Noardeast-Fryslân (Kollumerlânsk, Pompstersk en Nederlânsk: Noordoost-Friesland; Dokkumersk en Kollumersk: Noardoast-Frysland, Wurdlisten fan 'e Fryske Stedsdialekten, Ljouwert, 1998 (Fryske Akademy), ISBN 9 06 17 18 600, s. 66, 114, 116.) is in gemeente yn it noardeasten fan Fryslân. Dizze gemeente ûntstie by in gemeentlike weryndieling op 1 jannewaris 2019 út 'e eardere gemeenten Dongeradiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân en Nijkrúslân.Noardeast-Fryslân nieuwe gemeentenaam, op de gemeentlike webside fan Kollumerlân. Op hie Noardeast-Fryslân ynwenners (boarne: CBS).

Namme De namme 'Noardeast-Fryslân' waard op 30 maart 2017 fêststeld troch de gemeenterieden fan Dongeradiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân en Nijkrúslân, nei't dêroer in referindum holden wie ûnder de ynwenners fan 'e trije gemeenten. By dy folksriedplachting waarden trije nammen oan it elektoraat foarlein; de oare beiden, dy't it ôfleine tsjin 'Noardeast-Fryslân', wiene 'Dokkumerlân' en 'Ie- en Lauwerslân'. De gemeente hat offisjeel gjin Nederlânske namme.

Skiednis Oarspronklik wie it de bedoeling dat behalven Dongeradiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân en Nijkrúslân ek de gemeente Dantumadiel opgean soe yn Noardeast-Fryslân. De neamde fjouwer gemeenten fúzjearren dêrta op amtlik nivo op 1 jannewaris 2017. Dantumadiel loek him lykwols letter werom út 'e plande bestjoerlike fúzje., Inwoners Dantumadiel denken mee over nieuwe burgemeester, yn: de Dokkumer Krante, 19 april 2017.

Sadwaande bleau Dantumadiel ek nei 1 jannewaris 2019, doe't Noardeast-Fryslân ûntstie, selsstannich, mar sûnder eigen amtlike organisaasje. De gemeente behold in gemeenteried, in eigen kolleezje fan boargemaster en wethâlders en in eigen gemeentesekretaris, mar makke fierders gebrûk fan 'e amtners fan Noardeast-Fryslân. Dat wie foar net ien fan beide gemeenten in befredigjende sitewaasje. Dantumadiel woe mear sels beslisse en Noardeast-Fryslân ûnderfûn de soarch foar Dantumadiel as in bongel oan 'e foet. Yn 2020 rûn de gearwurking troch argewaasje yn Dantumadiel hast op 'e non, mar it spul waard delbêde troch foar dy gemeente binnen it amtlik apparaat fan Noardeast-Fryslân in fêst team amtners gear te stallen.

Ynstee dat soks de gearwurking flot loek, smiet it nije swierrichheden op. Yn Dantumadiel befoel it dusdanich goed, dat men útwreiding fan it team hawwe woe. Yn Noardeast-Fryslân soarge it foar in wy-sy-tsjinstelling binnen de eigen amtnerij dêr't men net bliid mei wie. Der waard in ûnôfhinklik ûndersyk útfierd troch Advysburo Van de Laar út Eindhoven, dat konkludearre dat Dantumadiel de eigen groeiende ambysjes nei ûnderen bystelle moat en dat Noardeast-Fryslân fleksibeler omgean moat mei de gearwurking. Foar beide gemeenten wie dat in brêge te fier. Ynstee waard besletten in punt te setten efter de gearwurking: nei in twajierrige oergongsperioade hat Dantumadiel fan 1 jannewaris 2024 ôf wer in eigen amtnerij.

Plakken De gemeente Noardeast-Fryslân bestiet út ien stêd (Dokkum) en 52 doarpen (offisjele wenkearnen). Dokkum is fierwei it grutste plak en fanwegen syn min ofte mear sintrale lizzing waard it ek it haadplak en bestjoerssintrum fan Noardeast-Fryslân.

