Habermann (Tsjechysk: Habermannův mlýn) is in Dútsk-Eastenryksk-Tsjechyske filmproduksje út 2010. De histoaryske film giet oer de skiednis fan de ûndernimmer en Sudetendútser August Habermann yn de Twadde Wrâldkriich en is basearre op de roman Habermanns Mühle (Tsjechysk: Habermannův mlýn) fan de Tsjech Josef Urban.
Ferhaal August Habermann hie yn de jierren 1930 de lieding oer in houtseagerij. Op de houtseachmûne fan de Folksdútser, in echt famyljebedriuw, wurken net allinnich Dútsers mar wiene ek in soad wurknimmers fan Tsjechysk komôf. Habermann hie in soad oansjen yn it doarp en troude krekt foar de Dútske ynfal yn 1938 mei de kreaze frou Jana. Hja wie by de nonnen grut brocht en tawijd katolyk, mar wat hja sels net wit is dat har heit fan joadske komôf wie en dat hja neffens de rassewetten fan de nazy's offisjeel as in healjoad klassifisearre waard.
Fan ôf it momint dat it Tredde Ryk it Sudetelân heim ins Reich hellet, komt der in ein oan it fredige bestean yn it doarp. Mei de komst fan Sturmbannführer Koslowski brekt in perioade fan ferdieling en geweld oan. Der ûnstiet yn de mienskip in djippe kleau en Habermann, dy't net ynteresearre is yn polityk, komt tusken de fronten fan de ferskate groepen te stean. Foar de nazy's jildt Habermann as ien dy't it mei de Tsjechen hâldt en foar de Tsjechen is Habermann in besetter woarn.
Nei't de nazy's ferdreaun binne, folget der in nije weach fan geweld en no foarmje de Tsjechen de dieders en de Sudetendútsers it slachtoffer. It ûnrjocht tsjin de Sudetendútsers is in tema dat mei ferfilming fan de roman fan Josef Urban foar it earst op it wite doek breder omtinken krige.
Rolverdieling Mark Waschke - August Habermann Hannah Herzsprung - Jana Habermann Wilson Gonzalez Ochsenknecht - Hans Habermann Karel Roden - Karel Březina Franziska Weisz - Martha Březina Ben Becker - Koslowski Erika Guntherova - doarpsynwenner Andrej Hryc - Hartel Zuzana Kronerová - Eliška
Underskiedings Bayerischer Filmpreis (bêste regy en bêste akteur) Der Stern Earste priis fan it Jewish World Film Festival 2010.IBDb Underskieden mei it "Prädikat Besonders Wertvoll" fan de Deutsche Film- und Medienbewertung.FBW Filmbewertung
Keppeling om utens IMDb Habermann
Kategory:Dútske dramafilm Kategory:Dútske oarlochsfilm Kategory:Dútske histoaryske film Kategory:Eastenrykske dramafilm Kategory:Eastenrykske oarlochsfilm Kategory:Eastenrykske histoaryske film Kategory:Tsjechyske dramafilm Kategory:Tsjechyske oarlochsfilm Kategory:Tsjechyske histoaryske film Kategory:Histoaryske oarlochsfilm Kategory:Dútsktalige film Kategory:Tsjechysktalige film Kategory:Film út 2010 Kategory:Film oer de Twadde Wrâldkriich yn Jeropa en Afrika Kategory:Film oer nazy-Dútslân Kategory:Film basearre op in literêr wurk