmjittich útrikt wurdt, bestiet út in sertifikaat en in gouden peinje mei ynskripsje.

It fûns wurdt beheard troch it bestjoer fan de Keninklike Feriening fan it Boekefak.

Laureäten 1881 - Carel Vosmaer 1884 - Pieter Louwerse 1887 - Leendert Burgersdijk 1888 - H.D. Tjeenk Willink 1889 - Louis Couperus 1896 - Willem Kloos 1905 - A. Pit 1911 - Carel Steven Adama van Scheltema, 1920 - Johan Huizinga 1924 - N.V. Martinus Nijhoff's Boekhandel en Uitgevers Mij 1926 - J.W.F. Werumeus Buning 1932 - J.H. Gunning Wzn. 1935 - W.L. & J. Brusse's Uitgevers-Mij. 1938 - Adriaan Roland Holst 1947 - A.A.M. Stols 1947 - N.V. Em. Querido's Uitgevers Mij. 1950 - Klaas van der Geest 1953 - G.A. van Oorschot 1956 - Casper Höweler 1959 - N.V. Uitgevers Mij. Elsevier 1962 - W. Banning 1965 - Paul Brand 1990 - Dick Bruna 2003 - Caesarius Mommers 2005 - Aad Nuis 2006 - Wim Karssen

Kategory:Nederlânske literatuerpriis Kategory:Priis of ûnderskieding ynsteld yn 1879