Doarpen en stêd +PlaknammeOantal ywennersAldwâld820Augsbuert-Lytsewâld80Blije840Boarnwert110Boerum (Frysk en Kollumerlânsk; Nederlânsk en offisjeel: Burum)615Brantgum240Burdaard1.175Dokkum13.040Ealsum (Nederlânsk en offisjeel: Aalsum)115Eanjum1.160Eastrum180Easternijtsjerk930Feankleaster110Ferwert1.830Foudgum70Ginnum90Hallum2.670Hantum390Hantumerútbuorren70Hantumhuzen220Hegebeintum85Holwert1.590Ie835Ingwierrum570Jannum53Jislum65Jouswier40Kollum5.790Kollumersweach2.987Lichtaard59Ljussens390De Lytse Jouwer60Marrum1.385Mitselwier860Moddergat220Moarre235Muntsjesyl (Kollumerlânsk: Muntjeziel; Nederlânsk en offisjeel: Munnekezijl)476Nes365Nijewier370Peazens210De Pomp (Frysk en Pompstersk; Nederlânsk, Frysk en offisjeel: Kollumerpomp)470Raard215Reitsum135Sweagerbosk535Ternaard1.325De Trieme325Waaksens (Nederlânsk en offisjeel: Waaxens)40Wânswert219Warfstermûne (Kollumerlânsk: Warfstermeul; Nederlânsk: Warfstermolen)200Westergeast625Wetsens55 De ywenners komme út 2024, boarne: https://allecijfers.nl/

Buorskippen De folgjende buorskippen lizze yn de gemeente Noardeast-Fryslân: Ald Terp, Aldwâldmersyl, Bartlehiem (diels), Barwegen, Beintemahûs, Berchhuzen, Betterwurd, Bierum, Boarnemear, Boarnwerterhoeke, Boarnwerthuzen, Boatebuorren, Bollingwier, Brânbuorren, Bûnte Hûn, Bûterherne, De Dellen, Dykshoarne, Elba, Farebuorren, Fetse, Fiifhuzen, Fiifhuzen, Fiskbuorren, De Fjellingen, Fjildbuorren, Grut Midhuzen, Hallumerhoeke, Hanenburch, Hantumerhoeke, Healwei, Hoarnwier, Hústernoard, Iesumasyl, Jewier, Kahoal, Keallesturt, Keatlingwier, De Kegen, Keimpewier, Kletterbuorren, Koaterhuzen, De Kolk, Kollumer Aldsyl, Kopkewier, Krabbuorren, Langgrou, Leechlân, De Leechte, Lyts Midhuzen, Lytse Leard, Lytse Wier, Medwert, Memert, Mûnebuorren, Nesser Grou, Nijhûs, Nijlân, De Oere, Pantsjewier, Raarderterp, De Reidswâl, De Ryp, Ropta, Sânbulten, Sânhuzen, Sibrandahûs, De Skâns, Skernehuzen, It Skoar, Spriens, Stiem, It Stienfek, Stienharst, Sudermieden, Swarte Mosk, Teard, Ter Lune, Tergrêft, Terstêd, Teyebuorren, De Tibben, Tilbuorren, Tiltsjebuorren, Trijeboerehuzen, Tsjessens, Tsjissebuorren, Utlân, Weard, Weardebuorren, De Weide, Westerbuorren, Westernijtsjerk, Wie, De Wygeast, De Wym, De Wurden en Wurdsterterp.

Taal Yn Noardeast-Fryslân wurde behalven Frysk en Nederlânsk ek twa Stedske dialekten (Dokkumersk en Kollumersk) sprutsen, mei dêropta twa Nedersaksyske dialekten, te witten: Kollumerlânsk en Pompstersk.

Op 10 septimber 2020 besleat de gemeenteried fan Noardeast-Fryslân op foarstel fan 'e FNP-fraksje unanym ta de ynfiering fan Frysktalige plaknammen yn 'e hiele gemeente. Foartiid wiene inkeld de offisjele plaknammen yn it âlde Ferwerderadiel Frysktalich, wylst yn it eardere Dongeradiel en Kollumerlân Nederlânsktalige plaknammen offisjeel wiene., Noardeast krijgt Friese plaatsnamen, yn: de Ljouwerter Krante, 11 septimber 2020, s. 24.

Flaggen en wapens

Wapens

Flaggen

Oare wapens en flaggen De plakken Blije, Burdaard, Ginnum, Hantumerútbuorren, Jannum, Jislum, Lichtaard, Reitsum en Wânswert ha gjin wapen of flagge.

Ferkear en Ferfier Wegen Noardeast-Fryslân hat in oantal N-wegen binnen de gemeente dy’t funksjonearje as wichtige ferkearsaders troch de regio hinne. Dizze N-wegen binne: N356: Nyegea - Dokkum (wurdt koart ûnderbrutsen troch N361 by Dokkum) - Holwert N357: Ljouwert - Holwert N358: Fryske Peallen - Bûtenpost - Holwert N361: Tytsjerk - Dokkum - Lauwerseach - Winsum Gr. - Grins N910 (Trekwei): Gerkeskleaster - Dokkum

De boppesteande N-wegen slute op harren beurt oan op de gruttere ferkearsaders: A7 / A31 / A32

Iepenbaar Ferfier De gemeente hat fansels in grut tal ferskillende iepenbierferfierslinen – tefolle om allegear op te neamen. Dêrom hjir in seleksje fan in pear wichtige ferbiningen binnen de gemeente:

Bus Line 51: Ljouwert – Readtsjerk – Dokkum – Eanjum – Lauwerseach (foar de fear nei it eilân Skiermûntseach) Line 66: Ljouwert – Holwert Feardam (foar de fear nei it eilân It Amelân) Line 355 (HOV): Boalsert – Wommels – Dokkum – Ljouwert Line 356 (HOV): Dokkum – Feanwâlden – Drachten

Boat Holwert Feardam – It Amelân De Skâns-Oostmahorn – Skiermûntseach

Spoar Line RE1 (Sneltrein): Ljouwert – Feanwâlden – Bûtenpost – Grins Line RS1 (Stoptrein): Ljouwert – Ljouwert-Kammingabuorren– Hurdegaryp – Feanwâlden – De Westereen – Bûtenpost – Grypskerk – Súdhorn – Grins

Polityk Waarnimmend boargemaster fan Noardeast-Fryslân wie it earste jier Haijo Apotheker fan D66. Begjin jannewaris 2020 is er opfolge wurden troch de eardere FNP-deputearre Johannes Kramer.

De gemeenteried fan Noardeast-Fryslân bestiet út 29 sitten. Op 21 novimber 2018 fûnen der fanwegen it oprjochtsjen fan 'e nije gemeente (tuskentiidske) weryndielingsferkiezings plak foar de gemeenterie fan Noardeast-Fryslân. De útslach fan dy en lettere ferkiezings wie sa:

partij ferkiezings 2018 Gemeenteraad 21 november 2018, Kiesraad ferkiezings 2022 Gemeenteraad 16 maart 2022, Kiesraad stimmen % sitten stimmen % sitten FNP 2.633 16,0% 5 4.643 23,5% 8 S!N S!N = Sosjaal yn Noardeast-Fryslân 2.188 13,3% 4 4.299 21,8% 7 CDA 3.763 22,9% 7 2.769 14,0% 4 KristenUny 2.062 12,6% 4 2.286 11,6% 4 BVNL BVNL = Belang van Nederland 1.660 8,4% 2 PvdA 1.570 9,6% 3 1.436 7,3% 2 GBNF GBNF = Gemeentebelangen Noardeast-Fryslân 1.068 6,5% 2 1.121 5,7% 1 VVD 1.931 11,8% 3 909 4,6% 1 Actief Lokaal 321 1,6% 0 Waddenpartij 257 1,6% 0 296 1,5% 0 ELP-NEF ELP-NEF = Earste Lokale Partij Noardeast-Fryslân 947 5,8% 1 ûnjildich & blanko 46 0,3% 57 0,3% totaal 16.465 29 19.797 29 opkomstpersintaazje 46,4% 54,5%

Kategory:Gemeente yn Fryslân Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 2019